te'n ein is, mar hoesa en wêrom?
Ta de moaiste ferhalen yn de bondel rekkenje ik ‘Duisterwinkel’ en ‘De reinwettersbak’, út respektivelik 1996 en 1998. Yn ‘Duisterwinkel’ kriget Elle Clewitz, in autosloper, it oan 'e stok mei de miljeu-ynspeksje. It konflikt spitst him ta op miljeu-ynspekteur Duisterwinkel. Clewitz en Duisterwinkel, it binne bûtenwenstige, driigjend klinkende nammen dy't tinken dogge oan guon personaazjes fan Ferdinand Bordewijk, Katadreuffe en Dreverhaven bygelyks. Der wurde trouwens wol gauris obskuere nammen brûkt yn dizze bondel: Heartse, Nutte, Weal, Welmer, Einte, Bieuwkje, Jinne, Fouke - allegear nammen dy't men net alle dagen heart.
Clewitz kontra Duisterwinkel: in Bordewijkiaanske clash of the titans? No nee, dêrfoar is Clewitz te lyts yn syn tinken en syn dwaan. De figueren fan Bordewijk binne sterke, konsistinte persoanlikheden; yn har hanneljen litte se har liede troch in izeren konsekwinsje. Clewitz hannelt út drift, slacht op 'e kletter en is dan net mear te stuitsjen. Duisterwinkel hat, nettsjinsteande de driging dy't fan syn namme útgiet, net folle om by te setten en is in maklik en warleas slachtoffer.
Clewitz is dus in opljeppen baaske, koart foar de kop, ien dy't it der net by sitte lit, net lyts te krijen en dat docht dochs wer tinken oan de izerfretters fan Bordewijk. Boppedat komt je ek Bordewijk syn ‘gewapend beton stijl’ yn it sin, want Van der Ploeg hat syn wize fan fertellen prachtich oanpast by it karakter fan syn personaazje - stakkato, in mitrailleursalvo: ‘Yn him groeide in lulkaardige langst nei wraak. Hy fielde oan 'e terms hoe't de haat him fulkanysk ferdjippe.’ ‘Hieltyd kaam dy ferlamjende lulkens wer by him boppe. De lont luts him as in senuw troch de rêch.’
Clewitz is in hurdenien, in fjoerfretter, en as sadanich net direkt typearjend foar de personaazjes fan Van der Ploeg. ‘Faak sille we yn syn wurk de kwetsbere man oantreffe,’ skriuwt Jabik Veenbaas yn syn essay oer Van der Ploeg, ‘dy't it libben amper oan kin en in isolearre posysje ynnimt oan 'e râne fan 'e mienskip.’ By neier ynsjen foldocht Clewitz dochs mear oan dizze typearring as op it earste gesicht it gefal like. Mei syn autosloperij earne bûtenút, libbet er ommers net allinne letterlik mar ek sosjaal oan 'e râne fan 'e mienskip. En yn wêzen is er ek kwetsber, in ferliezer, dy't de striid mei de miljeu-ynspeksje lang net oankin, dy't beseft hoe't syn hannel nei de barebysjes holpen wurdt troch alle nije foarskriften, regels en easken. Syn lulkens en syn wanhoop driuwe him ta moard en ek dat is by Van der Ploeg net ûngewoan. Dat er nei de die net snipt wurdt en der sûnder straf foar wei komt, is allikemin nij yn it wurk fan Van der Ploeg. It skuldmotyf, dat yn it wurk fan Van der Ploeg oers sa'n grutte rol spilet, komt yn dit ferhaal lykwols net oan 'e oarder, al soe men de slotsin, dy't oanjout dat Clewitz der fanwegen de drank ûnderstrûpt is, as in oanwizing yn dy rjochting sjen kinne.
Mear as ‘Duisterwinkel’ liket ‘De reinwettersbak’ ôf te wiken fan it by Van der Ploeg fertroude stramyn. De ik-ferteller hat it oer syn heit en mem en har problemen mei de reinwettersbak. Heit en mem wennen bûtendyks. Om't it wetter sa sâltich begong te smeitsjen, tochten se dat de wetterbak lekte. Dy lekkende reinwettersbak en wat je dêr oan dwaan moatte, de âlde bak repareare of in gat grave foar in nije bak, en hoe djip at je dêrby gean moatte - it binne allegear problemen dêr't heit en mem wiidweidich en ûnfersteurber oer trocheamelje kinne en dat soarget foar prachtige dialogen:
Op in dei sei ús mem en se naam in swolch fan it bakswetter: ‘Dat wetter smakket earne nei en ik wit net wat.’ Se makke priuwende bewegings mei