Wetter guorrelt rap om de stiennen
Syta Palma
Tine Bethlehem en Elske Riemersma, Wetter en stien. Foarmjouwing Gert Jan Slagter. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert 2001. 58 siden. f 24,50.
De gedichten fan Tine Bethlehem komme diskear net ‘út de reade breatromp fan mem’, lykas de fersen út har sammelbondel Swietroken en koperblazers. Fersen 1995-1955. Har twadde dichtbondel is yllustrearre mei foto's fan Elske Riemersma. It boekje eaget prachtich moai en is fanwegen de twataligens foar in soad minsken tagonklik.
Yn it yntrodusearjende fers ‘Hoesa’ fertelt de dichteres hoe't Elske Riemersma en sy op in stuit yn 'e gaten krigen dat se mei deselde tema's dwaande wienen. Doe hawwe se mar besletten om tegearre in bondel te meitsjen. Ik nim mar oan dat dy yntro, troch de foarm en de kadâns, ek as gedicht bedoeld is. De rigels binne lykwols te lang en besteane út min of mear saaklike wurden, dy't jin wat dreech op 'e mage lizze. De Hollânske oersetting mei de wurden: ‘grenzen en overschrijdingen daarvan’, leit noch dreger.
‘Yllúzje’, it twadde fers, begjint sterk. It beskriuwt de muoisume striid fan in dichter mei syn materiaal:
'k Haw op it stielen wurd slein
hammere oant it readgleon wie;
it hat systere yn kâld wetter
en ik haw slein en slein.
It twadde kûplet giet dan fierder mei in moaie alliteraasje: ‘En it wurd waard waarm op 'e nij’. Yn de Hollânske oersetting wurdt it fers wat knoffelich: ‘'k Heb het stalen woord geslagen / gehamerd tot roodgloeiend;’ De earste rigel fan it twadde kûplet hat in komysk effekt op 'e lêzer: ‘En het woord is warm geworden’.
‘Net sizze’ is in alderaardichst gedicht oer bûterblommen. De rigels binne koart holden en kinne sa de ynhâld yntinsivearje. Yn it twadde kûplet heart men foaral de bylûden ‘k’ en ‘j’ en it foarlûd ‘i’ yn de wurden weromkommen. Se hawwe in lichte toets en se roppe yn dit fers dan ek it foarjier op:
fan boeketten goudkomkes.
Yn de begjinrigels fan ‘Simmers ein’ spilet it bylûd ‘s’ in wichtige rol. Men heart dêrtroch in soarte fan flústertoan, wylst de ‘ch’ en de ‘g’ yn kombinaasje mei de ‘r’ in dimjende funksje yn dizze kontekst hawwe, lykas it middenlûd ‘u’. Men fielt de sfear fan de fuortgeande simmer.
Al dy sfearbepalende lûden mis ik yn 'e Hollânske gedichten. It twadde kûplet fan ‘Brief’ is wat dat oanbelanget in útsûndering:
rechtgetrokken voren bruine aarde
By de oanhef fan it fers ‘Drienerbeek’ siet de dichteres, tinkt my, goed yn it fak. De tema's wetter en stien komme hjir alhiel ta har rjocht,