Tegels
Meinou P.
Op in middei tusken Sinteklaas en Krysttiid moast ik yn it lytse doarpke R. wêze. Ik hie it wol oan tiid en dêrom probearre ik in alternative rûte. Dat hie wol fan gefolgen dat ik hieltyd foar paden kaam te stean dêr't ik mei de auto net lans koe, of foar dykjes dy't einigen op it hiem fan in pleats. Foar myn gefoel rekke ik hieltyd fierder fan myn doel ôf, mar dat makke my neat út. It wie as ried ik yn myn read Peuzjoke yn in folslein ûnbewenne, hielendal griis Fryslân om. Ik woe wol altyd sa trochride, ik hie frede mei alles en elkenien. It waar wie net sa't men it hawwe wol yn desimber, mar, betocht ik wylst ik foar in ein útwiek, alle waar is wol desimberwaar.
Nei wer in T-splitsing en in hânwizer dêr't R. net op oanjûn stie, seach ik him stean. De krystman. Hy swaaide wyld nei my mei syn puntmûtse. Fansels wie it earste wat yn my opkaam dat ik hallusinearre, mar it wie mar goed dat myn hanneljen dêr net neffens wie, oars hie ik net sa fluch op 'e rem stien doe't er foar de auto sprong om my mar stilhâlde te litten. Foar't ik it rútsje oan 'e passazjierskant nei ûnderen draaid hie, siet er al nêst my.
‘Sit ik op har taske, leave?’ sei er. Hy gûchele it ûnder de reade jas wei en goaide it op 'e achterbank. ‘Hoechst net te skrikken, hear. Alhoewol, moatst wol útsjen. In krystman is ek mar ferklaaid!’ Hy gniisde dom. Ik seach dat er wrede eachjes hie boppe in sloarderich burd, dat frjemd kontrastearre mei syn eigen hier. Ik woe dat ik dy doar op slot hân hie.
‘Ik hie gjin kar, wol? Jo ha my neat frege.’
‘Ik moat om trije oere by de Lidl wêze te S. Ik ha pech mei de auto. En hie ik no dat ferdomde pak net alfêst mar oandien! Ik skamje my dea! Moat sy ek nei S.? De Lidl betellet de kilometers wol.’
Ik seach dat it kertier foar trijen wie. In krystman is in krystman, tocht ik en luts wer op.
Hy snuet him lûd de noas - sûnder te sjen wist ik dat der snot yn syn snor siet -, klaude him yn it krús en fertelde hoefolle er fertsjinne en dat er der hast neat foar hoegde te dwaan. Allinnich mar sa no en dan ris ‘ho, ho, ho’ roppe en flink klingelje mei in krystbel, dat wie it wol sawat. Dat der wolris bern wienen dy't bang fan him waarden, dêr hie er de measte wille om.
Syn sweager wie sjef by de Lidl en hie him oan it baantsje holpen. En it wurke, de omset wie stikken heger.
By de kleurige winkel oankommen krige er haast. ‘Merry Christmas!’ rôp er noch doe't er de auto al út wie. ‘Jo ek’, andere ik wat smeulsk, mar dat hearde er fansels net mear.
Ik sette ôf nei R. No it gewoane paad lâns. Myn fredige desimbergefoel wie ferdwûn. Dat hast derfan, tocht ik. Wa bringt no in krystman nei de Lidl?