Tsien Geboaden foar it Frysk? (2)
Wat opfalt oan de Tsien Geboaden foar it Frysk is de freonlikens. Nim no it fiifde gebod. At immen mar wat omgriemt mei it Frysk dan mei ik him net útgnize. Nee ik moat foaral begryp toane en der hoeden mei omgean ek by de grutste argewaasje. As in folleard psycholooch moatte je dy oare, leafst op in wat lijerich toantsje, moed ynsprekke: ‘Gean troch op dizze swiere wei dy'tst no al wer tweintich jier giest jonge, do komst der wol.’ In brimstich persoan, dy't stiet te seuren dat buorman no al wer sa lang yn Fryslân wennet, kin better mar nei Kanada ferhúzje. Dêr prate se noch wol geef Frysk. Posityf, dat moat de ynstek wêze, jo hannelje al gau yn striid mei de Tsien Geboaden, en dat moatte wy net ha. Sa libje we allegearre noch lang en lokkich en komme wy gjin stap fierder.
De Bibel brûkt ek net sa'n omhaal fan wurden om dúdlik te meitsjen wêr't it om giet. Jo kinne in lang ferhaal brûke om de eigenskippen fan besit en besitsfoarming filosofysk te benaderjen, mar yn de Bibel stiet gewoan: ‘Gij zult niet stelen.’ Klear. In helder boadskip. Sa moatte wy mei it Frysk ek. Koart en dúdlik sizze wat wy wolle. ‘Praat Frysk.’ Mear hoecht net. Mei al te folle braafheid fersterke jo allinne it folkloristyske gefoel by de oar en wurdt it Frysk net stimuleare. Dat gebeurt allinne by selsbewust oansprekkend gebrûk fan ik Frysk lykas yn 'e popmuzyk bygelyks. Of yn 'e film. It wurket: ‘Wês net te benaud. Praat Frysk.’
Cor Hofstra