is altiten fout.’ Ik lit de heldhaftichheid gewurde, mar dúdlik is dat foar Riemersma ‘rekken hâlde mei it publyk’ en ‘it publyk nei de bek skriuwe’ synonym binne. Ik hoech net flau te dwaan om te bewearen dat yn feite elke skriuwer rekken hâldt mei it publyk - in boek moat ommers lêsber wêze. Dêr komt by dat ek in skriuwer dy't de lêzers tsjin de hierren ynstrike wol, it publyk foar him hat en dus as in faktor beskôget. Mar goed, de echte kronkel sit 'm yn 'e automatise en twingende relaasje dy't Riemersma leit tusken twa grutheden fan ferskillende oarder: oan 'e iene kant skriuwtechnise aspekten, oan 'e oare kant de ynhâld fan it ferhaal.
It is sûnder mis wier dat der hiel wat berneboeken ferskine dy't in didaktys doel tsjinje, lykas kultueroerdracht, lêsbefoardering, it fergrutsjen fan de taalskat en promoasje fan it Frysk. Riemersma sjocht dêr it nut wol fan yn, mar fierder kwalifisearret er sokke útjeften as ‘aardige boekjes’. Ek no is er net by de tiid bleaun, oars hie er witten dat edukative útjouwers hieltyd faker literêre skriuwers ynhiere om har fûnslisten glâns te jaan - in proses dat skoften lyn al yn gong set is. Didaktise en sels pedagogise kaders wjerhâlde Wolters-Noordhoff en Zwijssen alhiel net fan it útjaan fan eigentiidse, net selden kritise en soms ‘drege’ boeken. Literêre kwaliteit stiet foarop. Hoe oars ek soene se skriuwers fan namme oan har bine kinne? En de Zwijssen-boekjes foar begjinnende lêzers toane oan dat ek binnen de grutste beheining fan taal noch juwieltsjes fan ferhalen te skriuwen binne.
En dan ha ik de útjouwers dy't net spesifyk op it ûnderwiis rjochte binne noch net iens neamd. Guon jouwe leafst, krekt lyk as guon edukative útjouwerijen, triviale berneboeken út; oaren binne ambisjeuzer. Ik woe mar sizze: de skieding tusken wat Riemersma ‘literatuer’ en ‘didaktise lêsstof’ neamt, rint net tusken algemiene útjouwerijen en dy fan skoalboeken. Dy skieding, dy't ‘de berne- en jongereinboekelju’ neffens Riemersma net meitsje, is my trouwens parmantich genôch. Persoanlik beskôgje ik myn trije ferhalebondels foar bern as in gearmjuks fan ‘literatuer’ en ‘didaktise lêsstof’, in oantsjutting dy't ik sels net kieze soe, mar dêr't ik my likemin foar skamje. Ik wit út reaksjes dat hiel wat bern - en grutten - Frysk lêzen leard ha mei Spinaazje mei spikers. Ik sjoch net yn wêrom't dat feit it karakter fan it boek oantaaste soe. It wurdt der net literêrder, mar ek net trivialer fan.
By in boek as Dingeman krijt wjukken leit nei myn idee it aksint mear op 'e literatuer as op 'e didaktise lêsstof. Mar ek by it skriuwen fan dat boek ha ik op 'e achtergrûn rekken hâlden mei lês- en begripsnivo. Ik woe dat it ferhaal benei te kommen wie foar bern fan 9 jier, sûnder dat se alles hoegden te snappen. Mar dêrneist soe it ferhaal ek wat te bieden ha moatte foar lêzers fan sis mar fjirtjin-fyftjin jier en foar folwoeksenen (wat op himsels út soarte net sizze wol dat it dêrmei literatuer is). Ik wit net wêr't Riemersma de wiisheid weihellet, mar behalve dat it faak wol handich en ferstannich is, is it gjin betingst dat de haadpersoan fan in boek deselde leeftyd hat as de saneamde doelgroep. Yn elk gefal kin de doelgroep gâns breder wêze as dat dy leeftyd oanjaan soe. As in boek mear lagen hat as de sljochtwei ferhaallaach, sille ek lêzers boppe de bedoelde leeftydskategory der mooglik wat fan har gading yn fine. (Oer de ferfilming fan Minoes seit produsint - en berneboekeskriuwer - Burny Bos: ‘Voor kinderen is er een spannende lijn, voor de ouders een humoristische.’) Riemersma makket him der wol hiel maklik fan ôf as er oer it bestean fan sokke lagen smeulsk opmerkt: ‘wat dat dan ek mar wêze mei’. Nee, hy hat ek noch noait wat oan literatuer dien.