Sjampanje
Nei ôfrin binne wy it der allegearre oer iens: hjir kinne wy mei foar de kreammen lâns. Oeral blide gesichten. Hapkes. Champagne en noch twa konsumpsjebonnen yn de bûse. Joop Boomsma hat fjouwer mar hy hat dan ek oan de searje meiwurke: Baas boppe baas, jawis! Joop hat him der yngeand mei bemuoid mar is op it lêste momint ôfheakke. ‘Ik ha wol fertrouwen yn dizze searje’, seit Joop.
Akky van der Veer, dy't twa ôfleveringen oerset hat, fûn it wol moai mar wol wat te: ‘Ik hâld mear fan in bytsje subtyl.’ Koen Eekma, de altyd aimabele Afûk-direkteur, strielt der oer. ‘It komt allegear goed’, seit er optein. ‘Hjir kin se by gtst in puntsje oan sûgje’, doch ik ek in botsen yn 't pûdsje.
Op de weromreis yn de bus - dy't wer ‘as in keamer troch de nacht’ rydt - wurd ik lykwols wer oerfallen troch opsternate gedachten. De erchtinkende Drint yn my komt wer boppe: is it net in bytsje fertocht dat der yn de foarpublisiteit en ek op dizze premiêre safolle klam komt te lizzen op De Sêne? Soe dit miskien ek fierwei de bêste ôflevering wêze fan de tolve?
Spitigernôch bliek myn twivel in pear dagen letter mear as terjochte: wy binne besoademitere. De ôflevering dy't yn de foarpublisiteit en ek op de jûn sels noch as earste ôflevering oankundige wie, is hielendal net de ôflevering dy't op 13 novimber as earste útstjoerd wurdt troch Omrop Fryslân!