Oebele Naneur
Kar(a)mel
Ik moast as bern ris ‘een pond komijnekaas’ by Fokkema yn 'e Lytse Tsjerkstrjitte helje foar ús mem. Sis ik yn dy winkel: ‘Mag ik van u een pond konijnekaas?’ (De ynhâld fan it wurd komijn ûntgie my alhiel.) Seit my dy tsiisman: ‘Mag it oek fan de haas weze?’ Dat elkenien laitsje dêre, mar ik krige in kaam.
Seit Gerrit Hofstra fan Omrop Fryslân foar wat moannen tebek dat der dan en dan in eksposysje is yn it Karamelkleaster te Drachten. Hèn? tinke je dan, Karamel? Freonen fan my skillen fuortdaalk mei de Omrop: ‘De klam fan it wurd Karmel moat op Kar lizze en net op mel!’ Mar ek dy jûns let waard noch hieltiten oer Karamel sprutsen, dat men mei oannimme dat it nijs op Fryske televyzje foar in hiele jûn fêstleit.
Mar no okkerdeis hie Hofstra it wrampels wer oer it Karamelkleaster. En dan tink ik, as soks no almar oanwint, wa wit tinkt de folgjende generaasje dan wol dat der in suertsjefabryk yn dat kleaster sitten hat; wit nimmen mear dat it destiids it plak wie fan de Ongeschoeide Carmelitessen, dy't achter de traaljes dêre harren libben kontemplatyf libben.
Berber