Rektifikaasje
Yn it ferhaal ‘IJje Wijkstra's nei-arrest’ fan Bouke van der Hem (Trotwaer novimber 2001) is op ferskate plakken de mankearing [***] weifallen dy't oanjoech dat der fan personaazje en perspektyf wiksele waard. De stikken rûnen dêrtroch alhiel yn inoar oer.
It spyt de redaksje dat troch dizze flaters by de opmaak de lêsberens fan it ferhaal frijwat oantaast is. Wy jouwe hjir graach de siden troch mei de slotsin fan it iene stik en de earste sin fan it folgjende, dêr't dus in dúdlike markearing tusken moat.
Op side 396 tusken de achtste en de njoggende rigel: út de ynsidintepot; ik ha no al wille. en Joop Swart hat myfrege.
Op side 399 tusken de fyfde en de seisde alinea: En set nofierders dizze sabeare pommerante-sjuery út dyn gedachten, skriuwfan IJje en syn Aaltsje. en Ik ha doe fuortendaliks tsjin de hear Zwart sein: Ik wit net oft ik defroufoarjo bin.
Op side 401/402 tusken de lêste en de earste sin: Lykas Joop Zwart, dy't stilyn 'e waan ferkeart dat hy IJje spilet en ik ûnder syn rezjy Aaltje; brrr. en De earste tekst foar in opskrift paste wol tsien kear op sa'n skiterich memo-bledsje: ‘Voor hen die vielen’.
Op side 403, healwei, tusken de sinnen: Ik rin by de boargemaster del foar finaal oerlis. en Joop Zwart kaam weromfan in foarstelling yn Ter Apel.