Libbenselikser
Jitske Kingma
Winter
‘Kaam dyn namme tsjin op ynternet, wat leuk datst ek yn 'e keunst sitst.’
‘Hee, wat in ferrassend beslút fan de freedtemiddei, sa'n mailtsje! Wy soene krekt oan 't bier. Hoe is 't mei dy, hast noch altyd de bûse fol dropkes?’
‘Hie ik dat altyd? No noch wolris ja. En do, noch altyd fan fan Crosby, Stills, Nash & Young?’
‘Och, dat kaam leau 'k mear troch dy. Witst noch, dy lange hite simmer?’
‘Myn âlden net thús en dagen kramp yn 'e kaken?’
‘Hoe faak ha wy it ek al wer útmakke?’
‘Sân kear.’
‘Do seidest altyd: op âld iis friest it fûl en dan wie 't wer oan.’
‘It frear ek fûl.’
‘De hinnereis nei Snits gong noch wol mar op 'e weromreis fleagen myn fuotten iderkear ûnder my wei.’
‘Seachst der oars prachtich út, reade wangen, enerzjike slach, prachtich liif.’
‘Ik mei der noch altyd wol wêze.’
‘Wêr bist dan?’
‘Yn Grins tsjintwurdich en do yn Wageningen dus. Biology? Fassinearre dy altyd al. Bist noch altyd sa ûntrou?’
‘Och, ik haw noch altyd in protte each foar moaie froulju.’
‘En bisto noch altyd dejinge dy't it it faakst útmakket?’
‘Ja, ik nim meast it inisjatyf. Ik haw it nea sette kind datsto my de lêste kear sitte lietst.’
‘Ik hie der genôch reden ta en ik wist wat der fan kaam as ik it oan dy oerliet.’
‘Ja, ien telefoantsje en ik foel fuort wer as in blok foar dy.’
‘Mar by my wie de betsjoening ynienen oer.’
‘Witst dat ik nea begrepen haw wêrom?’
‘Dat haw ik dy fakernôch besocht út te lizzen, mar it woe net yn dy del.’
‘Gong it dan echt om Marieke?’
‘Fansels. Datst der ris ien by hiest allegear bêst genôch, mar by in groepke fan twa freonen en twa freondinnen kinst sa net de koade ferbrekke. Dat wie mislik.’
‘Se is trouwens lesbysk wurden. En ik mar tinke dat it oan my lei.’
‘Wiest fansels te skiterich om der op troch te freegjen.’
‘Doe wol, yntusken ha 'k wat byleard. Ik lit net sa gau immen mear fleane dy't de muoite wurdich is. Ik haw se net mear foar 't útsykjen.’
‘Wennest dus allinne en bist dyn arrogânsje kwyt, da's in hiele foarútgong.’
‘Altyd noch like skerp dus en allang net mear allinne.’
‘Nee, mar ik haw ien ding fan dy leard, hoechst it net by ien tagelyk te hâlden.’
‘Frjemd, dêr bin ik krekt allang ôf, wat in gedonder.’
‘Soms mis ik de dropkes.’
‘It wurdt yn elts gefal in lange kalde winter, nei sa'n hite augustus en sêfte oktober.’
‘En Crosby, Stills, Nash sille ek wer op wrâldtoernee.’
‘Ik soe nije wike op it hûs fan myn âlden passe.’
‘Hmmmmmm, komt goed út. Marieke is net thús.’