katten. It túnkersbedriuw dat de boel hjir ea oanlei, hie dit oars fuortdaliks al fersjoen: in hekseskurte wie it hjir. Hie ik noch nea fan heard.
Op myn beljen die de Man iepen. Hy stiek de earm út, woe mei my fûstkje. Ik gie der net op yn.
‘Wêr is se?’ frege ik. Ik besocht wat meilibjen yn myn lûd oan te bringen, mar it bleau koel, net oars as oars, de Man en ik, wy affrontearren elkoar inkeld noch as it àl ta praat kaam: hy god, ik beam. My hied er út de ierde sjitte litten, my hied er fêstige op 'e ûnferwrigge fûneminten fan in strang leauwe. Sinent wie ik, dêr't er oer kediizje mocht sa't it him útkaam. En hy knette, kniep en fike om in trocharbeide produkt fan my te meitsjen.
Ik rûn de gong yn dêr't ik stean bleau, wachte, seach, hifke, oant de Man de bûtendoar ticht dien hie. Oan it stal seach ik dat er him yn it sin besocht te krijen hoe't it koe dat ik hjir ynienen wie. Der wie neat te rêden!
It kaam by my op dat it ek bêst wol ris nèt wier wêze koe, dat it in tillefoantsje by fersin west hie om't de Man it nûmer fan myn wurk ûnder ien fan 'e trije direct accessknoppen hie. Sa licht drukt men dêr in kear op, ûnwittend, ûnbedoeld. Dat ik letter thús ek tillefoan krige en as er woe, dat ik boppedat ek noch mobyl berikber wie tsjintwurdich, dêr hie de Man neat mei te krijen. Hy hie dien krige op it momint dat ik ta de doar útgong, oan 'e begjin fan in karriêre yn it ûnderwiis. De snoeiskjirre waard doe wurkleas en tagelyk de Man.
Tiid gie ûnderwilens ál syn gong. En as Tiid subversyf aktyf wurdt, dan sjocht it der mei in minske beroerd út. De Man, om't er neat mear om hannen hie, waard foar Tiid in gaadlik doel: hy waard stil set en doe stadichoan weromdraaid. De Frou hie der wol aan fan, se wie de Man syn earste, tagelyk ek de lêste korrisjearjende faktor. Mar se hie al lang gjin nocht mear en lis fannijs paadsjes oan en meitsje mei de Man noch kuierkes troch harren mienskiplike tún. Har ynbring hie nammers altyd al te min om 'e hakken hân. En der wie dochs gjin útwei út de doalhof fan alsem, piper en begearten fan izer.
Sûnt Tiid by de Man mei de ûntbining fan 'e tuskensketten út ein set wie, wiene wierheid en fiksje mei him yn in skimergebiet telâne komd dêr't tiid en oere der net mear ta dogge. Alles wat ea mei krektens rubrisearre ûnder hânberik lei yn in grut ferskaat fan kompartiminten en subkompartiminten, wie fanwegen it fallyt fan 'e rede trochinoar barge. De Man húsmanne wat om in ‘situation sans-logis’, boud op 'e weake ûndergrûn fan in âld put. Weisakje dus oant it stoart jin opeasket.
Mar safier wie it noch net! De betinksels dy't de Man hie ûnder it sjen nei de tillevyzje en it einleas omblêdzjen yn 'e kranten, stjoerde er noch altyd as deeglik trochkrûpte tinkwizen de wrâld yn. Mingfoarmen fan twa of mear waarnimmings leveren hieltyd frjemder bylden en beneamings op: