In frou yn brûns (links) en ien yn keramyk. (foto's Koos Stel)
brûkt se gewoane stikjes kantwurk dy't se yn de klaai drukt. Se bekloppet de bylden lang, krekt salang oant se tefreden is. Har gefoel foar strakke foarmen hat se noch hieltyd, tanksij har rakuperioade.
De bylden wurde stookt yn de oven, mar net heger as 1060 °C. Wa't wurk fan Ada Stel bûten stean hat, kin it dêrom winterdei mar better yn 'e hûs sette.
It binne ek kleurrike bylden. Se makket dan wol har eigen klaai, mar de glazueren keapet se kant en klear. It gepiel en gegriem wol se der net mear om ha. Se fynt harsels ek net presys genôch. En der binne sokke moaie glazueren te keap, ommers.
Fiere froulju wol Ada Stel meitsje, mar foaral ek sierlik. En it meitsjen fan lange skonken slagge har net rjocht, yn klaai. In jier as seis lyn is se begûn mei froulju yn brûns. En wèr hawwe se wat etnysks. Ek al sjogge je hast net wêr't dat troch komt. Der steane libbensgrutte brûnzen froulju yn har eksposysjeromte. Mar se makket ek lytser wurk. Faak binne it groepkes fan fleurige froulju. En altyd hawwe se te min skonken.
Sa'n byld wurd earst yn waaks makke, mei in soarte fan fyn gaas der yn as steun. Dat wurdt nei in brûnsjitter brocht. Meastentiids komt in byld hielendal óf wer by de opdrachtjouwer. Net by Ada. Dy giet nei de wurkpleats fan har brûnsjitter ta om it der sels dien te meitsjen. En ek dêrmei is se net gau tefreden. Mar as it sa fier is, geane der ek prachtige bylden mei nei Tsjerkwert. En sûnt de tiid dat it har slagget froulju mei lange skonken yn bruns te meitsjen, slagget it har ek yn klaai.
Sels bin ik earlik sein wei fan har brûnzen froulju, omdat se sa'n ‘schwung’ ha. Se meitsje kontakt, fyn ik, en se binne sa nijsgjirrich nei elkoar en nei de wrâld om harren hinne. Dy fan keramyk hawwe dan wol de rykdom fan kleuren, mar binne yn myn eagen mear yn harren sels keard as dy yn brûns.
Moetsje de froulju fan Ada ris! Wa't dat wol, kin terjochte yn har eksposysjeromte: Galerie ArtiSjok yn Tsjerkwert. En fansels ek op it net: www.artisjok.com.