Tsien Geboaden foar it Frysk? (1)
De Dekalogus is in dom pamflet. Foar elk fatsoenlik minske befettet it allinne mar oerstallich en ferkeard gejeuzel. Sa wurdt der bygelyks praat oer útsprutsen tsjinstannersfan de taal fan Fryslân. Dommer kin it hast net, hoe kin immen no tsjin in taal wêze? De opstellers fan de Dekalogus brûke formulearringen dy't bedoeld lykje te wezen om in wapene frede ta stân te bringen tusken minsken dy't Frysk en oaren dy't Nederlânsk prate en dy't it ferpoffe om rekken mei mekoar te hâlden. Soks hat neat te krijen mei taalstriid, it is in kwestje fan fatsoen. Wa't in kerrel gefoel hat foar syn meiminske is de Dekalogus net brek. Wylst it hantsjefol stiifkoppige minsken as boer Oosterhof en syn opponinte der net in sprút liniger fan wurde sille, want sokken wurde nearne liniger fan. It is better harren - domme kwerulanten dy't se binne - te negearjen.
Utspraken as Die rijkdom heeft de Friese taal gemeenschappelijk met alle andere talen en culturen en Beide talen zijn gelijkwaardig, dogge my tinken oan Homo's binne ek minsken. Goed bedoeld miskien, mar feitlik in mislediging, ommers men kin op guon minsken hiel goed wat tsjin hawwe sûnder te ûntkennen dat it minsken binne. Sokke redenearingen foarmje in snútslach foar ús Nederlanners (Friezen binne ek Nederlanners), mei ús pracht fan in anty-diskriminaasjewetjouwing, meldpunten en us ieuwenâlde skiednis fan tolerânsje.
Dat guon lju dan noch miene ús mei sa'n geitewollensokken pamfletsje lêstich falle te moatten, is der dochs fier by troch? Tink ris yn wat de reaksje wêze soe as bygelyks in politike partij yn har programma sette soe: ‘Froulju en Dútsers binne ek minsken.’ en ‘Sineesk is lykweardich oan it Frysk.’ Allegear ûnsin en dommens.
De klam dy't yn de Dekalogus op wurden as respekt en wurdearring lein wurdt is te grut, dat makket jin huverich en erchtinkend. Boppedat feroaret de swiet klinkende formule - Probeer ook om het Fries te lezen. Je zult zien datje binnen de kortste keren het Fries in kranten en tijdschriften kunt begrijpen - ynienen yn in gebod: Er wachten heel veel Friese boeken en gedichten op je. Ga naar Friestalige voorstellingen, volg programma's op radio en TV. Op Internet kun je Friese pagina's opzoeken. Ja, as men de boel yn 'e bulten ha wol dan moat men sa'n toan oanslaan! Lit dy boeken en gedichten mar wachtsje, soe ik as ymport tinke, wylst ik nimmen Frysktalich toaniel, of Frysktalige radio en tv oanriede soe. Oeral rinne jo ommers Rinse Westra of Jan Arendz tsjin it liif, soms beide tagelyk. It is in griis. Wy sitte der no ienkear mei oantangele, mar minsken fan bûten, sûnder euvelmoed, dy kin men soks dochs net oandwaan?
En dan, ta beslút ek hiel dom: Het Fries zal deuren voor je openen. Doarren dy't allinne mei dizze Fryske kaai iepene wurde kinne, meie foar myn part ticht bliuwe. Oan lju efter sokke doarren haw ik gjin boadskip.
Willem Winters