Trotwaer. Jaargang 33(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 435] [p. 435] Arjan Hut Nij ferlet oan âlde dagen It is freedtejûn, mar gjin ekskuzen We lizze mei in nije sigret yn 'e mûle Midden op 'e dyk Foar de âlde kroech oer, fol nij libben Nije gesichten, farsk bier yn âlde glêzen Gouden gloede achter de ruten En damp fan swit en azem De waarme wale fan dizze tiid Lit ús de jassen binnen hingje En sa hâlde we in eachje op 'e fytsen Sa't se der no noch steane Op 'e flechtheuvel lizze wy, sigretten oan De oerwurken syngroan, omheech eagjend Nei de myriade fan stjerren Tusken de wolken troch Sykheljend, rêst en reek Jûnswille en frijheidslucht Wurdflarden en flearmûzen Auto's yn de fierte, links en rjochts Wy hâlde ús fuotten yn Do en ik Wachtsjend op 'e tongerbui Dy't stadich dizze kant út krûpt Earst dan sykje we ús plakken Binnen yn it ljocht wer op It is freedtejûn, mar gjin ekskuzen Gjin ferlet dêrfan Vorige Volgende