Trotwaer. Jaargang 33
(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 425]
| |||||||||||||||||||||||
In sorbet, sa heech as in faas blommen
| |||||||||||||||||||||||
BiografyBerne yn 1930, hie Hylkje Goïnga nei eigen sizzen ‘in leuke jeugd’ yn Drylst, dêr't har heit húsdokter wie.Ga naar eind1 Nei it gymnasium yn Snits, studearre se in skoftsje sosjology yn Grins, mar dat foldie har net en se makke dy stúdzje net ôf. Yn 1953 troude se mei Anne Wadman, har âlddosint fan it gymnasium. Se krigen trije bern. Sunt 1981 wenne Goïnga apart fan Wadman. Om har drokke húshâlding - dy't foar gie - hie se ynearsten in bybaantsje, letter wie se konsulinte by de Voorlichting Jeugdtandverzorging yn Fryslân. Benammen nei de publikaasje fan Thús is de maggi op (1981) wie se tige populêr en waard in soad frege foar optredens. Yn 'e jierren tachtich diene har boeken it ek goed yn (eigen) Hollânske oersetting. | |||||||||||||||||||||||
SkriuwerskarriêreNei wat ferhalen foar de Leeuwarder CourantGa naar eind2, pleatste De Tsjerne yn 1951 har ferhaal ‘Hjoed’. Dit liket noch yn neat op har lettere wurk. Dat har dosint Wadman yn 'e redaksje siet hat de yntree mooglik makliker makke. Yn 'e jierren dêrnei publisearre it blêd noch mear fan har ferhalen, mar út it argyf fan De Tsjerne docht bliken dat ek geregeld wurk fan har ôfkard waard. Yn har Grinzer tiid levere se besprekken | |||||||||||||||||||||||
[pagina 426]
| |||||||||||||||||||||||
foar it studinteblêd Der Clercke Cronike. Yn in besprek fan Een voetreis naar Rome (16 novimber 1951) is har toan tige froed: ‘Men moet fantasie hebben om dichter te zijn maar ieder die fantasie heeft is daarom nog geen dichter. Aafjes nu verstaat de kunst klankrijke verzen te schrijven, al glijdt hij technisch wel eens uit.’ Ferhalen skriuwe gie har liniger ôf en har wurk wie rillegau oeral te lêzen: yn Frysk en Frij, It Heitelân, Sneeker Courant, Leeuwarder Courant, Snitser Kritenijs en Friesch Dagblad (‘In berntsje waerd berne’). Yn 1958 sette De Strikel út ein, in moanneblêd dat beslist net as de opfolger fan It Heitelân sjoen wurde woe. H. Wadman-Goïnga stiet as earste namme ûnder it redaksjoneel, dat oankundige út te wêzen op in ‘Frysk kultureel moanneblêd, dat omtinken jowt oan de Fryske Biweging, oan de skiednis, de geakunde, de folkskunde en oan datjinge, dat men trochstrings “kultuer” neamt, in blêd dat net frij is fan in bernehoekje [...] mar binammen romte jowt oan de bihanneling fan aktuele dingen, oft dy nou Frysk binne of algemien.’ It blêd soe it 37 jier úthâlde en al dy tiid makke Goïnga diel út fan de redaksje. Yn 't lêstoan fierde se de einredaksje. Al yn it earste nûmer begûn har rubryk ‘Oan en oer myn man’, ûndertekene troch ‘Martha’, in namme dy't de skriuwster de jierren troch brûke soe. Har ferhalen wienen flitsen út it houlikslibben fan in tige aktive frou, dy't altyd wat opfallends úthellet. Fleurichheid oerhearsket. Yn dy earste jiergongen levere Goïnga nammers ek de berneferhalen, dy't - fergelike mei har wurk foar folwoeksenen - frij nuet bliuwe. Ut en troch hie Goïnga ek mear serieuze ferhalen, bygelyks ‘De apelbeam’ (1960) of ‘Jappy’ (1966). Dy ferskynden meast yn 'e Leeuwarder Courant. As kar út har doe al mânske wurk ferskynde - op oanstean fan Freark Dam - yn 1971 de bondel ‘Jantsje... ja heit’. It duorre tsien jier ear't in twadde bondel útkaam.Ga naar eind3 Dat wie Thús is de maggi op. De frij ûnskuldige toan fan har earste Strikel-stikken wie doe al lang ferdwûn. It houlik fan Martha wie op in slachfjild útrûn, har man hie freondinnen en fûn har eins mar in bongel oan 'e poat. In jier letter al ferskynde In superman fersûpt net en oare ferhalen. Hoe serieus it misgien wie tusken Martha en har man die bliken yn de roman Frijende kikkerts. In psycholooch is nedich om har der fan te oertsjûgjen dat it better is om by har man wei te gean. Yn de lettere ferhalen wennet Martha allinnich en belibbet aventoeren mei oare manlju of moetet froulju, dy't ek net al te bêst troch har manlju behannele binne. Dy ferhalen binne werom te finen yn de bondels Hynstefigen (1990) en Giel mei oranje stippen (1993). Twa dames yn in daf en oare ferhalen, ferskynd yn 1988, is foar in part in werprintinge fan ‘Jantsje...ja heit’, mei dêrby ek noch wat oare losse ferhalen. Opnommen is bygelyks ‘Muoike Jap krige iel’ út 1952. Hylkje Goïnga brocht foar de werútjefte benammen stylkundige ferbetteringen oan en feroare ek wolris wat om de ferhalen moderner te meitsjen. Yngeand binne de ferskillen lykwols net.Ga naar eind4 De ferteller fan de measte ferhalen hyt hast altyd Martha, mar is net altyd deselde persoan. Yn Op stap, it boekewikegeskink út 1990, is it in frou, dy't lokkich troud is mei Tom. Hy giet allinnich mei fakânsje en dan moat de frou lykme allinne troch de tiid komme. Dat slagget har bêst. Yn de novelle Nei it park (1992) is Martha ynienen âld en demint en wurdt se troch de bern nei in fersoargingstehús brocht. Nei't De Strikel it yn 1995 oerjaan moast, publisearre Hylkje Goïnga yn Frysk en Frij. It boekje Tine en ik (1997), wie in bondeling fan dy stikken. Doe't se ferstoar wie se krekt útein set mei in rige ferhalen yn Trotwaer. | |||||||||||||||||||||||
[pagina 427]
| |||||||||||||||||||||||
Hylkje Goïnga en Anne Wadmanop in feestje. (net datearre; argyf flmd)
| |||||||||||||||||||||||
YnventarisaasjeHûnderten ferhalen hat Hylkje Goïnga skreaun. Lang net alles is terjochte kommen yn 'e bondels. Fan de sân bydragen oan jiergong 1983 fan De Strikel bygelyks, binne mar twa werom te finen yn in bondel. De seleksje fan de ferhalen die Goïnga sels. Fan de acht bydragen oan de jiergong 1986 naam se fjouwer op yn Hynstefigen. Moai wat wurk leit dus noch bedobbe yn jiergongen Strikels. It wurk is yn in pear opsichten maklik te klassifisearjen. In ferhaal is altyd yn 'e earste persoan skreaun en de ferteller is altyd in frou. Fierders kin men it ûnderskie meitsje yn ferhalen sûnder de Martha-ferteller (it lytste part) en de ferhalen mei Martha (mei as ûnder-ôfdieling de ferhalen dêr't Martha net sintraal yn stiet en dy't belibbenissen beskriuwe fan kunde en freondinnen). De foarm is meastentiids net opfallend, al wurdt nochal ris foar in brief of in bycht keazen. De taal dy't brûkt wurdt is modern Frysk, net altyd geef, mar wol tige libben en sprekkend. De ferhalen binne oan 'e koarte kant, yn boekfoarm heechút tsien siden. In inkele kear nimt Goïnga wat mear de romte. Nei it park telt bygelyks fyftich siden (mar yn 'e werprintinge 36) en it ferfolchstik ‘De lidkaktus’ út de Strikeljiergong 1971 is like lang. Frijende kikkerts is in roman te neamen, mar feitlik opboud út koarte ferhalen. Dat jildt likegoed foar Tine en ik, dat ek in ienheid foarmet, mar bestiet út kollumkes foar Frysk en Frij. | |||||||||||||||||||||||
De man en de frouIt ûnderwerp fan fierhinne alle ferhalen is de relaasje tusken man en frou. Dy feroaret yn 'e rin fan de tiid drastysk. | |||||||||||||||||||||||
[pagina 428]
| |||||||||||||||||||||||
Doe't de skriuwster út ein sette mei de rige ‘Oan en oer myn man’ wie har toan licht humoristysk. De man hyt Teun, de fertelster Martha. Dy frou is in droktemakker. Har man is serieus en altyd mei syn wurk dwaande. De ferhâldingen binne wolris wat spand, mar de stimming bliuwt myld. Praktyske problemen steane faak sintraal en dy wurde yn 't algemien mei de gek beslein: Silst wol gelyk hawwe, Teun, ast seist, dat ik my oer sokke lytse, ûnnoazele dingen opwine kin. Mar dan is it ek út, ik stúmje en wrokje net. Allinnich hjirom al net, omdat myn geast dan al wer wat oars by de kop hat. (De Strikel 1958, 80) In jier as wat hâlde de ferhalen deselde toan. De frou rêdt mei de húshâlding en de bern, de man arbeidet en wol benammen yn it wykein útsliepe en dan gjin bernelûden hearre. De man hyt de iene kear Markus en dan wer Melker. As karakter bliuwt er deselde: in egoïst. De frou is minder tajouwend wurden. Mar Melker yn 'e swimbroek: lizze dêr't er lei. En ik woe ek sa graech lizze dêr't ik woe [...] En nou sizze se wol, dat yn 'e fakânsjes man en frou hwat mear man en frou binne as gewoanwei, en dat hat by ús ek wol ris sa west, mar nou wie it oars. Ik bigoun Melker to haetsjen, sa as er my kommandearje koe hoe't ik de lodde beethâlde moast, net sa houterich en sa, mar flink en stevich sa as hy dat die, dy rotsak. En sa as er dêr dan lei yn 'e sinne en my mar efter de bern oanjeije liet, dy apekoppen... bytiden roun ik to janken fan argewaesje en dat is dan jou fakânsje... Gjin jirpel hat er foar my skyld, gjin krop slaed foar my út it doarp helle en... (De Strikel 1969, 115). Konsekwinsjes krijt dy haat noch net. Yn 'e santiger jierren giet it mis tusken Martha en de man, dy't dan Jaap hyt. Hy begjint mei oare froulju om te skarreljen en komt dêr iepentlik foar út. De toan fan de ferhalen wurdt dûnkerder. Martha, dy't altyd konvinsjoneel oer it houlik tocht hat en by alles de geduldige, soarchsume frou bleaun is, wit net hoe't se op dy nije situaasje reagearje moat. Ynearsten giet se troch mei de dingen sa't se dy altyd dien hat en hopet dat troch sa'n opstelling alles fansels wer goed komme sil. Wy wienen mar begûn te iten, de bern en ik, en ik hie myn yoghurt ek al op, doe't Martin rôp: ‘Dêr is heit, 'en ik hearde syn auto. Ik krige de fleispanne fan 'e tafel om de gehakballen yn elk gefal noch even foar him op te waarmjen. (Thús is de maggi op, 67). Soms jout se ta oan har emoasjes dat se har ferret fielt. As ik it mar witten hie, mar ik hie niks yn 'e gaten, hielendal niks. Ik wie tefreden en dus gelokkich, want in tefreden minske is noch altyd in lokkich minske. Ik wie bliid as de sinne skynde en as de bern wer feilich en wol yn 'e hûs wienen. [...] Niks hie ik yn 'e gaten. Ik net. Iderien wist it, se wienen allegearre op 'e hichte en se praten der mei elkoar oer, mar tsjin my seinen se neat. Ik hoegde it net te witten. (Maggi, 95). Har taktyk pakt ferkeard út, de man keart him fierder fan har ôf. Hy ferwyt har selsbeklach en soe wolle dat se net sa'n minderweardichheidskompleks hie. Wylst Martha dy ferwiten skynber passyf ûndergiet, begjint se wraakfantasijen te krijen. Yn ‘In kantsje tee’ krijt de man hite tee oer him hinne, yn ‘Dat doe mei Elsbeth’ nimt ien fan syn freondinnen tefolle slieptabletten en yn ‘Rotroaskes’ ferbaarnt Jaap as hy de âld bank (symboal fan har houlik) opstookt efter yn 'e tún. Martha besiket it in kear mei in oare man, mar by sa'n situaasjes fielt se har hielendal net op har gemak. Frijende kikkerts ferhellet it út inoar barsten fan it houlik. Mar- | |||||||||||||||||||||||
[pagina 429]
| |||||||||||||||||||||||
tha sjocht yn, dat se har better los fan Jaap meitsje kin. Kontakt bliuwt der wol, mar dat smyt net folle op. Yn it ferhaal ‘Moai waar en lange dagen’ docht wol bliken dat Martha him noch altyd net echt loslitten hat. En dat hy har noch altyd beseare kin. Hy rûn troch de keamer mei allinnich syn himd oan, sei, wylst er syn sokken omkearde en útsloech: ‘Ik ha thús in útfanhûzerke. Se wit dat ik hjir bin, mar ik moast har belove om fannacht wer werom te kommen. En dat doch ik. Ik doch wat de minsken fan my freegje.’ Mei oare manlju ferrinne de kontakten net folle better en Martha bliuwt fierder allinnich. Bern en freondinnen folle har libben. In grut tal fan dy freondinnen is ek skeind troch in mislearre houlik. Guon kinne dat net ferneare en meitsje in ein oar har libben. Oaren nimme wraak. Yn ‘Optimaal funksioneare’ bygelyks helpt Martha mei om de man op te iten, dy't troch syn frou ombrocht is. Yn ‘Giel mei oranje stippen’ leit in frou in gefaarlike slang by har man op bêd, in oaren stekt har man dea en bedobbet him yn 'e tún. Manlju komme der yn 'e ferhalen fan Hylkje Goïnga net al te bêst foarwei. Egosintrysk, idel, bedoarn, sûnder gefoel, altyd út op eigen foardiel. En fansels, altyd omslaan mei jongere froulju. De skriuwster hat dêr fan sein: ‘It is in bepaald slach mannen, hy bestiet noch. Se sitte yn in bepaalde oergong en dan moatte se harren sa noadich wiermeitsje. Eins wat in ûnfolwoeksen gedrach.’Ga naar eind5 De Martha yn 'e ferhalen hat foar sa'n man oer gjin ferwar. Se kin dêr net in eigen selsstannichheid foaroer sette en dat makket it drama fan de ferhalen foar in grut part út. De man komt bytiden as in mûnster oer. ‘Wat sjochst der út,’ sei Jaap. Se koenen dy wol opblaasd hawwe. Moast dat no sa?’ (Maggi, 140) ‘Ik woe datst de saken no ris besjen koest sa as se binne. Sûnder oerdriuwing. En gean ris nei in kapper. Komst nergens ta.’ (Maggi, 146) De frou besiket de man wol te straffen foar syn gedrach mar dat leveret har neat op, se krijt him net werom. It lot fan de frou is yn 'e ferhalen fan Goïnga faak tragysk, teminsten salang't in man har libben behearsket. Nearne is dat dúdliker as yn Frijende kikkerts. Martha hat besocht Jaap dea te stekken mei in kuorkelûker en hy bringt har nei in psychiatryske ynrjochting. Dêr boetsearret se twa kikkerts en stjoert dy yn foar in wedstriid. It is Jaap dy't de bistkes fuortbringt nei de karmasters en - sa sjocht Martha letter op 'e tillevyzje - krekt docht as hat hy se makke. Hy wint de priis mei har wurk. Yn dit boek komt de manfrou ferhâlding ta in klimaks. Dochs helpt de terapy yn 'e ynrjochting har en se makket de kar om net nei har man werom te gean. Doe seach ik him stean. Op it parkearterrein fan it flatgebou. Under de lantearnepeal. Lyts like er, fan 'e hichte ôf. Holle tusken syn skouders, de kraach omheech. Heitfan myn bern. As stie er lyk foar my, sa fielde ik syn azem oer myn gesicht hinne gean. ‘Dach, dach, dach, jong, it hat moai west,’ die myn holle en mei myn earmen hiel heech die ik foarsichtich de gerdinen ticht. (Kikkerts, 108) | |||||||||||||||||||||||
[pagina 430]
| |||||||||||||||||||||||
Autobiografysk? Hylkje Goïnga en Anne Wadman wiene nei hast tritich jier houlik út inoar gien. Elkenien koe dat yn novimber 1982 yn it frouljusblêd Opzij lêze. Boppe in ynterview mei de skriuwster stie: ‘Het treurige huwelijk van Hylkje Goïnga’. Dêrmei waard dúdlik dat se deselde wei gien wie as de Martha yn har ferhalen. Oer har man sei Goïnga: Ik hield van hem, ik dacht dat dat gesodemieter met die meiden wel weer over zou gaan. Dat wilde ik natuurlijk ook, tegen beter weten in. Liefde, tja dat was het, geloof ik.Ga naar eind6 Yn in oar ynterview sei se oer har mislearre houlik: Wannear is dy partnerruil begûn? [...] it hat hiel wat kapotmakke. Yn ús kultuer en maatskippij kin dat gewoan net! Foar manlju is it miskien wol ris in kear leuk, al sil der ek wol ris in frou wêze dy't it leuk fynt. In slipperke falt noch wol ta, mar as men der in bliuwende relaasje oan fêstknopet, dan giet it ûnherroeplik stikken. As der gjin jaloerskens mear is, kinst wol en moatst ophâlde.Ga naar eind7 Dêrmei waard dúdlik dat Goïnga har relaasjeferhalen persoanlik motivearre wiene. Guon lêzers mienden dat de ferhalen gewoan sa bard wiene, de moard op Jaap yn in pot mei ferve útsûndere. It wie ek gjin wûnder dat soks tocht waard. Hylkje Goïnga sei dêr sels oer: ‘Eh ja ju, ik bin 't wer hielendal sels, dy Martha.’ Dat soks iroanysk bedoeld wie, foel net elkenien op. Se sei der nammentlik by: ‘En ik ha my foar dy gelegenheid in man oanskaft. Tom! En wy ha in poerbêst houlik, al jierren.’Ga naar eind8 Yn guon ynterviews waard ek wol dúdlik dat Goïnga en Martha eigenskippen gemien hiene. Sa wiene beide froulju opfallend warber mei gekke dingen (sels tassen meitsje en oan 'e doar ferkeapje) en beide ferdwaalden ûnderweis altyd en ivich. Anne Wadman liet him yn 1991 yn it tydskrift HjirGa naar eind9 oer de kwestje út. Hy hie der dúdlik syn nocht fan altyd negatyf ôfskildere te wurden. Neffens him wie hy Jaap net en wiene der mar in pear details yn Frijende kikkerts dy't lykop rûnen mei de werklikheid. Al it oare hie Goïnga sels bedocht. Syn stik makke dúdlik dat de feiten fan de boeken dan wol net mei de werklikheid strykten, it waard wol dúdlik hoe't de saak siet. De twa brieven oan Hylkje Goïnga, dy't er by it artikel ôfprinte, wienen dêr in befêstiging fan en dêrom ekstra treurich foar bûtensteanders om te lêzen. Hylkje Goïnga hat sûnder mis har eigen ûnderfiningen brûkt foar it skriuwen fan ferhalen oer man-frou relaasjes. Foar de lêzer is soks nijsgjirrich te witten, mar it is perfoarst net wichtich foar de wurdearring fan it wurk. Se kinne los fan dy partikuliere werklikheid likegoed bestean. | |||||||||||||||||||||||
Jantsje, Maria of LevinaMartha is net de iennichste frou yn Goïnga har ferhalen. Benammen yn Jantsje... ja heit (en dus ek yn Twa dames yn in DAF) steane oare ferhalen mei ek in oare tematyk. Oer Levina bygelyks, dy't der fan hâldt om de frou by har yn 'e daf bang te meitsjen. Of Jantsje, dy't der mei har heit op en út giet om pleatsen yn 'e brân te stekken. Ik sjóch him al opgean, opgean yn moaie oranjereade flammen, in fjoer is it om fan te... stjerren. (Twa dames, 73) En Maria fan de bakker, dy't safolle fan har broer hâldt dat se him fermoardet. Ik sette thee, yn 'e keuken. De hammer lei noch op it oanrjocht. Hy hie him brûkt om in spiker yn 'e muorre te slaan foar de hoes fan in nije plaat. [...] Fansels de hammer,’ einliks gong my in ljocht op. As in fear sa licht sweefde ik nei de | |||||||||||||||||||||||
[pagina 431]
| |||||||||||||||||||||||
keamer, as in ingel, want it wie as hie ik wjukjes. (Superman, 138). De froulju yn de ‘losse’ ferhalen fan de skriuwster ha in beskate naïviteit mien, se folgje har eigen logika en ha net yn 'e gaten dat wat se úthelje tsjin de regels yngiet. Sa bliuwe se harsels. Hiel oars is dat yn it benearjende ‘Jenny’, wêryn't in mem har dochter kwytrekket. Dan binne it de ‘oaren’ dy't bepale wat der bart. ‘Jenny, Jenny,’ raasde ik. Ek yn Nei it park slagget it de âlde Martha net mear har eigen gong te gean. Hoe tsjin de tried yn se ek is, it slagget har net om har eigen sin te dwaan. Har bern en it personiel bringe har úteinlik nei de sletten ôfdieling fan it tehús, dêr't se allinnich noch nei búten sjen mei. | |||||||||||||||||||||||
Humoristysk & tragyskHumor en in ferrifeljend plot, dat binne fan it earste begjin ôf skaaimerken fan Hylkje Goïnga har wurk. As lêzer ferwachtet men by har ferhalen altyd in ferrassing. Makaber wie Goïnga ek fan it begjin ôf, in deade mear of minder like se net om te jaan. De humor sit by Goïnga beskûle yn gewoane dingen. Ik hie it dy moarns op myn menear drok: der wie in greate wask, de jirpelman kaem, de slachter brocht it gehak, de man fan 'e krante moast jild hawwe, der stie in lyts âld wyfke op 'e stoepe mei ‘De macht van het kleine’, de post hie in pakje foar dy dat ik tekenje moast, de bern seurden, omdat se net yn 'e keuken mochten, de bakker fansels en de molkeman komme dan ek noch, èn in greate houn mei in frou, dy't graech ris sjen
Byldmerkfan Boele Bregman by Hylkje Goïnga har Strikelferhalen yn 'e tachtiger jierren.
woe, hoe'n flierbidekking as wy yn 'e keamer hawwe. (De Strikel 1958, 80) Salang't it houlik fan Martha noch goed giet, is de humor frij ûnskuldich. En ik sloech myn earms om Jaap hinne, loek him oan syn hier en oan syn earen, gong boppe op him lizzen en hy sei: ‘No net, mei sok waar, Martha, asjoblieft, aanstûns komt der in dakpanne fan it dak ôf. Lit my los.’ (Maggi, 32) De man wurdt wol begekke, te kyk en te kak set soe men sizze kinne, mar net mei moard- | |||||||||||||||||||||||
[pagina 432]
| |||||||||||||||||||||||
diedige bedoelingen. De toan is noch loftich om't Martha der sels ek net altyd like goed foarwei komt. Se lit har behelje yn allegear healwize projekten sûnder dat se folle ferwar hat en dy moat har man mar ferneare. Yn 'e lettere ferhalen is fan dy humor net folle mear oer, dy komt net earder as yn Giel mei oranje stippen en foaral yn Tine en ik noch wat werom. Wa't it folsleine oeuvre lêst, wurdt troffen troch dy feroaring fan toan yn it wurk fan de santiger jierren ôf. De man hat mei syn gedrach Martha yn it hert rekke en dat hat har foargoed skeind. It wurk krijt dan in earnst en in ferdjipping, wylst it earder mear boartlik wie. Benammen yn de Martha-ferhalen binne observaasjes te finen, dy't de treurichheid lichter lykje te meitsjen, as in hoopfolle glimp dat de wrâld net hielendal op de kop stiet. Midden yn in rûzje kin Goïnga dan skriuwe: Hy die syn wanten oan. It hie even ôfgryslik reind. De auto's dy't by ús troch de strjitte rieden, hienen allegear de ljochten op. Se gongen foarby yn in waaier fan wetter. Of it ein fan ‘It sjaaltsje’ as Toni har mem fermoarde hat: Gisèle kaam boppe, stode wer nei ûnderen ta, fleach nei frou De Boer en doe't frou De Boer boppe wie en it spul besjoen hie, pakte se my by myn hannen beet en frege: ‘Toni, ik siet wat te krantlêzen en no haw ik de goede bril noch net wer opsetten, mar hast har fermoarde?’ (Twa dames, 4) Oarsom binne guon foarfallen yn op it each rêstige ferhalen in teken fan de ferskrikkingen dy't noch komme moatte, sa as bygelyks it hûntsje yn Tine en ik dat syn rjochterachterpoat kwytrekket. Of wat samar in observaasje liket yn it ferhaal ‘In man of in bist’: Fierderop sieten noch in man en in frou, griis, mei brillen, foar elkoar oer de tiid út te sitten sûnder wat te sizzen. In famke stuite mei in bal tsjin de doar fan de w.c. oan. Der mankearde wat oan de bal of miskien ek wol oan it bern, want se koe him mar net heine. Doch hâlde se fol. (Giel mei oranje stippen, 43) De kombinaasje fan loftige mominten yn swiere ferhalen of just horrormominten yn loftige ferhalen ha faak in unyk effekt. Dat jildt ek foar de bysûndere draai, dy't in soad ferhalen krije. Net, dat it altyd like goed slagget. Fan de trije ferhalen yn Thús is de maggi op dêr't in frou har man yn fermoardet, soene dy ferhalen (‘Theedrinke’ en ‘De lapkeskat’) ek wol oars einigje kinne. De manlju fertsjinje miskien gjin better útein, mar it hat wat fan in tafallichheid. Oertsjûgjend binne dy ferhalen net. It oare ferhaal út 'e bondel, ‘Optimaal funksioneare’ is lykwols superieur om't de logika fan de moard troch it hiele ferhaal ferwurke is en net in needsprong is. Goïnga like bytiden wolris wat tefolle út te wêzen op in needlottich ein. Dat Martha's freondin Tine ferûngelokket mei in fleantúch op 'e ein fan Tine en ik, wylst soks hielendal gjin ferbân hâldt mei de rest fan it boek, is dêr in foarbyld fan. | |||||||||||||||||||||||
It komt as fanselsGoïnga har ferhalen binne spesjaal. By it ferskinen fan de earste bondel waard soks al opmurken. J. Pop stroffele yn syn besprek foar de radio oer de ‘haast’ dêr't de ferhalen neffens him mei skreaun wienen. Goïnga soe mei wat mear ‘zorg en zelfkritiek’ bettere resultaten berikke. Hy wie ek fan betinken dat se geregeldwei de ‘vertelsituatie’ ferkeard brûkte.Ga naar eind10 Dat soarte fan lûden waard by it ferskinen fan de lettere bondels net mear heard. Tiny Mulder neamde in besprek fan Thús is de maggi op: ‘De wûndere wrâld fan Hylkje Goïnga’. Yn in enkête fan it | |||||||||||||||||||||||
[pagina 433]
| |||||||||||||||||||||||
tydskrift Fryx út 1983, waard it wurk as ‘literatuer’ bestimpele, al fûnen guon ynstjoerders dat der wolris temin fariaasje yn 'e ferhalen te finen wie. Har wurk paste, sa die bliken - ek yn it Hollânsk - tige goed by de Twadde Feministyske Golf fan de jierren sechtich/santich. Benammen de wize wêrop't de frou de man yn in tal ferhalen dea makket, foelen der goed yn. Yn 1989 kaam Liesbeth Brouwer mei in tige wichtige analyze fan de ferhalen. ‘Baasjes moeten het ontgelden in de verhalen van Hylkje Goïnga. Het effectiefst gebeurt dat als we om hen kunnen lachen. [...] Hylkje Goïnga's ijdele personen missen zelfkennis; ze beseffen niet dat ze vaak een potsierlijke en opdringerige indruk maken.’ Brouwer beneamde de opfallend knappe skriuwtechnyk sa: ‘Hylkje Goïnga's verhalen ontlenen hun kracht aan de vertelwijze. Die vertelwijze maakt vervolgens de problematiek tot meer dan alleen maar relatieproblemen. Martha spreekt met dubbele tong: als echtgenote en als verteller. Het lijkt erop dat die twee verschillende belangen hebben.’Ga naar eind11 Yn har ôfstudearskripsje ‘Macht en ûnmacht yn it wurk fan Hylkje Goïnga’ (1989) gie Babs Gezelle Meerburg ek op de struktuer fan de ferhalen yn. De besprekken fan Goïnga har wurk wienen yn hast alle gefallen posityf. By de wurdearring waard faak wiisd op it ‘aparte’ fan de ferhalen. Mei dy kwalifikaasje bestiet it gefaar, dat de ferhalen nei de marzje fan de literatuer stjoerd wurde. ‘Apart’ wurdt hiel gau ‘net serieus’. Mooglik komt dit mei om't de Martha fan de ferhalen tefolle lyk steld wurdt mei de skriuwster sels, in tige opfallende en ek wol wat ‘aparte’ frou. Har wurk is nea goed genôch befûn foar de Gysbert Japicxpriis en dat is tige spitich. It soe it útsûnderlike nivo nochris offisjeel ûnderstreke hawwe. Yn de fyftich jier fan har skriuwerskarriêre hat Goïnga de foarm fan har ferhalen perfeksjonearre. Hoe koart ek, altyd falt wol in detail of in observaasje op. Hoewol't der fansels tuskenbeurtsjes by sitte, binne hast alle ferhalen technysk altyd tige knap skreaun. De skriuwster die dêroer sels frij nonsjalant. It kaam har oanwaaien, in plot foel har samar yn, oer de ein hie se hielendal net neitocht. Ik tink dat it in jefte is. Ik wit net oft ik my wol wat oanleard haw (...) Men moat fansels wol yn 'e gaten hâlde dat men net begjint te seuren. Net yn fiif sinnen sizze as jo it ek yn ien sin sizze kinne. [...] It ripet wol, mar soms is it der ek ynienen.Ga naar eind12 Sokke útspraken binne suver ferbjusterjend sjoen de finesse fan har wurk. Har bêste ferhalen (en dat binne der genôch foar wol twa bondels) binne sa perfekt fan timing, opbou of karakterisearring dat men de skriuwster suver net leauwe kin. Goïnga seach de absurde kanten fan it libben skerp. By alle tragyk fan de man-frou relaasjes dy't yn har wurk safolle oan bod komme, bleau dat each foar it absurde bestean. Dêrmei ûntstie wurk dêr't Tiny Mulder de kwaliteit tige helder fan beskreaun hat: En sa kin in ferhaal, dat lichtwei liket fierder te kabbeljen, swietsjeswei oergean yn in horror story. De oergong fan amusant fertellen nei in makabere styl kin Hylkje Goïnga sa subtyl ferrinne litte, dat de lêzer him ferrifele fielt. De lêzer sit krekt te laitsjen om in snoade episoade, mar it laitsjen stûket healwei omt er der tagelyk aan fan kriget dat it snoade behalven snoad ek driigjend is.Ga naar eind13 | |||||||||||||||||||||||
[pagina 434]
| |||||||||||||||||||||||
Boekútjeften
In oersicht fan resinsjes en ynterviews is te finen op it webstee fan it Fryks Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum: www.flmd.nl/goingahylkje.htm |
|