ferhalen ferskine yn it literêre tydskrift Absint, yn Frysk & Frij en it Friesch Dagblad. Fierder steane der ferhalen fan har hân yn de jongereinbondels Skroei en Broei en yn it Nachtboek. Ut en troch makket se in fers foar De Lyrische Courant en it Skriuwerskalinderboek.
Yn har wurk behannelet se gjin wrâldproblematyk, gjin filosofyske en oare heechdravende fraachstikken. Hja is benammen ynteressearre yn minsken, dy't bûten de boat falle en brûkt dêrfoar it byld fan einekroas: ‘in inkeld kroaske / driuwket wat fersille om / wit net / wêr't it bedarje sil / oant it stil / mei it ferstriken fan 'e tiid / yn nij / iepen farwetter gliidt’.
Troch te skriuwen kin se skerper sjen en tichter by har eigen wêzen komme. De fersen binne persoanlik en foar in protte minsken werkenber. En dat is foar it neist ek wat de lêzers yn har poëtysk wurk oansprekt.
Yn har proaza is se minder werkenber as ‘Saakje’ en liket de ôfstân tusken auteur en wurk grutter. Dat jildt perfoarst net foar it lange relaas ‘Bestean’ yn de bondel Sûnder hûd. Dat is in masterwurkje wat ynhâld èn foarm oangiet. It giet oer in frou dy't in klútsje yn it boarst fynt en har wei sykje moat yn in libben dat foargoed oars is. It is hast kamera-eftich skreaun: oant yn de lytste details registrearjend en mei in ferbjusterjend skerpe pinne. Humor is yn dit ferhaal in stylmiddel dat har ferhaal ekstra sizzenskrêft jout. By it earste ferskinen griep dat ferhaal my troch de autobiografyske eftergrûn tige oan.
Alhoewol't it Saakje fan ferskillende kanten ôfret is om dizze iepenhertige tekst publyk te meitsjen, hat se it oandoard en jou ‘Bestean’ in prominint plak yn har ferhalebondel. Krekt as it personaazje yn har ferhaal wie Saakje yn har kwetsberens moedich en sterk. No't se der net mear is, snijt ‘Bestean’ jin troch ieren en sinen. Wat sille wy ûnwennich wurde fan dizze bysûndere frou.