Dwersreed
Sjoerd Bottema
Dekalooch
Ik ha in nij mûsmatsje. Fan de Afûk. ‘Dekalogus foar in Fryskprater’ stiet boppe-oan it matsje. De tsien geboaden foar in Fryskprater. Dat is dus net samar wat. Dit is in hillich moatten. It brein achter it matsje is Durk Gorter, fan de Fryske Akademy. Dat is dus net samar ien. Dat is in professor doktor. Lykas de measte hilligen hat Durk net folle each foar de realiteit. Hy giet der nammentlik fan út dat elke Fryskprater it Frysk ek skriuwe kin:
Nim it beslút en skriuw safolle mooglik dyn boadskipbryfkes, brieven, e-post en sa yn it Frysk. Stjoer Frysktalige kaartsjes, dat falt op. Sa kinst dyn Fryskens sjen litte. (9)
Foutsje: ‘bryfkes’ moat ‘briefkes’ wêze.
Skriuw ynstânsjes, lykas de gemeente of ferienings, oan yn it Frysk en freegje om dy yn it Frysk werom te skriuwen. Doch soks freonlik en mei ferdrach. Do wolst ommers gjin tiid ferlieze of argewaasje ha fan útsprutsen tsjinstanners fan de taal fan Fryslân. (10)
Foutsje: ‘tiid ferlieze’ moat ‘tiid ferlieze oan’ wêze.
Ja, ik skoalmasterje der mar op los, want dat is wat Durk fan my as Fryskprater wol:
Help dyn kunde dy't it Frysk noch net sa goed ferstiet om it better te learen. Doch it tuike, tuike en lis har geregeld wat wurden út. (4)
Foutsje: ‘tuike, tuike’ moat sûnder komma.
Sa steapelet Durk it iene foutsje op it oare. Sa hillich is er no ek wer net. Ik soe der net om male, as Durk my net frege hie om ‘in foarbyld foar oaren’ te wêzen:
Ferbetterje nimmen dy't net ferbettere wurde wol. Wês sels in foarbyld foar oaren, sadat se ferkearde útdrukkings feroarje kinne. Draach der ta by om in libben en geef Frysk te behâlden. (6)
Soe Durk eins wol ferbettere wurde wolle? No ja, ik doch it lekker al.
‘Libben en geef Frysk’: Durk wol it ûnmooglike. Hy bewiist dat yn syn eigen stikje: ‘sadat’ is wol ‘libben’ mar gjin ‘geef’ Frysk. Yn geef Frysk komt ‘sadat’ net foar. Slaan it wurdboek, fan de Fryske Akademy, der mar op nei: ‘zodat’ is yn it Frysk ‘dat’. Erik Hoekstra, fan de Fryske Akademy, hat dat yn syn taalrubryk yn it Friesch Dagblad al ris kreas útlein.
‘Tien geboden. Het klinkt streng en wettig,’ skreau de Ljouwerter Krante, in het Nederlands, oer Durk syn Dekalogus. ‘Maar zo is het niet bedoeld.’ Durk hat it sa net bedoeld. Durk seit wat oars as at er bedoelt. Durk is lang net hillich. Durk is skynhillich. Dat er it allegear net echt miende, dat hat Durk sels de krante ferdútst: ‘It Frysk moat perfoarst út de drammerige hoeke. Jo moatte it net oplizze, mar it brûke yn oerlis.’ Dat klinkt wol hiel oars as op Durk syn matsje, hear:
Praat altyd dyn eigen taal wêr't dat mar kin. Net allinne thús, mar ek mei freonen en kunde, op it wurk of op skoalle, en sa fierder. Stel út oan elkenien dy't it wol ferstiet, om Frysk tsjin har te praten en lit har rêstich Nederlânsk tsjin dy prate. (2)
My de barrikaden opstjoere, my oantrune om op 'e tromme te slaan, dat it klinkt en daveret, fier yn it rûn, mei alle risiko's dy't dêrby hearre - se kinne my wol op 'e bealich jaan - en sels tuike tuike, in inkeld skeetsje sa no en dan,