Trioel
Wat no lige?
Yn it foarige nûmer reagearret Tr. Riemersma op myn ‘Dwersreed’ fan septimber 2001 oer de jongereinliteratuer. Yn dy (frijwat langtriedderige) reaksje skriuwt Riemersma: ‘Ik hoopje dat Van der Veer lycht, mar hy seit dat Eppie Dam “foar jongere lezers rekken mei wurdkar, taalgebrûk en lingte fan in sin [hâldt]”. As dat wier wêze soe, is Eppie Dam op wei nei de trivialiteit. Earst hâldt men rekken mei it feit oft dit boek ornearre is foar de roomse basisskoalle of foar de iepenbiere en dan hâldt men rekken mei it teare bernesieltsje dat men net mei pessimistyske ideeën lestich falle mei.’
No Riemersma, meist hoopje safolle as't wolst, mar yn in ynterview mei Gerbrich van der Meer (Friesch Dagblad 9 septimber 2001) seit Eppie Dam oer de grinzen fan berne- en folwoeksen literatuer: ‘“Dingeman” [Dingeman krijt wjukken, hvdv] is foar my in ultym besykjen om de grinzen tusken berne- en folwoeksen literatuer te sljochtsjen. Fansels haw ik by it skriuwen wol in beskate doelgroep foar eagen hân. By in berneboek moast no ienkear rekken hâlde mei wurdkar, taalgebrûk en de lingte fan in sin. It basale ferhaal moat foar de doelgroep goed rinne. De oare lagen dy't yn de ynhâld besletten lizze, kin dan troch de bern oppakt wurde, mar dat hoecht net.’
Henk van der Veer