Meiwurkers
Jaap van der Bij (1941) wie earst skoalmasteryn Alkmaar en letter learaar en direkteur fan de pa te Snits en nei de fúzjegjalp lid en foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de chn. Sûnt 2000 amtleas boarger mei in hiele bulte bestjoerlike funksjes fan organisaasjes dy't wat foar it Frysk út 'e wei sette wolle.
Ulke Brolsma (1943) wurket as foarljochter by de gemeente Saanstêd. Debutearre yn 1999 yn Trotwaer mei it ferhaal ‘It hûs’. Wûn yn 2000 in Rely Jorritsmapriis. Ein augustus ferskynde Iona, in bondel mei acht ferhalen.
Klaas Jansma (1949) hatin kommunikaasjeburoyn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by itFriesch Dagblad en skriuwer fan romans dy't by de kffb útjûn wurde. Hat frijwat non-fiction skreaun.
Wieke de Haan (1959) wurket by It Fryske Boek en freelance foar de F-side. Neamtharsels brijsieder, is net by steat om analytysk wurk te leverjen, mar wit wol ferrassende ynfalshoekjes te finen op har eigen wâldpyk-achtige wize.
Bouke van der Hem (1946) is jurist yn Grins, skriuwt sunt in pear jier wer Frysk wurk. Meikoarten komt by Frysk en Frij syn ferhaleroman Sloppe Opels út.
Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbun. Docht benammen ynternasjonaal ferlykjend ûndersyk nei oerheidsbelied en taal.
Atze Keulen (1938) Studearre klassieke talen yn Grins, wie learaar en konrektor yn Snits en rektor Hengelo. Publisearre in oersetting fan Seneca syn Troades (1995) en promovearre op dyselde trageedzje (2000).
Jitske Kingma (1959) wurke by it Friesch Dagblad, de lêste jierren as sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûkyn 'e Ganges, yn 1999 oanfolle mei In twadde libben. Wurket by de ynternetutjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer.
Korry Korevaart is universitair dosint Nederlandse Taal en Cultuur en beliedsadviseur oan de Leidse Universiteit. Se publisearret benammen oer 19e-ieuske literatuer: yn maaie lêstlyn ferskynde har proefskrift ûnder de titel Ziften en zemelknoopen. De literaire dagbladkritiek in de Nederlandse dag-, nieuws- en weekbladen (1814-1848).
Bertus Mulder (1949) is sosjaal-demokraat, wie dosint sosjale skiednis en is deputearre foar kultuer fan de Provinsje Fryslân.
Trinus Riemersma (1938) amateuristysk literator te Frjentsjer.
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Frysken Nederlânske romans, toanielstikken en dokumintêres, û.o. Opkomst en strijd van de arbeidersbeweging in Friesland (1978).
Jacob van der Vaart (1949) is as sosjaal-geograaf ferbûn oan de Fryske Akademy. Hy ûndersiket de ûntjouwings fan it Fryske plattelân (skreau û.o. in proefskrift oer de werbestimming fan boerepleatsen) en hâldthim fierder ek dwaande mei histoarysk-geografyske ûnderwerpen.
Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk, Frysk en wiisbegearte, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir, Kistwurk en Trotwaer, wurket as oersetter en is resinsint Frysk fan de Ljouwerter Krante. Yn desimber ferskynt by Bornmeer syn fersebondel Metropolis.
Anthonya Visser is sûnt 1999 heechlearaar Dûtske taal- en letterkunde oan de Leidse Universiteit. Dêrfoar wurke se as dosint germanistyk, û.o. yn Marburg (Dútslân). Se publisearret benammen oer nijere Dútsktalige literatuer en se is editor fan de rige ‘Amsterdamer Beiträge zur neueren Germanistik’.
Geart de Vries (1956) is programmamakker by Omrop Fryslân Televyzje, lanlike tv-útstjoerings en aktyf yn de Stichting Litteraire Activiteiten Leeuwarden. Fan him ferskynde yn 1999 Trochpaden. Oantinkens fan D.A. Tamminga oan syn libben en wurk.
Willem Winters (1946) sosjolooch, publisist en útjouwer (lyts). Publisearre oer de âldereisoarch, skreau foar De Strikel, de lc, Hjir en Trotwaer oer - koartsein - keunst en kultuer. Skreau in essay oer typearjende aspekten fan de Fryske literatuer: De wite skelkfan Richt (Hjir, desimber 1999).
Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.