In monumint foar in natuerpark
Klaas Jansma
Sietske Rintjema e.o. (red.), De Alde Feanen, schets van een laagveenmoeras. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2001. 192 siden. f 49,50.
Soms is in foaropwurd ûnbedoeld mear as in samling klisjees. Sa hat it ‘Ten Geleide’ by De Alde Feanen, schets van een laagveenmoeras yn 'e earste rigels mear problematyk meikrige as de amtlike ghostwriter foar Ed Nijpels ornearre hie. Der stiet: ‘Sinds het verdwijnen van steeds meer natuur uit ons land, voorheen aangeduid als “woeste grond” of “ûnlân”, neemt de belangstelling voor die natuur juist toe.’ Dêrmei is yn ien sin like ûnskuldich as treffend de problematyske ferhâlding fan 'e moderne dekadinte Nederlanner/Fries mei syn natuerlike omjouwing ûnder wurden brocht.
Nijpels suggerearret dat it ferdwinen fan ‘woeste grond’ yn ús lân noch hieltyd trochgiet, en dat ‘natuer’, ‘woeste grond’ en ‘ûnlân’ synonym binne. Hy soe it sa net skreaun hawwe as er dit eigenste boek oer de Alde Feanen fantefoaren mei ynmoed lêzen hie. Dêr stiet yn dat fan de ûnbekultivearre ‘woeste grûn’ net folle mear ferdwine kin, om't der sûnt de wurkferromjende maatregels yn 'e jierren tweintichtritich mar in inkeld postsegel-hoekje fan oerbleaun is, dat beskerme wurdt as wie it de goudfoarrie fan de Nederlandsche Bank. Sels It Waad wurdt fan 'e seedyk oant de eilanner polderdiken sa beboarre, bedold en befearn, dat men krantefoto's sjocht mei deputearren dy't mei in happer fan kultuergrûn wer ‘natuer’ besykje te meitsjen.
Unlân is der aldergeloks noch al; it liket him sels út te wreidzjen, oant yn 'e dekors fan djoere wenwiken en rekreaasjeparken ta. It heart by kultuergrûn as yin by yang. ‘Natuer’ is fan in oare, hegere oarder: it is foar de professionals dy't oan dit boek meiwurke hawwe mear in proses as in produkt, mear wêzens- as ferskiningsfoarm.
De Alde Feanen tusken Earnewâld, de Feanhoop, Grou en Warten binne gjin woeste grûn. Hja binne sûnt de achttjinde ieu foarme troch leikjende ferfeanters, lânoanmakkers, reidsnijers, polderbehearders en boeren. Rekreaasjeûndernimmers binne der ynvestearjend delstrutsen en lokje alle jierren hûnderttûzenen besikers. Earnewâld driuwt op dy koark, Grou foar in moai part.
Benammen lânbou en rekreaasje libje yn in spannende ferhâlding mei natuerkrêften, dêr't it Fryske Gea sûnt 1934 foar opkomt. Doe kocht dizze organisaasje ‘foar natuer en lânskip’ de earste bunders yn 'e Prinsehôf, om foar te kommen dat alle ûnlân yn in pear jier feroare yn boeregreide. Hja besiket der no ‘natuer’ in kâns te jaan.