In kontainerbegryp
By it begryp ‘leefberheid’ bekrûpt my in santiger-jierren-gefoel. It wie de tiid fan de lytse doarpen dy't yn aksje kamen om de fierdere delgong te kearen. Leefberheid wie it biedwurd en it gie om wennings en foarsjennings, om de besteansgrûn foar de lêste doarpswinkel en de skoalle, om doarpshûzen, om goede wegen en feilige fytspaden. - Saken fan leefberheid allegear, mar de fraach is oft dat ek mear omfettet.
‘It begryp leefberheid tsjinnet gewoanwei as in kontainer dêr't fan alles en noch wat yn past’, skriuwt Spyksma yn de foarste sin fan haadstik ien. Mei sa'n konstatearring binne jo moai klear. Omdat elk syn eigen ynfolling der oan jaan kin, is it kommunisearjen mei dat begryp hiel dreech. Ommers, myn foarstelling fan wat foar my leefber is, hoecht net dy fan jo of in oar te wêzen. As in gemeentebestjoerder seit dat er mei it oanlizzen fan in grut bedriuwsterrein de leefberheid tsjinnet dan mient er dat grif, wylst foar de lju dy't it fjild romje moatte of deun tsjin it bedriuwsterrein oan komme te wenjen, de leefberheid alhiel nei de barebysjes giet. De swierrichheid is dat elk oan fasetten fan de leefberheid oare wearden en gewicht takent.
Subjektiviteit spilet by leefberheid in grutte rol. De leefberheid mjitte of in grutste gemiene deler dêrfan feststelle is suver hast ûnmooglik. Skriuwe oer leefberheid is dêrom dreech. It is dan ek in goed ding dat Spyksma, foar't er syn leefberheidsgefallen besprekt, in ramt sketst dêr't er yn oanjout wat er ûnder leefberheid ferstiet.
Dat ramt ûntlient Spyksma oan de ekology. De algemiene eigenskippen dy't de eigensoartigheid fan it libben en dêrmei ek de leefberheid ferdúdlikje, binne, seit er, gearhing, gearwurking, selsorganisaasje en ûntwikkeling. Dy algemiene eigenskippen brûkt er om de leefberheid fan situaasjes te beoardieljen.
Om it noch wat helderder te meitsjen bringt er ek de omstannichheden yn kaart dy't oer it generaal op de leefberheid ynwurkje. Hy ûnderskied trettjin omstannichheden: ekonomys-