Wurger fan it boek as fan 'e tocht
De flok fan 'e technyske mooglikheden
Tr. Riemersma
Ultsje Hosper, Peter Karstkarel, Siem van der Woude, De Slachte. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2001. 136 siden. f 42,50.
Hoewol foar my dreech, want yn histoarje en biology bin ik beide gjin útblinker, foldogge de earste twa haadstikken my it bêste. Yn it earste wurdt útienset hoe't it destiids om en ta gyng mei dykoanlis en dykbehear. It twadde giet oer it lânskip en wat der groeit en bloeit. Dreech, mar de muoite fan it lêzen en nochris lêzen wurdich.
It lêste haadstik, ‘De Slachtemarathon van 8 juli 2000’, giet foar in grut part oer de tarieding fan 'e tocht en de tûkelteammen, dy't - ja, wat docht men mei tûkelteammen? Oerwinne, fansiden skowe, ferneatigje? No, soks. Ik nim daliks oan dat dy lju fan it Frysk Festival in hûdfol wurk hân hawwe mei it tarieden fan 'e tocht, dat der iderkear wer nije tûkelteammen de loft fertsjusteren en dat der nochris in berop dien waard op kreatyf tinken. Ik wol de pet ek bêst ôfnimme foar dy lju. Mar ik hoech it net allegear te lêzen.
De beskriuwing fan 'e tocht sels is meager. Dêr kin men wierskynlik ek gjin goede beskriuwing fan meitsje, want al dy tûzenen minsken hawwe de tocht wer krekt even oars belibbe. Mar dêr hie men dochs op ynspringe kinnen troch in hûndert rinners te freegjen om har bysûnderste of aardichste momint op papier te setten: kofjedrinke yn Achlum, de bui ôfskûlje yn 'e Wommelser súdhoek, en gean mar troch. Meiinoar hienen dy anekdoaten it belibjen fan elk wol sa'n bytsje dutsen en dan wie dit no wat al te flakke ferhaal, opgnisd mei dy anekdoaten, in feest fan werkenning wurden.
By einsluten it wichtichste en grutste stik, it ferhaal oer wat der op en om (de doarpen) de Slachte te sjen en te belibjen is. De earste fiif siden lêze goed, mar fan dan ôf wurde de beskriuwingen fan 'e doarpen yn it ferhaal fan 'e Slachte befrissele, mei as risseltaat dat it ferhaal fan 'e Slachte fynmeald wurdt. Ik hie my foarnommen om earst it ferhaal fan 'e Slachte te lêzen en letter út en troch ris in stikje oer in doarp of útbuorren. Mar dat is gjin dwaan. De stikjes oer de doarpen hawwe in gele ûndergrûn, dat sil wol in service oan 'e lêzer wêze, mar it wurket foar gjin meter. Dy grutte gele stikken binne sa massyf dat it trochrinnende Slachteferhaal nei de úthoeken fan de setspegel treaun wurdt. It slimst op siden as 87, 89, 90, 94. En neist dy gele flakken binne it de grutte en massaal oanwêzige foto's dy't it Slachteferhaal yn in úthoeke triuwe. Sa set men dochs ferdeald gjin boek yninoar?
Oer twatredde fan 'e trijekolomske setspegel stiet in streep. Dy streep suggerearret dat it twakolomske part oars is as it ienkolomske part. As dy streep dat net suggerearret, dan suggearret er neat en hie er weilitten wurde kinne, of oer alle trije kolommen lutsen. Dat de ûntwerper troch dy streep net op in idee kommen is, ferbaast my: hie it Slachteferhaal yn 'e kolommen lofts en rjochts fan 'e rêch set en it ferhaal oer de doarpen yn 'e bûtenste beide. Mei in fêst plak foar beide ûnderdelen hie in