De Messeslikker hie mear refleksje fertsjinne
Jitske Kingma
Sikke Doele, De Messeslikker. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2001. 144 siden. f 30.
De superlativen oer Sikke Doele syn debút De Gouden Teeman (1999) spatte suver fan de efterflap fan syn koarte românse De Messeslikker ôf. Om trije te neamen: ‘Sikke Doele is in skriuwer, in echten’ (Trinus Riemersma yn Kistwurk), ‘bysûndere ferhalen, dy't tige besibbe binne oan it wurk fan F.B. Hotz en Remco Campert’ (Ernst Bruinsma yn frsk), ‘Doele bewiist mei dit boek dat ek yn de Fryske literatuer in ferrassing noch altyd mooglik is’ (Joop Boomsma op syn Ynternet-Thússide).
Dat noeget my benammen út om De Gouden Teeman te lêzen en ik moat sizze, se ha net oerdreaun. Prachtige irony, sterke dialogen, moai fan taal en in soad humor. Doele tekent de jierren fyftich en sechstich flot en feardich en set in fantastyske satire del.
De Messeslikker giet ek oer de jierren sechstich, mar mist it kompakte persiflearjende fan syn foargonger.
In iisferkeaper op in waadeilân, Wierd, bout ijsko's en in nije relaasje yn in simmer fol sinne. Syn foarige relaasje is krekt út, mar dat jout neat, al op 'e boat snúft er de ûnwjersteanbere rook fan frijheid op: frij fan thús, frij fan skoalle, frij fan Mieke. Hy komt dêr wol de nije frijer fan Mieke tsjin, mar dy traktearret him royaal en dat levert Wierd ferhalen dy't hast net wier wêze kinne en in hiel protte pilskes op.
Syn nije baas, Thijs Ruijg fan IJs van Thijs, is hurd mar wol geskikt. Dy leart him de technyk fan it foardielich iis smarren, wêrby't de klanten belazere wurde (‘de basis fan alle hannel’) sûnder dat it opfalt. De earste nachten stiet Wierd op camping Balgzand, dêr't de skiep strang fan de bokken skieden wurde en dêr't nachts bange famkes har troch kampwachten op stjonkende brommers fan 'e ferkearde helte fan it terrein in droege sleat ynjeie litte om foar te kommen dat har kampkaarten ynlutsen wurde. It foldocht Wierd min, net allinne om't er gjin froulike útfanhuzer ha mei - dy hat er dan noch net - mar benammen om't er oant healwei trijen nachts út 'e sliep hâlden wurdt. Hy slagget oan in rêstich plakje mei in romtinkende campingbaas oan 'e oare kant fan it eilân en dat jout in protte romte foar de ferkenning fan it lichem fan syn eilânleafde Lucy.
Yn de prolooch wurdt de ferloedering fan it sedeleaze eilân sketst: bluisterige nachtravers, patatfretters en fytsedieven slane foar master op. De plysje hat der in dei- en in nachttaak oan om it geile jonge spul in bytsje binnen de stringen te hâlden. De epilooch toant Wierd yn de tsjintwurdige tiid. Hy hellet syn dochter op, dy't op fakânsje west hat op itselde eilân. Se hat dêr in freon opdien oan wa't se om Wierd net hingjen bliuwe hoecht. Wierd sels is hjir in man dy't frij wat argewaasje hat fan de wrâld om him hinne. Dêrmei liket er tige op de minsken dy't yn it ferhaal oer de jonge Wierd safolle argewaasje hawwe fan dy jongelju, út op sûpe, skoare en de jacht op in willich wiif.
Taal en styl fan it begjin binne tige ûnthjittend. De dialogen tusken Wierd en de nije freon fan Mieke binne flitsend en fol humor. Mar by de beskriuwing fan de campingbaas en syn wurkjouwer floeit Doele syn taal al wat