swijen ûnfoechsum dwaan en litten fan de kant fan dizze of jinge? Yn de offisjele ferklearring fan it Ljouwerter Kolleezje fan b. en w. wurdt praat oer in net oer te brêgjen ferskil fan ynsjoch tusken wethâlders en boargemaster as it giet om it deistich bestjoer fan Ljouwert, de gemeentlike organisaasje en de bestjoerskultuer. Mar wat is feitlik it ynsjoch fan de wethâlders op dy mêden?
Ik haw dêr oant no ta net folle fan heard. En, foar safier't ien en oar al yn kolleezjestânpunten werom te finen is, binne dy dochs ek oant en mei 19 oktober 2001 troch de boargemaster ûnderskreaun?
Blykber wie de ferhâlding tusken boargemaster en wethâlders en/of gemeenteried yn Ljouwert fersteurd, mar it frjemde is dat dêr yn de riedsgearkomsten, sa't dy noch yn deselde wike as it ûntslach holden binne, neat fan te merken wie. Of giet it winliken om in hiel oare saak? Bygelyks om in beskaat en net ûnbelangryk part fan de portefúlje fan de boargemaster? Troch neat te sizzen en der fierders it swijen mar ta te dwaan, bliuwe de al sûnt it begjin fan it boargemasterskip yn de stêd geande praatsjes oer beneaming en funksjonearjen fan de boargemaster ek bestean. Ik kin my net yntinke dat ien fan de partijen dêr, no of yn de takomst, in tsjinst mei dien wurdt.
Fansels, de gemeente en de direkt-belutsenen hawwe alle belang by in sa hurd mooglik opheljen fan rêst en normale ferhâldings. Dat slagget, sa't de gong fan saken yn al hiel wat gefallen sjen litten hat, lykwols hiel wat earder troch fuortendaliks folsleine iepening fan saken te jaan, as troch in swijen dat it ôflizzen fan ferantwurding ûnmooglik makket.
It hat der in soad fan dat de Ljouwerter belanghawwenden foaral de eigen, mooglik kontroversjele, rol mar it leafst bûten beskôging hâlde woenen. Dat is net ferstannich. Sa is it, sa tinkt my, bot nedich om de beneamingsproseduere fan trije jier ferlyn nochris goed kritysk te hifkjen. Hoe hat it safier komme kinnen? Binne yndertiid wol adekwate referinsjes ynwûn? Is de aspirant-boargemaster in krekt byld fan de Ljouwerter winsken en easken foar eagen holden? Hokfoar betingsten binne brûkt? Hokfoar belangen hawwe der krekt spile? De minister fan Binnenlânske Saken en kommissaris fan de keninginne binne beide deselde net mear, mar it wurdt my benaud om 't hert as de Ljouwerter fertrouwenskommisje, deselde as dy fan 1998, wer oan it wurk sil.
Yn wêzen kin it earfol ûntslach fan de boargemaster net begrepen wurde sûnder op de kwaliteiten fan de Ljouwerter polityk yn te gean. De Ljouwerter bestjoerders wienen ommers ek al earder útgliden, doe't it, noch ûnder in oare boargemaster, om de beneaming fan in gemeentesiktaris gie. En dan haw ik it noch net iens oer oare beneamings, of saken lykas it missen fan de netwurkstatus, de affêre mei de ûnreplik guod-belesting en it mar net op gleed kommen fan it Ljouwerter amtlik apparaat.
Nei de takomst ta soe ik yn alle gefallen oanriede wolle om de twa betingsten dy't by de beneaming fan sawol de lêste boargemaster as de gemeentesiktaris fan earder sa fan belang achte waarden (pvda èn frou), no mar oan de kant te setten en gewoanwei de allerbeste bestjoerder m/f dy't gading makket nei it amt fan boargemaster yn Ljouwert, te beneamen. En moat yn de takomst op 'e nij kleur bekend wurde, brûk dan yn stee fan it gleonread, tenei allinne noch de Ljouwerter kleuren!
(Skreaun op freed 26 oktober 2001, yn de krisiswike en dus foar it riedsdebat fan moandei de 29e.)