Tegels
Meinou P.
Juf, ik meitsje it lokaal allinnich wol skjin. Jordi is útnaaid, want hy woe ek mei de lange biezem, mar dy hie ik it earst en doe't ik sei dat er de bultsjes mar opfeie moast mei feger en blik en de slypbakjes leegje, sei er dat er dat juster ek al dien hie en doe gong er fuort. Hy sei dat syn mem lilk wurde soe as se sa lang wachtsje moast. It kin my neat skele, want ik doch it folle leaver allinnich. Ik fyn it net slim. Us mem hellet my noait mear op en Annet woe toch net mei my boartsje, sy gong mei Daniëlle en doe haw ik Daniëlle ûnder it foarlêzen stikem ûnder de tafel skopt, want se pakt Annet altyd fan my ôf. Annet is myn freondintsje. Nee, Jordi hoecht moarn net alles te dwaan, dan mei hy wol mei de biezem, hear juf.
Ik fyn it nije foarlêsboek wol moai, mar ik fyn der neat oan dat hoe hyt se ek mar wer har mem altyd dronken is en dat sy dan thús alles dwaan moat. Dat fyn ik silich.
Us heit drinkt altyd bier, fan bier wurde je net dronken seit ús heit, mar hy mei it fan ús mem net hawwe. As er wer bier drinkt, dan geane wy fuort, seit se en dan moat er him mar rêde.
Wol juf dy bultsjes wol opfeie mei feger en blik, dan romje ik de bibleteekboeken noch even op. Wêrom docht juf sels it boerd altyd, dat fyn ik moai wurk. Fan ús mem mei ik ek noait rúthimmelje, dan wurde se streperich, seit se.
Hat juf de rekkentoetsen al neisjoen? Ik begriep der neat fan, mar gelokkich kin ik wol goed taal, no juf. Sjocht juf wol dat Jordi syn fak net netsjes is? Sil ik syn namme alfêst even op it boerd sette?
Sa, no moat de ôffalpûde noch yn de kontener, ik nim him aanst wol mei nei ûnderen. Juf kin it klokhús der noch wol even yngoaie as juf har apel op hat.
Juster iet ús heit ek in apel en dan klapperet syn keunstgebit altyd sa en dêr kin ús mem net oer. Se sei tsjin ús heit dat er toch wolris wat fatsoenliker ite koe en doe smiet er de apel tsjin it behang. En doe raasde ús mem dat er it sels mar wer opromje moast, mar dat die er net. Hy gong fuort. Gelokkich hat ús hûn de apel fierder opiten en ik haw it behang wer skjinmakke mei it oanrjochtdoekje.
Juf, ik bin no klear. Oant moarn, of is juf Hennie der dan wer? Juf moat net opskriuwe dat Jordi moarn allinnich de klassetsjinst dwaan moat, hear. Ik fyn it sok moai wurk. Hoi juf, oant nije wike!