Catullus fierder ferfryske
Atze Keulen
‘Voor Friese vertalers is er nog genoeg blijven liggen dat de moeite van het vertalen waar is zoals het amusante gedicht over Egnatius met zijn mooie tanden of het lastig te vertalen gedicht over de uitspraak van Arrius’, skreau S. van Ek yn syn skôging oer de werprintinge fan de Fersen fan Romeinske dichter Catullus (Trotwaer july 2001, s. 257). Atze Keulen weage him oan carmen 84 en joech dêr de folgjende taljochting by:
Yn dit gedicht hat Catullus de gek mei de parvenu Arrius om't er de h ferkeard brûkt oan it begjin fan in wurd. Hoe siet it dêrmei yn de Aldheid?
De Griken brûkten aparte bylûden mei en sûnder in ha: de kh (chi, bygl. Khristos), ph (phi) en th (thêta), njonken de k (kappa), de p (pi) en de t (tau). By in lûd oan it begjin fan in wurd joegen hja mei in lêsteken oan oft it al of net (spiritus asper of lenis) mei in h útsprutsen wurde moast.
By de Romeinen lei it net sa ienfâldich. Yn 't begjin waard de h by de bylûden weilitten, soms ek by wurden út it Gryksk (teatrum), mar yn 'e rin fan de twadde ieu f. Kr. waard er krektoarsom soms taheakke (pulcer - pulcher). Foar in lûd oan it begjin fan in wurd wie er der earst wol, as oerbliuwsel fan de gh, mar ferdwûn er yn de rin fan 'e tiid; sa fine we arena njonken harena. Wy witte dat yn Catullus syn tiid filologen har mei dit probleem dwaande holden (sjoch bygl. Cic. Orator 160); fan ien fan har, Nigidius Figulus, komt de opmerking dat it boersk klinkt as men de h ferkeard brûkt (rusticusfit sermo, si adspires perperam).
Arrius sei khammenet iderkear dat er 't oer 't kammenet hie,
en fan it wurd ynsidint makke hy grif hynsidint,
en foar syn eigen gefoel hie er dán bjusterbaarlik moai sprutsen
as er sa lûd as er koe útsprutsen hie: hynsidint.
Sa hie syn mem, tink ik, sa hie har broer dy't al net mear in slaaf wie,
sa hie de heit fan syn mem, sa hie har mem it ek sein.
Doe't hy op reis wie nei Syrië ta, wiene de earen bekommen;
linich en licht klonk it no sûnder dy steurende h;
nimmen hie noed dat syn earen dat lûd ea wer hoegden te hearren,
doe't in ôfgryslik berjocht hommels út 't easten wei kaam,
dat de Ionyske see sunt Arrius dêr yn 'e buert wie
net mear de Ionyske is mar de Hionyske hjit.