| |
| |
| |
IJje Wijkstra's nei-arrest
Bouke van der Hem
Berjocht út de Provinciale Groninger Courant fan 18 jannewaris 1929:
Te Grootegast heeft zich hedenmorgen te ongeveer 8 uur een vreeselijk drama afgespeeld. Vier veldwachters, waaronder de gemeente-veldwachters van Grootegast, van der Molen en Meijer, en de rijksveldwachter Werkman, gestationneerd te Sebaldeburen en Hoving, gestationeerd te Opende, hadden van den Officier van Justitie te Groningen opdracht gekregen om een zekeren IJ. Wijkstra te Grootegast naar het parket te Groningen over te brengen. Bij Wijkstra was namelijk komen inwonen de vrouw van een zekeren H. Wobbes, die thans te Veenhuizen vertoeft en met welke vrouw Wijkstra samenleefde. De vrouw had haar zes kinderen in den laatsten tijd verwaarloosd, o.m. door ze moedwillig te verlaten.
Men vreesde dat de veldwachters bij hun taak om Wijkstra te arresteren op hevig verzet zouden stuiten, vandaar dat zij met hun vieren gingen. Inderdaad bleek de vrees gegrond te zijn, want toen de veldwachters ter plaatse kwamen, ging Wijkstra hen tegemoet en schoot eerst de beide gemeente-veldwachters en daarna de rijksveldwachters dood, waarschijnlijk met een karabijn. De gemeente-dokter, die onmiddellijk ter plaatse was, kon slechts den dood constateren.
De dader is aanvankelijk gevlucht, doch om 1 uur hedenmiddag te Groningen gearresteerd en in verzekerde bewaring gebracht. Hij is ongeveer 35 tot 40 jaar oud. Hij is steenvoeger van beroep en tracht ook wel den kost te verdienen met harmonicaspelen. Hij staat bekend als een communist.
De veldwachter van der Molen is weduwnaar met twee kinderen. De drie andere veldwachters zijn gehuwd. Meijer heeft vier, Werkman drie en Hoving twee kinderen. Het parket van Groningen heeft zich hedenochtend naar Grootegast begeven.
Ik bin Joop Zwart, akteur by it Noord-Nederlands Toneel en sûnt in jier of wat doch ik der regy-wurk neist, ek by oare selskippen.
Mei't ik it drokker krige en de fertsjinsten tanamen, wie ik by steat en keapje in âld spultsje by it gehucht De Snipperij, ûnder Doezum of wat de minsken faaks mear seit: flakby de Pein, gemeente Grootegast, yn Grinslân dus. It wie in púnfal. Mei help fan freonen haw ik it sels opknapt. It wie bouwen oan in dream.
It is no klear en it is prachtich beteard.
| |
| |
Wylst wy oan it mitseljen wiene ried oer de Polmalaan in mantsje út it doarp op 'e fyts foarby, kearde en kaam de daam yn. Hy hie in doel, mar skytskoarre mei it boadskip; as teaterman ha jo in antenne foar soks.
Mei de fyts oan 'e hân hat er my doe it ferhaal ferteld fan IJje Wijkstra dy't Aaltje Wobbes har fiif famkes en lytsjonkje yn 'e steek litte liet: fjouwer plysjes út 'e streek dy't fan de hoge-heren-in-stad stjoerd wienen om him der op oan te sprekken, lei er yn 'e snie del, yn ien kear of guon noch mei in ekstra nekskot en it barde hjir, yn jo hûs, op jo hiem, wat tinke jo dêr no fan, dat wisten jo grif net doe't jo dizze eh, klinte kochten, wol?
Eefkes wie ik ferbjustere. Doe frege ik oft er net sittend fierder fertelle woe, op de skaafbank of sa - set yn elts gefal dyn fyts efkes op de stander, man, dit is in frij en feilich plak, der oerkomt dy neat -, mar nee, tankjewol, hy moast noadich wer ris opstappe. Ik wit noch dat er de skonk oer it sadel fan syn damesfyts tilde; Joops profesjoneel each foar details, hear ik faak sizzen. Doe't er de daam útfytst wie, bikke ik al wer in nustje stiennen foar de bou fan myn hûs, dat dus tagelyk ek in folksteater, sis mar arena west hie. En ik seach der daalk in projekt yn. Doe al miende ik dat it draaie moast om de clash fan ‘drang en dwang’, eksistenso-drama yn ús termen.
As ik der oer neitink kom ik op in pear twadiminsjonale aksinten, foar myn part symbioazes, dy't om bar liede nei twa assistinten.
De aksinten ha te krijen mei myn eigen distânsje. It earste giet oer it skriuwwurk en hat as diminsjes: profesjoneel én folks. Ik bedoel: ik moat mysels earst wat út it projekt weromlûke om immen oars romte te jaan foar it profesjoneel skriuwen fan in folks manuskript. En dan kom ik persoanlik by it twadde aksint, de útfiering, wol wer nei foaren. It stik moat nammentlik regissearre en spile wurde troch in berops mei doarpsspilers om him hinne. En dat bringt my as fansels by de twa assistinten. Ik sil se meikoarten útnoegje.
Hjir flak oer de grins yn Fryslân wennet Gjalt van der Meer, yn 'e tachtiger jierren hat er him as suveldirekteur útkeapje litten en dêrnei is er begongen mei wat er eartiids by gelegenheden al besocht: stikjes skriuwe. In stikmannich fan syn Fryske ‘kronkels’ binne wrachtsjes yn in bondeltsje sammele! Mar hy skriuwt ek yn it Hollands, sa't sy dat neame. En yn it gemeentekrantsje stie lêstendeis in stikje fan him mei streekdialekt deryn ferwurke. Ik ha kunde oan Gjalt en wit dat er hinget oan smoute ferhalen, dat er oplibbet by nuvere fiten fan syn komelkers destiids en it paad siket tusken folkloare en drama.
En yn de Pein sels hat okkerdeis Alida Zaagman har ta wenjen set. Of better sein: Alida Hulsinga, want hja is skieden. Dat se hat no mear tiid foar har toaniel-passy. Net ûnfertsjinstlik amateurnivo; ik ha der in kear in clinic fer- | |
| |
soarge. Moai frommis trouwens. Lûkt in protte manlju op it doarp oan, grif no't se tinke dat se single is. En de jongerein hat respekt foar har, tink derom! Se hat in baantsje, fansels. Dekaan yn it mbo of by sa'n Regionaal Opleidingscentrum; ik kin soks langer net rjocht útinoar hâlde.
En ik sil de wethâlder dy't keunst en kultuer yn syn portefeuille hat, alfêst op 'e hichte bringe. Noch efkes útfine wa. Kin de man der yn de begrutting rekken mei hâlde. En der moat fuortendaliks in startsubsydzje komme. By need út de ynsidintenpot; ik ha no al wille.
Joop Swart hat my frege.
Mei in sekere Alida Hulstra haw ik der west. Jawis, op it âlde stee fan de Wykstra's, plak delikt. Fratsemakkers ha der in boerderette fan besocht te meitsjen, wylst it in arbeidershûske wie. Dat is al punt ien.
Ik harke nei de skiednis fan it hûske. Joop wist der net folle mear fan as wat de foarbygonger út de Grinzer Pein him ferteld hie. Mar ik wie ferkocht. De gearkomste sels hie net folle om 'e hakken. Ik ha alteast net folle sein. Buten de doar bin ik mear in observator. Ien kear thús skriuw ik direkt wat op en fermeitsje ik my der fierder mei.
Ik notear: IJje Wykstra heart minsken op it hiem omskaaien, hy krûpt oer Aaltsje hinne de bedstee út, nimt syn wapen, laadt it troch, rint nei de doar dêr't roppen wurdt fan ‘folluk, wy komme dy by Aaltsje weiheljen’, hy docht it rútsje iepen, de pet fan in plysje ferskynt en hy rekket him tusken de eagen, dea. Hy nimt de achterdoar en by syn slach om it hûs hinne sjit er de oare plysjes del, de lêste wit út 'e sleat wei noch werom te sjitten nei't IJje even stroffele en foel, hy ferwûnet IJje en krijt dêrnei dus it genedeskot en de hals trochsnien.
Mar hjir kin ik fierders neat mei, sorry dat ik it sa sis: dit is te gewoan, deagewoan.
Ik moat op 'e sneup. In bytsje yn de argiven en in soad yn myn ferbeelding. Dit is dé gelegenheid. 'k Kin 't nait wacht'n, sizze de lju hjir fan oer de Skieding.
Hoe kaam IJje (wedzje: altyd frijfeint west) oan Aaltsje en hokke sy by him yn it hûske? Wêr lieten se syn mem dan? En har keppel bern? Ik lies oer de eangst foar in folksgerjocht. En dan dat rychje: stienfoeger - akkordeonspiler - betide kommunist, in gouden trits tinkt me.
Ik sjoch it jûnpraten by Wobbes-en-dy. Ik hear de swetscrij oer it stropen en turfroven, spotterij mei de hermandad en it yntermezzo fan IJje dy't in mopke spilet. Hindrik Wobbes dy't him al aardich om hat; of waard der faaks ûnder anargisten, harkiten, kommunisten en neam se mar op, yn dy tiid net folle ynnaam? Hawar, dat kom ik noch wol oan 'e weet; leaver ferbyldzje ik my it willige ear dat Aaltsje hat foar de muzyk. En moai wis bin ik al fan it
| |
| |
gleone each dat se op it mantsje smyt as er de akkordeonrym oer it skouder slacht, hieltyd wer. De skoften tusken de ferskes wurde koarter, se jûchheit en fersiket om in nûmerke want se wol graach meisjonge, ju, en Hindrik, och dy is al fierhinne, it giet no even om ús, spylman doch it foar my. It jonkje wurdt der wekker fan en ropt, de fiif famkes suksessyflik; moat dat no sa Hindrik? Se binne wol fan Hindrik, mar no even net, lit Aaltsje ris wat dwaan, woar is mien wief, mar sa't er niis sei: hy hie dy heareboer dus by de strôt en syn knyft kaam der noch by en doe ferskynde de plysje en waard proses opmakke en no moat er nei Veenhoez'n, woar blieven zullie? Sy wie mei IJje, har harmoanika-man.
Ik sneup wat yn argiven en praat mei dizze en jinge.
Ik bin ek it mantsje út de Pein op it spoar dat de nije bewenner fan de Rottelaan, want dat is hjirre de folksnamme foar dy Polmalaan fan Joop Swart, warskôge hat. Wat him noch it meast dwers sit is dat IJje's djip-griffermearde mem, al widdofrou wurden, har soan yn 'e kost hold wylst menear him útskriuwe liet en lid waard fan De Dageraad, fan de Vrije Gedachte. En tenei syn dowen ek op snein losliet! IJje rekke syn leauwe neffens myn ynformant kwyt by in oannimmer yn Doezum, yn ien fan syn koarte baantsjes, troch al dat goddeleaze gepraat fan de sosjalisten. Mienskipssin propagearje, mar wol syn mem der daliks útskoppe doe't er foar it earst mei in frommes oansetten kaam. Twa sûndige skepsels dy't op gemienskip útbinne, eltsenien hat sjoen wat der fan komt! Oardel wike nei it drama stoar syn mem; net wis fan Jezus' earms.
Ik krige wrachtsjes in artikel ûnder eagen dat bewearde: IJje lies letter yn finzenis Friedrich Nietsche, de filosoof dy't safolle delhammere, benammen de frou. Ik wit net iens of ik dit wol sekuer ûntholden en goed begrepen ha. Wol bin ik wis dat er him op tekenjen talei. Bewizen derfan beseach ik yn it forensysk museum. Detailstúdzje fan in flinder. En bisten oan it tsjoar, sa't him noch bystie fan it hiem op it Westerkwartier. Sis mar: dêr't no de sierfisken yn Swart syn Praxis-fiver swimme.
Oant er hieltyd mear mei in spoek op 'e rêch troch it gebou rûn, oeral klopsinjalen hearde en famylje skreau dat dy fan Engel des Verderfs Aaltsje ôfkamen. Hysels frege om út it frijere rezjym tebekset te wurden en men sleat him wer allinnich op yn in sel, ienlik. Op in stuit die er himsels mei in kleanmakkersskjirre tekoart. Yn Eindhoven, fierder fan hûs kin eins net.
Ik bin no safier dat ik myn fermoedens doar op te skriuwen: IJje is nei't sy in kear mei de muzyk meimocht, ferlaat ta fêste omgong, se hat him ûnder druk set. Earst mei kulstrikerij, mei optochte flautes, har perioade dy't mar
| |
| |
net kaam, dêr wolsto dy dochs net foarwei wine, jonge; doe driigde se har te ferhingjen as hy de ferkearing net wer oanmakke en tink om it folksgerjocht dat dy dan yn Doezum te wachtsjen stiet en oars wol yn ús Harkema.
Myn fermoeden is dat er war dien hat en gean fierder net op Aaltsje yn. Syn kammeraten woe hy der net foar opjaan: syn freonskip mei Hindrik en de geregelde jûnpraters, de dowemelkers, klompmakkers, de mannen dêr't er mei aaisocht, fiske, mollefong en dy't de stien rûndraaiden as er redens slipe. Dy priis wie him eins te heech. Hy woe net fanwege in wiif skoudere wurde by de petearen oer de kwestje ‘baas fersus arbeider’. En tuskentroch woed er mei syn maten sjonge en muzyk meitsje. Har iepenlik geflikfloai foel ferkeard yn sok fermidden, as in steurend stopwurd, as in oanholden falske noat.
Mar al fersette IJje him ynearsten tsjin de ferlokkings as wie er noch in grifformearde mannenbroeder, se gongen him mijen, solidêr mei Hindrik en doe, ja doe liet er it rinne. En ien kear de daam foarby stienen alle hikken iepen: hy naam Aaltsje by 't leven en helle sa syn bysliep-achterstân yn. Hy bekroade him om gjin mins mear.
[Ik bewearde niis wol dat ik dizze fermoedens doar op te skriuwen, mar ik moat der wol mei avensearje; mei in wike of wat moat it klear.]
Syn ekonomy wie in simpele balans: wat bin ik noadich, wat kin ik sels opbringe (wat bringt it hiem en it harmoanikaspyljen op, wat kin ik brûke, ruilje of barre) en it ferskeel dat moat ik byinoar stelle.
Fergetten wie er de Dageraad en alles wêr't dat foar stie. Sadree't er belies joech, ja, doe wie der gjin maat op. In beruchte driftkop.
Syn ekstreme gedrach kin ferklearre wurde, mar is net te ferdigenjen.
En dochs: ik hâld - lit dat dúdlik wêze - fan bysûnder gewoane mantsjes. Hy wie sa'n mantsje.
Hy hie gjin aliby oars as syn hjitte karakter, mar just dêrom is hy mear myn man, wurdt hy myn personaazje.
Ik bin der wis fan dat ik net oerdriuw. Goed, ik romantisearje út en troch wat, dêrfoar is men skriuwer. Der stekt ek wat fan in kronikeur yn my: ik lis fêst wat my opfalt. Ik sjoch him bygelyks by teiwaar mei strie yn 'e klompen op it iis piksjitten foar wat bûssinten, ik..., mar dit skaait faaks al wer nei goedpraterij. Ik ha der lykwols gjin djippere bedoeling mei as it fêst te lizzen ear't nimmen der mear wat fan wit. En altyd myld-iroanysk brocht. Heechút is myn ymplisyt boadskip derby dat de personaazjes út myn stikjes, it ark dat se brûke en it libben dat se gund is, minstens sa de muoite wurdich binne as de stress-models, alle hightech hawwedinkjes en de tucht fan kommersje en kriminaliteit dy't ik hjoed de dei yn 'e krante, op 'e buis en sels hjir ek al op strjitte waarnim. Sa, ik ha sein!
Ik ha sein, mar it moat skreaun. As de duvel!
| |
| |
Net langer yngewikkelde konstruksjes, moai streekrjocht skriuwe. Tink oan Rink. Mar fansels net yn toanielfoarm, dat is neat foar my. Lit dy Swart syn eigen sop siede; soa, dat wie punt twa. Ik skriuw wol in briefke nei it gemeentehûs.
Nee, myn stik oer IJje moat tagelyk myn hommaazje wurde oan grutte ynspirator en favorite skriuwer Rink. Oan Van der Velde silger. No amper in healjier dea. Foar him hie der ferhaal by 't soad yn sitten foar in boek. Mar ik bin Gjalt van der Meer. Myn talinten leinen yn de suvel en ik bin net betûft yn it skriuwen fan foldroegen boeken. Dat kinne jo ûntwikkelje, sizze de lju yn it rûntsje om my hinne. En ik sil it besykje. Mar ik begjin it ûnderwerp mei in ferhaal. Dan bin ik wis dat de persoanlike hommaazje der komt en dat ik in taastbere bydrage nei buten bring, yn elts gefal ynstjoer. Want dat is wol de goal dy't ik yn 'e kop ha. Ik wol wol graach lêzen wurde.
Ik moat avensearje, we spylje al yn 'e lêste helte. De sjuery begjint oare moanne.
En tink derom, Gjalt: hja hâlde net fan ôfraffele teksten. En se ha neat op mei skriuwers dy't útstriele: myn magnum opus sit der oan te kommen. Proaza dat poëzij lykje moast of oarsom: gjin priis. Of hiele boekekonsepten yn in nustje siden parst: idem. Neibauwerij: dito. Krekt, sa lêze wy ek graach dyn eigen skriuwstyl, ûnderskied dy fan Jopen en Alida's, befrij dysels fan dyn ghost-writer!
En set no fierders dizze sabeare pommerante-sjuery út dyn gedachten, skriuw fan IJje en syn Aaltsje.
Ik ha doe fuortendaliks tsjin de hear Zwart sein: Ik wit net oft ik de frou foar jo bin. Hy gniisde wat dûbelsinnich en sjoch, dan komt immen der eins by my al net mear yn, dan hat er it by Alida Hulsinga foargoed bedoarn.
No't ik der wat mear oer neitocht ha, tink ik: Moat ik hjir wol oan meidwaan. Ik bin sa bang dat it op in net te kearen wize de kant utgiet fan ferhearliking. De frijfochten man as de spil yn it stik en de lekkens útdielende man yn it sintrum fan de útfiering.
Nim no de beëage skriuwer fan wat nei alle gedachten in modern toanielstik wurdt, de hear Van der Meer, in protte wurden hat er net brûkt doe by Zwart thús en dat kin ik wurdearje. Mar dan moat er net sizze op myn omtinken freegjen foar de posysje fan slachtoffers: ‘Och, wa is slachtoffer, wat is ûnder en wat is boppe, Meindert Tjoelker socht sels rûzje.’
Harrejakkes, sa komt men noait ta maatskiplik ferantwurde hanneljen. En it stik sels krijt gjin aktuele ûndertoan en nimt gjin stelling.
En wat dy alsidigens fan Zwart oanbelanget, wy spylje en regissearje beide, mar ik skriuw sels en hy besteget it skriuwwurk út oer de Scheiding. Net dat ik it allegear dwaan wol, mar in bytsje mear respekt en in iepen besprek hie gjin kwea kind.
| |
| |
Ik ha my earst ferdjippe yn Wijkstra. Dêrta haw ik in dei op de bibleteek sitten en mei dizze en jinge fan de âlderein praat. Sy krigen it ferhaal oerlevere fan har âlden. Want tink derom dat it yn dizze streken opwining teweechbrocht. En dat docht it nóch. Dat murk ik ek doe't ik in achter-achternicht fan ien fan de fermoarde plysjemannen in ynterview ôfnaam. En dat is myn twadde pylder: myn yntuysje late my fia Aaltje van der Tuin - sa't ik har neam - nei oare slachtoffers. En as lêste haw ik myn pedagogyske ynslach sprekke litten wêr't it giet om ‘hoe no fierder’. Ja, ik ha my al sis ik it sels, goed taret. De wethâlder sil fan my in ôfwoegen, ymplemintearber advys krije.
Wijkstra hannele nei myn betinken út in mearsidich minderweardichheidskompleks wei. Mar dat makket him efternei besjoen net minder ferantwurdlik foar syn eksessive dieden. Boppedat hie er yntiids syn warskôgings hân. IJje wie in memmepop en dat bringt my op in bykommende swakheid: hy stie syn heit net. En bleau letter bang fan elke autoriteit. Mar kompensearre dat ryklik, dat mei men wol sizze! En hiel sprekkend: syn hiele libben benaud foar ûnwaar. Lestich foar in notoare streuper, hy skamme him foar syn maten oer en wie dus leafst allinne op 'en paad.
IJje bleau altyd lytse IJje, hy mocht net heger groeie as ien meter achtenfyftich. En sokken besykje alles yn it grut te dwaan... Trije soarten wapens hied er en it levere him ferskate bekeurings op.
Trouwens, ein foarige ieu kaam hjir yn it Westerkwartier in man út 'e kast dy't in soan fan Wijkstra wêze soe, al út 1920. It kin wêze dat Wijkstra him by gelegenheid oer syn ûnderstelde skrutelens hinne sette woe en dan krampeftich yn it oare uterste skeat.
Gjin wûnder dus dat hja mei fjouwer man sterk nei it hûske setten en helje Aaltje. Want sa lei it der hinne: hy hie har foar syn memmy ynwiksele. En har bern waarden op in moarn wekker sûnder mem en sa soe it bliuwe. De stumpers waarden opfongen yn it gemeentlik earmetehûs en dêr moast fansels mei har oer praat wurde. Se kamen dus foar in petear mei Aaltje, net foar him. Ik ha de bebloede oprop dêrta, dy't op it lyk fan plysje Van der Molen fûn waard, besjoen. En as men soms witte wol wa 't nei letter bliek tagelyk yn datselde tehûs siet: krekt, ús pyst syn niisneamde bastertsoan! De man wit noch details fan alle seis Aaltje-bern te jaan; mei de âldsten hie er daagliks boarte.
Ik wit wol, in akkordeonspiler dy't merken ôfreizget mei in aapke op 't skouder, hat it makke by folkse skriuwers en as dan letter noch bliken docht dat er Nietzsche lies...
Mar mei ik harren omtinken dan asjebleaft freegje foar de santjin wezen
| |
| |
(heal, hiel of likernôch) plus ien dêr't we nea earder fan hearden, foar de achtjin kânsleazen dy't ús spiler op syn konto skreau? En dan praat ik noch net fan de widdowen dy't harren der fan 18 jannewaris 1929 ôf allinnich mei rêde moasten.
Dy fiere famylje fan plysjekant sketste it my yn skrille keuren: twa generaasjes mei materiële swierrichheden en dêrfandinne brekkige opliedings, tamtearre takomst, gjin foet oan 'e wâl krije, gedrachsswierrichheden, yn plysjehannen falle, enfin, de bekende spiraal. Platberiddenearre yn sosjalisterûnten, net wier?
Wolle útjouwers, literêre fûnsen, beoardielers en lêzers hjir efkes by stilstean? Nee, leaver as foar Wijkstra freegje ik omtinken foar Aaltje.
De earme siel waard berne oer de Scheiding yn De Harkema, dat doe noch Hamsterheide hiet. Se wie ien fan de santjin út in konkubinaat, wier. Helje de spiraal der fierder mar wer by!
In man betsjutte foar har besteanswissigens; se koe der gjin wike sûnder, it koe gjin wike lije. Dus ear't har Wobbes goed en wol yn Veenhuizen siet, wie de oansluting by Wijkstra al foarinoar. En har bern wienen better ôf yn in tehûs, it fangnet foar stumpers fan de straffende oerheid.
Aaltje wie slachtoffer fan de omstannichheden en dêr kaam Wijkstra noch oerhinne.
En oan har wol ik myn bydrage wije. Ik wol net sa fier gean en draach it oan har op. Dat soe ferhearliking de oare kant op betsjutte. Mar ik ha har yn myn gedachten by it útwurkjen. Ik wol it oanslute litte by de aktuele diskusje oer sinleas geweld. Fier foar Meindert Tjoelker wie der Aaltje van der Tuin, sokssawat. Ik wol in soartemint fan paadwizer foar skoallen meitsje om it gesprek - wat my oanbelanget: it protest - stal te jaan. Ik tink oan in gespreksynstruksje-fideo mei neispile foarfallen. Makke nei in selsmakke draaiboek. In senario dat dus postúm mei skreaun waard troch Aaltje. It archetype fan de ûnderlizzende frou. Meidieder yn de eagen fan justysje. En fan it folk: it folksgerjocht dat der kaam keas har ta sûndebok.
Mar as it slagget sil út myn analyze bliken dwaan, dat sy as maatskiplike fariant fan in letselslachtoffer sjoen wurde moat. Sa bringt elk tiidrek syn eigen slachtofferfariant mei. En sa'n fideo is dan in goed idee, al sis ik it sels. Yn dy kontekst spylje ik graach de slachtofferrol. Mar in nuodlike ûndernimming is it wol; tagelyk de ultime útdaging. Ik wol dat we de premiêre hâlde op myn skoalle; it skoaltype dat foar ‘stoer’ en manlik trochgiet, mei it publyk dat it meast liket te flikkerjen mei fysyk geweld.
De wethâlder krijt fan dizze frou in fundearre útstel méi finansjele ûnderbouwing en al; hy sil ferheard opsjen.
Lykas Joop Zwart, dy't stil yn 'e waan ferkeart dat hy IJje spilet en ik ûnder syn rezjy Aaltje; brrr.
| |
| |
De earste tekst foar in opskrift paste wol tsien kear op sa'n skiterich memobledsje: ‘Voor hen die vielen’. Ik ûnderskreau it net yn funksje, as wethâlder, mar as belutsen, meitinkend boarger Haijo Schut. Want ik bin fan geboarte Westerkwartierder en de Wijkstra-saak wie by ús thús faak petearstof.
Myn memo is no trouwens efkes lâns it haad fan de Dienst Informatie en Administratie.
As jonges hienen we it oer de spannende feiten. De reis fan de fjouwer plysjes troch kjeld en snie nei it hiem fan Wijkstra, it earste skot, de brân dy't er sels oanstuts doe't er mei syn ferwûnings nei it sikehûs yn Grins ôfsette, munysje-eksploazjes wienen oant yn Tolbert te hearen en kundigen om samar te sizzen syn trochkomst oan, healwei fertelde er grutsk syn wederwarichheden noch oan in alarmearre maresjesee, te ferstuivere foar aksje, oant er oankaam dêre by it roomske sikehûs en ôfpoeiere waard want der wie gjin ferwiisbriefke fan de húsdokter. Dat fûnen wy doe wol moai, ommers yn de trem nei it akademysk waard er ynrekkene. Syn dikfertsjinne lot temjitte. Mar as folwoeksenen krigen wy it ek oer de achtergrûnen, riddenearren fansels as de grifformearden dy't we altyd bleaunen en kamen sadwaande op it lek en brek fan dat roomske sikehûs: in kristen moat yn sokke sitewaasjes altyd eltsenien earst helpe.
En no betink ik der as beliedsferantwurdlike noch by: doe ek al in burokratyske tizeboel yn 'e sûnenssoarch!
It wie oars in slach sûnder wjergea foar de gemeente: har hiele plysjekorps wei. Sjuch, dat bringt ús wer by de aktualiteit: ik stribje nei in algemien akseptabel tinkmomint foar it drama oan de Polmalaan, yn ien of oare foarm. Mei de boargemaster haw ik it al sondearre en ôfkaart. Ik ha frijspul.
Hjir is al it kladsje fan dia werom, der is dêr in stik ferbettere sûnt de reorganisaasje; ‘Is het U bekend dat ingezetene Wijkstra erbij gewond raakte omdat hij op zijn heem viel en daarvan zijn hele verdere leven last heeft overgehouden? Derhalve onze advies-tekst: Zij die stierven.
Ja, hjir moat noch efkes mei omprutst wurde, want op de tsjinst witte hja net fan de konkrete ynfolling dy't ik wilens ûntwikkele.
Ik krige fan frou Zaagman-Hulsinga in wiidweidich útstel; in kursus kommunikatyf skriuwen soe oan har bestege wêze. Se woe in fideo meitsje en op iepenbiere en kristlike skoallen fertoane, no ja, dat wurdt neat fansels, dêr falt men by yn 'e sliep, hoewol't hjasels it oansjen lije kin. Relatyf djoer is se ek noch. En ik wit hoe't de hazzen rinne; mei in jier komt de petysje fan de iepenbieren neffens it betûfte senario fan har learaars: sy wolle it ek op dvd hawwe.
Op it alderlêste momint kaam der noch in lullich briefke-voor-de-goedeorde fan in sekere hear G. van der Meer, oer de Scheiding. Hy hie in Frysk IJje-ferhaal makke, ‘Heger Berop’, miskien letter in hiel boek, hy stjoerde it
| |
| |
yn nei in lokale priisfraach en bijgaand voor U t.k.n. Dat wie dan dat. Sa'n sjuery sil dochs wol wizer wêze?
Earst eefkes kladsje retoer tsjinsthaad dia: ok, dan maken we het af op Zij die hier stierven.
De man moat witte dat ik oan in soartemint fan monumint sit te tinken, in tinkstien dêr't ider syn gefoel by ha kin, dus an sich neutraal, mar ta neitinken útnoegjend, ynspirearre troch in mearsidich ûngefal, mar sûnder sels te kiezen. Of sa't ik it lêstendeis tsjin it haad Iepenbiere Wurken by de opdracht ferwurde: as wie der in Messcherschmidt op in skoalle fan ús delstoart. Hy begriep it. De widdo fan de piloat moat der by need ek hinne kinne.
It is dus wol to the point dat dia it gehiel no oanskerpet mei De betreurden / 18-01-29.
Ik krige goeie respons fan Iepenbiere Wurken. Tenearsten stelden se út (fanwege kosten, romtegebrek op de stien en duorsumheid): in plakette op marmer. Materiaal dat net bot útslacht. En twads beaen se oan der nei realisaasje it each op te halden, wol yn de beheinde mjitte fan har sûnt reorganisaasje ynkoarte mooglikheden, mar dochs! Der siet warimpel mei-ien in kalkulaasje by. Ik oardielde: moat kinne. Ik hâld fan koarte linen en net fan babbelegûchjes; wy binne hjir modern grifformeard.
In DIA-sekretaresse bringt my harren lêste ôfwaging by dat einstikje / 18-01-29 fan it opskrift foar de plakette.
Foar folsleinens stelle se no út: De betreurden / van 18-01-1929.
Ik rin by de boargemaster del foar finaal oerlis.
Joop Zwart kaam werom fan in foarstelling yn Ter Apel. Fan in drege jûn. It poadium wie in jongereinsintrum, no, dan witte je it wol. En de reis wie lang. Ek noch helpe mei ôfbrekken en ynladen. Hy wie sa wurch as in maits. En hy wie te sliepen bleaun by Shafagh, ien fan de haadrolspylsters. Dat hy wie kapot.
De dei dernei: fan moarns oant yn 'e jûn repetysjes foar it nije stik en in krisisbesprek mei de saaklik direkteur.
Yn in rûs ried er tsjin skimerjûn út Grins wei. In ivichheid letter stjoerde er einlings de Polmalaan op. De rjochtingoanwizer nei links wie al út, hy soe de daam ynswaaie doe't de koplampen in kroade fan gemeentewurken yn it ljocht setten.
Hy wie benaud en benijd tagelyk, dus ried er de auto oan it hok ta en earst doe't er de wein beskoattele doarde er efkes oer 't skouder te sjen. It like oft der immen yn de sleatswâl stie.
Hy lege de brievebus en skeat it hûs yn. Wat er oars noait die: hy die de doar op 't slot.
Hy smiet syn rêchtas op de keukenstafel, skonk in borrel yn, lies de krante- | |
| |
kop en sortearre de post.
Sûnt e-mail komt yn de brievebus eins allinne noch de bank, in fakânsjegroet en reklame. Plus dy kear in hastich mei de hân skreaun a-fyfke, omdat wij u niet thuis troffen, aan de geachte heer J. Zwart: Hedenochtend proefopstelling ter plekke (inl.: weth. Schut).
Zwart die de eagen ticht, naam in swolch, die se wer iepen, de doar út it slot, derhinne.
Healwei de daam koe er de beibeamkes sjen en fierder, it hert bûnze him by de sliepen, oan de kant fan de sleatswâl: it ding. Oft it fan hout wie of faaks fan plestik, in ingel of in ielreager foarstelde, it ferrekte him allegear neat. Kûgelsk wied er.
Hy fleach nei it hok, ropte de doar iepen en socht tusken de ferfbussen nei in geskikte kleur. Giel, nee, krêmwyt al hielendal net, read: dat koe it wol dwaan. Hy ritste in kwast út de terpentyn.
Dwyl yn 'e kop stuts er it kaaike yn it kontaktslot, mar liet him wer út de auto rûgelje.
Hy gong op de fyts. Koed er ommers makliker mei de ferve tichtby de kolleezje-fleugel fan it gemeentehûs komme.
Doe't er lâns de homeie trape, de dyk op, remme er fûl en kearde. Hy sette de fyts yn 'e daam del en bonke nei de sleatswâl, dêr't it heve. Hy moast deunby komme om de tekst te lêzen.
Dus dat jilde tenei foar elkenien op 'e dyk: it saakje besjen út syn tún wei!
Mar dêr kaam neat fan yn, bisto no gek. Oer syn lyk; ‘net op myn hiem’!
Hy brocht de holle tichterby de stien, seach dat it fan dat nep-marmer wie en lies de wurden yn it koper:
in seconden vaak omgebracht
hier D.V. blijvend herdacht
Hy sil it gesach it leksum lêze, watsei, hy sil dy fine krûmprater by de strik gripe, dan oanlûke, eefkes stabilisearje en dêrnei wer sjorre: oant de adamsappel it mantsje yn 'e sek sjit.
Mei't er opstappe wol slacht er de poat heech oer de ferfpot op 't pakjedrager hinne, mar Joop, jonge, dat hienen wy dy wol sizze kind: do bist fergetten dat de stander noch út stiet.
|
|