Altyd wat!
Tr. Riemersma
Fuort mei de metafoar
Wat skriuwers yn har boeken bepiele wolle, kin my neat skele: dat is literatuer. Mar lit ús yn it deistich petear en de deistige diskusjes de metafoar safolle as it kin útbanne.
Der binne fansels folslein ûnskuldige metafoaren, lykas: ‘it is him yn it ferkearde keelsgat sketten’, ‘hy is de koark fan it bedriuw’, ‘hy kin de brief net lêze’, ‘de breahulen stekke him’ en sa fierder. Dy metafoaren ferhelderje (de earste beide foarbylden) in saak, of jouwe in boartlike foarstelling fan 'e werklikheid (de lêste beide). ‘De brief net lêze kinne’ foar ‘it iten net op kinne’ is fier socht, mar net perfoarst misliedend of fertsjusterjend.
Der binne lykwols ek metafoaren dy't àl fan 'e werklikheid ôfliede, en dêrom in falske foarstelling fan 'e werklikheid jouwe. ‘Wy sille de terroristen útrikje.’ ‘Amearika is yn syn hert troffen.’ ‘De direksje hat him oan 'e kant set.’ ‘Se hawwe him ôfsâlte.’ ‘It bestjoer hat gjin poat útstutsen.’ ‘Hy is passeard.’ Soksoarte metafoaren wurde brûkt yn konfliktsituaasjes om in emoasjoneel effekt te berikken. Dêrby skoot de metafoar yn it plak fan 'e werklike gong fan saken dy't op 'e eftergrûn rekket of helendal út it sicht ferdwynt. De adressanten fan it boadskip wurdt fan ferwachte dat dy dan ek net mear nei de realiteit sjen sille, mar de ôfstjoerder fan it boadskip sûnder mear emosjoneel byfalle. ‘Hy is passeard!’ - wat in rotstreek!
By de metafoar yn ‘De plysje hat in binde drugshanlers oprôle’ haw ik de ferfelende assosiaasje fan Cleopatra dy't yn in flierkleed berôle wurdt. Alle kearen wer as ik soks lês, sjoch ik in stel oerinoarhinne tûmeljende kearels op in kleed dy't troch gewûpste plysjemannen oprôle wurde. Tige hinderlik.
Mar faaks is it de baas om alle fertochte metafoaren letterlik út te lizzen om sa de werklikheid werom te finen. ‘Wy sille de terroristen útrikje.’ De terroristen sitte grif yn in hoale mei ferskillende útgongen. Ien fan dy útgongen litte jo frij - dêr sette jo wat terroristefangers mei fangnetten by - en by de oare útgongen stoke jo fjurkes dy't tige rikje. Troch dy fersmoarende reek sille de terroristen fansels wol te foarskyn komme. Is dat wier it doel? Nee, it doel is om bommen te smiten op wenwiken en sikehuzen. ‘De direksje hat him oan 'e kant set.’ De beide direkteuren hawwe de wurknimmer optild en op in oar plak delset. Hy stie grif yn it paad. Dat is dochs tige freonlik fan 'e direksje? De wurknimmer hoegde net iens te rinnen. ‘It bestjoer hat gjin poat útstutsen.’ It bestjoer hat gjin poat, mar earms en skonken, en om't it bestjoer út fjouwer persoanen bestiet, binne der in heel soad earms en skonken. Hokker earm of skonk hie útstutsen wurde moatten en wat hie it effekt dêrfan wêze moatten? As jo samar ûnferhoeds in earm of in skonk útstekke kin immen maklik in stomp foar de kop of in skop tsjin 'e skinen krije. ‘Hy is passeard.’ No, dat bart my deis tsientallen kearen yn Frjentsjer. Ik kin dochs min ferwachtsje dat alle minsken stil stean bliuwe as ik op 'e strjitte bin?
As wy sa mei metafoaren omgeane, ha wy kâns dat wy de sprekkers en skriuwers twinge om nei de werklikheid werom te gean en de eksakte feiten te neamen. De metoade is mear flau as humoristysk, mar wat oare wapens hat men tsjinoer de bombastyske roppers en razers dy't de wierheid fuortmuozje?