sken ha nea heard fan de skriuwer Brolsma. ‘Nee, wij lezen geen Fries.’
Yn Goutum kinne wy it hûs net direkt fine. Us mem wit it efkes net. Sy is dêr mei ús heit yn 1937 te wenjen kommen. De huzen wiene krekt set. Sy wienen hast de earste bewenners fan dit rigeltsje. Yn dat hûs krigen se harren Reinder, in berntsje dat se yn 1942 ferlieze soene.
In âld mantsje wit it wol. ‘Nee, dat is it hûs dêr't Reinder Brolsma wenne. Ik ha him kend, ja. Ik kaam hjir te wenjen yn 1937, doe't it nij wie.’
Us mem en hy ha hjir dus yn deselde snuorje wenne, fiif jier lang, trije huzen fan elkoar ôf. Se kenne mekoar net mear. Ik besykje út te lizzen dat nei 63 jier hjir twa âld buorlju by elkoar stean. Der is gjin blinkje ljocht, gjin werkennen, neat. De tiid hat tahâlden yn ûnthâld en uterlik.
Hjir hat pake wenne yn de oarloch. Yn 1942 ferhuzen sy út Ljouwert nei Goutum en ús heit en mem ferfearen nei Grou. Ut dit hûs is ús pake nei de befrijding ophelle foar ferhoar, want it oannimmen fan de Harmen Sytstra priis, dêr giene de hannen no net mear foar op elkoar.
It hat slim en dreech west yn dy oarlochstiid, wyt ik no. Us heit hat yn dy jierren in deiboek byhâlden. Prate mei syn heit en mem wie moeilik, de stimming dêr: slim. ‘Ik kom der foarearst net mear,’ skriuwt er earne...
Dêr moat ik oan tinke as ik nei dat hûs sjoch. De minsken dy't dat bewenne ha mei harren eangstmen, lilkens, dy ûnnocht oan elkoar.
Hoe't se foar ús wienen? Wy ha der neat fan murken. Wy kamen graach by pake en beppe yn Goutum. It wie der altyd wille, foar ús. Se wiene leaf, wy giene der altyd mei in protte nocht hinne. Op de keamer boppe, dêr't wy sliepten, mei útsicht op Ljouwert, dêr leine de papieren fan pake. We moasten der om tinke, want pake skriuwt, waard ús sein. ‘Bliuw der ôf mei jim hannen.’
Ja tochten je, pake skriuwt. Wie dat wat besûnders? Nee, foar my wie dat itselde as dat immen timmerman of bakker wie. Dat it skriuwen fan ús pake wat besûnders wie, ik hie der eigentlik gjin weet fan.
Pake hat my dat hûs yn droegen nei't in grutte griene bus my fan de Goutumerdyk ôfried en sa hast it libben útskode. It die allegearre wol sear. Mar ik mocht yn it bed fan pake en beppe lizze. Is der moaier foar in bern? Al dy oandacht. De dokter mei bitend joadium, dat die sear. De sjauffeur fan de bus siet der ek. De man doarst net mear te riden, waard my sein.Dat fûn ik wol moai, dat dy man net mear efter it stjoer woe. Allegearre om my, gie it my troch de holle.
Fansels sliepten pake en beppe yn dat iene grutte brune bêd. Dat wie gewoan. Yn it Sint Antoon wie dat net mear gewoan. Beppe sliepte ûnder en pake boppe.