In ûnherkenbere Troelstra
Piter Terpstra
It is prachtich dat de Frysktalige bioskoopfilm Nynke sa'n grut sukses wurden is. In boeiend ferhaal oer in frou, in skriuwster noch wol, dy't, libjend nêst Piter Jelles Troelstra, in foar syn sosjalistyske idealen stridend politikus, net ta har rjocht komt is treflik yn sêne set, regissearre en boppedat werjûn yn sokke fraaie bylden dat fan in ‘moai kostúmdrama’ sprutsen wurdt. De film is (soms mei in bytsje reserve) bewûndere yn ûnderskate resinsjes, en troch in grut publyk, fereare mei gouden keallen en wa wit noch mei in Oscar. De bêste yn Nederlân produsearre film fan de lêste jierren, wurdt der sein.
In filmmakker hoecht him, likemin as in skriuwer, by it bewurkjen fan histoaryske stof net altyd krekt oan de bekend steande feiten te halden. Mar hy moat de persoanen gjin geweld oandwaan. No spilet de film in hiel skoft lyn en de measte besikers sille, ear't se him seagen, net it measte fan Troelstra en Nynke (Sjoukje Bokma de Boer, mar ik hâld no mar even de namme Nynke oan) ôfwitten hawwe, behalve dan de lezers fan de moaie Fryske roman De oare helte fan Tineke Steenmeijer-Wielenga. By in film oer bygelyks Drees soe it minder lije kinne.
Ik haw alle bewûndering foar wat de regisseur Pieter Verhoeff, de measte spilers en de produsinten fan Nynke makke hawwe. Ek de muzyk fan Cees Bijlstra is bysûnder goed. Mar ik haw wol beswier tsjin de manier wêrop de figuer Troelstra stal krige hat en tsjin it te min werjaan fan de swiere idealistyske striid, dêr't er folle oan opofferje moast.
Ik moat it trouwens earst even oer Nynke hawwe. Yn de kreaasje fan de oars treflik spyljende Monic Hendrickx sjoch ik net in skym fan de, alteast yn it earstoan beskieden en noch wat ûnwisse, letter troch sinkingen en oare sykten pleage frou. De Brabantske Hendrickx wie as ‘Poolse bruid’ in hiel wat oannimliker figuer as no as de jongfaam, dy't de rjochte man pas yn Piter Jelles ûntdekt, mar dan ek fan de earste minút ôf hertstochtlik mei him frijt en sels neaken mei him swimme wol.
Dat Troelstra by syn wurk letter by Nynke net de stipe fûn, dêr't er ferlet fan hie is dúdlik, mar men soe dan ferwachtsje meie dat like dúdlik makke wurdt hoe't er yn twifel stien hawwe moat as fan de iene kant de striid him rôp en fan de oare kant de swakke frou, dy't yn it gesin syn bystân sa nedich hie. Likemin wurdt útbylde hoe earmoedich hy en Nynke it hiene yn de Amsterdamske en Utertske jierren doe't Troelstra miskend en bespot waard en wat fan him ferge waard by de grutte Spoarweistaking yn 1903. Dan soene de minsken better begrepen hawwe wêrom er wolris koart foar de kop wie as er thúskaam.
Mar ik leau net yn dy flokkende, spikerhurde brút út de film dy't ûnfersteurber sit te skriuwen by it bêd fan de frou, dy't nei him ferlanget en koel ôfskie fan har nimt as er nei de finzenis giet. It muoit my dat Troelstra yn dizze film, ek yn de ôfbylding troch de Limboarger Jeroen Willems, in ûnherkenbere figuer wurden is tusken moaie kostúms, yndied, mar net in soad arbeidersklean.