kriget er in gewear. In symboal foar it begjin fan oare tiden?
Sip-Su, den knappen jongen: een Eskimogeschiedenis (1897) giet oer de kulturele kleau tusken de seelju fan de Oemiack-sook (grutte boat) dy't yn itpoal-iis fêstreitsje en de eskimo's. Geandewei leare se fan elkoar, begripe se de ferskillen en ta beslút nimme se as freonen ôfskie.
Van Hichtum beskriuwt ek hjir fasetten fan it multykulturele fraachstik op in noch altiten goed lêsbere wize, al is it net sûnder romantisearring. De eskimo's hienen byglyks yn 't earst oan net folle begryp fan mines en dines. Seagen se wat fan harren gading op it skip dan namen se dat gewoan mei. ‘Ze vonden het zeker niet zoo iets slechts als de witte menschen in Europa.’ Letter rekken se neat mear oan al lei der fan alles foar 't gripen: ‘Maar geen spijkertje verdween.’
Opfallend is ek yn dit boek it rouwe realisme yn de beskriuwingen fan bygelyks de jacht op in walrus. Mei ‘twee harpoenen in zijn lichaam en zestien lanswonden, en na een gevecht van vier uren, schijnt hij toch eindelijk ook vermoeid te worden. Dan haakt hij zich met zijn tanden in het ijs vast, maar blijft zijn vijanden nog altijd even verwoed en onbevreesd aankijken. Na nog twaalf lanssteken ontvangen te hebben, bezwijkt hij eindelijk...’
Komme sokke bluodderige taferelen tsjintwurdich noch yn de jeugdliteratuer terjochte, no't de bern opgroeie mei Greenpeace en Lenie 't Hart?
Kek, de jonge koper-eskimo (1930) is it tredde eskimoboek dêr't de namme fan Nynke van Hichtum oan ferbûn is. Dat it om in bewurking giet fan it oarspronklik boek fan V. de Waal-Irving is oan guon lettere edysjes net te sjen. De namme ûntbrekt deagewoan, dy ferkocht net. Dy fan Nynke van Hichtum wol!
Neffens de kommentaren skraste Van Hichtum ûnder oaren it hiele lêste haadstik. Stelde de iene besprekker (yn 1957) dat it boek dêrtroch ûnbrûkber wurden wie, in oar miende (yn 1968) dat it doel - begryp kweke foar oare folken - noch folslein aktueel wie.
Dat kin net sein wurde fan Kajakmannen, in bondeltsje ferhalen - earder yn in Grienlâns tydskrift publisearre - dy't troch Nynke van Hichtum neiferteld waarden. It binne losse fertellingen, oer gefaarlike tochten, mar de spanning en de typearjende styl ûntbrekke.