Nynke en it stylmiddel fan de oerdriuwing
Wieke de Haan
Oscar of gjin Oscar, op 5 oktober is der op it kongres ‘Fierder mei Frysk’ gelokkich dochs in wurdsje oer Nynke rept, want dy film lit no krekt sjen dat je dus wol in aardich ein hinne komme kinne mei it Frysk.
Doe't ik earne lies dat it ûngeduerige, turbulinte libben fan Nynke en Piter Jelles sa moai ta utering kaam yn it feit dat sy beiden noait ris stil by de tafel sitten bliuwe koenen, wie der ynienen de Aha-Erlebnis. Myn man wurdt der bytiden healsljocht fan dat ik my noait ris deljaan kin as wy oan 't kofjedrinken binne, sadree't my wat yn 't sin komt fearje ik oerein en moat gau efkes wat op- of útsykje. Hy op syn beurt is altyd krekt efkes fuort as ik him ha moat.
Sa rûn ik der dus mei om, om te sjen as it spanningsfjild tusken Sjoukje Bokma-de Boer (Nynke) en Piter Jelles Troelstra (P.J.) foar ús, as minsken dy't it altyd drok ha, ek mear herkenningspunten biedt. Mar earst soe ik haadrolspylster Monic Hendrickx lokwinskje wolle mei har ferskuorrend fertsjinne gouden keal en regisseur Pieter Verhoeff dy't sa'n yndrukwekkende film dochs mar makke hat!
By alle lof dy't de film krijt, klinkt in swak protest troch fan minsken dy't fine dat Piter Jelles wat as in kloat ôfskildere wurdt. De ferdigening is dan faaks dat it om de persoan Nynke draait yn dizze film, de klam moast op har lizze. It is my wol opfallen dat it eins allinne manlju binne dy't sokke krityk ha. No net ophâlde fan lêzen manlju, it moaiste komt noch!
Stel dat der wol in bytsje fan wier west hat, dat P.J. syn frou net sa fantastysk behannele hat, har foar in grut part foar de bern opstrûpe liet en syn gong mar gie by alles wat hy nedich fûn om te dwaan foar de arbeidersbeweging, dan is it stylmiddel oerdriuwing/fersterking hiel geskikt om de minsken de sitewaasje dêr't de skriuwster Nynke fan Hichtum har yn befûn, dúdlik te meitsjen en de kontrasten oan te skerpjen.
In foarbyld. Hoe faak sjogge je net dat der manlju binne dy't gauris by oaren oant klussen binne en thús altyd wol hiel tafallich de put der út ha en slûch op 'e bank lizze. Of de kok dy't thús gjin iten siede wol. Of de psychologen dy't sels ûnhannelbere bern ha, mar oare âlden presiis fertelle kin wêr't it oan skeelt yn de opfieding. Dat sjoch ik ek yn dizze film: P.J. lûkt him it lot oan fan de arbeiders, mar sjocht de swierrichheden yn syn eigen húshâlding net.
De prestaasjes op dichters- en skriuwersmêd fan P.J. en Nynke lykje ûnbedoeld in soarte fan toulûken om de geunst fan lêzers te wurden. Yn it begjin sitearret Nynke in gedicht fan P.J. en letteroan yn de film is der in kaartsjeknipper yn de trein dy't in fers fan P.J. opdroant. Mar úteinlik is Nynke fan Hichtum bekender; no roppe se hàr achternei en kinne de minsken hiele rigels út Nynke har boeken samar út 'e holle wei opsizze.
As der earne yn de film oan P.J. frege wurdt wat er fan syn frou har wurk fynt, is er dêr wat dizenich oer, om mar net plan-út sizze te hoegen dat er it net lêzen hat. Foar him is it rivaliteit, wylst it har om wat oars te dwaan is: de frijheid om te skriuwen, om dy dingen dwaan te kinnen dy't sy graach dwaan wol, sûnder dat sy der earst tiid en gelegenheid foar oanfreegje moat. Yn dy tiid wie it noch hiel gewoan dat manlju dat rjocht wol hiene, mar froulju hiene