Trotwaer. Jaargang 33(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 375] [p. 375] Jabik Veenbaas Metropolis jimme dy't liif oan liif fjochtsje op myn strjithoeken jimme, tûke skerpskutters dy't efter myn skoarstiens lizze jimme dy't yn pânsere tanks myn brede boulevards delrôlje it is jim allegear om my te dwaan mar wa sil my besitte? ik meitsje alle manlju gek tyskjend mei myn djoere pearelsnoer mar ik dûk mei net ien de koffer yn loften hingje ûnbetsjuttend boppe myn grutske silhûet gystene rivieren meitsje ik mak as opskearde poedels wa sil my oantaaste? ik, de lumige diktator, dy't loai delsjocht op de militêre parade, raketten, marsjearjen, en dan de mannichte tasprek, oeren- en oerenlang, ik, de fjouwer jildslije froulju fan de multy-miljonêr, ik, de hege katedraal, kettermintsjend fan de kânsel brek my ôf meitsje my ta púnfal en op in oar plak ferriis ik, ûnferoare, ik, de stêd fan alle stêden wa sil my reitsje? ik, de swijende, ik sil myn swijenferbrekke wa wit wat der yn my omgiet? slaan djippe gatten yn my, beklim myn heechste gebouwen jim fine my net jim freegje, mar ik antwurdzje net as jim my haatsje, glimkje ik [pagina 376] [p. 376] ik sil myn swijenferbrekke ik sil myn stiennen lippen befochtigje en it hert fan myn sletten strjitten iepenje út myn tuorren wei sjoch ik op jim del jim, myn krioeljende massa's op myn terrassen stoarje ik jim nei ik, de man dy't ivich op it bankje sit yn it park, ik, de nerveus klaksonearjende auto's foar it stopljocht de diskjockey yn jim dûnsclubs, it kreakjende bêd yn jim switterige sliepkeamer, ik, de oanwêzige fannacht, neare nacht wie it, bin ik delgien trep nei trep slingere ik ôf, it wie in nuodlike reis mar op 't lêst kaam ik ûnder, ik stiek in hoale yn doe stie ik oan in wetter dat glom as in tsjuster finster en in ûnhuere stank ôfjoech oan 'e kant lei in deade rôt dy snie ik iepen nayfkes, ferdwaal yn my slaan hoeke nei hoeke om yn myn slûchslim labyrint ik fertraapje jim ûnder myn hoeven iensumen, klei my oan gean op myn brêgen stean ik sûgje jim de ûngrûn fan myn grêften yn ik, dy't de earste fan alle steden wie de lêste stêd sil ik wêze mei de earste peal gong ik de grûn yn yn 'e earste muorre waard ik bemitsele yn it earste hûs wenne ik as myn klokken swije en myn ruten rêsteleaze eagen wurde lykas dyfan de faam dy't har eigen heit oanbrocht [pagina 377] [p. 377] yn de yntaasten fan de deade rôt seach ik in man dy't benaud yn in hoeke kroep hy rôp lûd om syn mem, mar der kaam net ien, net ien dy't him in earm om it skouder lei en sei: ‘Kom no mar mei’ of: ‘Sliep no mar’ it wie de lêste fan jim ik seach hoe't er moartsjend stoar omdat er allinne net libje koe dan sil ik jim nammen roppe, myn bewenners, as wiene jim bern dy't ik yn 'e kreamferlear de barmhertige bin ik bern, boartsje sidekrûp yn myn stegen ik sjoch jim as âlderen werom de namme fan it jonkje mei de blauwe pet dat sa topjeie koe ik, jim hûske-fan-hâld-oan, jim pylgersplak dy fan de man dy't de stikeme gong yn glûpte omdat er syn freon deadwaan woe de flechtling stiet smeekjend foar myn antlit dyfan de pestlijer dy't kroanend fan 'e pine stoar de koartsige fynt genêzing troch myn kundige hannen de ûngelokkige siket myn treast dy fan de frou dy't grânzgjend as in panter klearkaam ik skik de bidler it sliepplak ta yn myn lije portiken en skink him it kliemske keningsmiel út myn jiske-amer ik, dy't bocheldragers mei bloedmoaie filmstjerren op myn catwalk skeanbilje lit en de sinne syn poffige gesicht sil bleek wurde dy't it bêd fan de sike opmakket de moanne sil syn smelle sichte skruten ôfkeare en de moardner syn slachtoffer jout de stjerren, spiritus-sûpende swalkers, sille har wetterige eachjes beskamme nei my opslaan dy't foar de hilligen kapellen bout de oseaan sil syn heechhertige weagenferheard stillize en de rykdommen klearleit foar de dief de ierde syn ûnferskillige omgong ynhâlde [pagina 378] [p. 378] as ik jim nammen rop as ik de mantel fan myn muorren stikken skuor en de rouwale fan it moas oer har hinne tear ik, in smack-hoer, te ier âld, it gebit stikken, de earmen fol groeden as myn havens ûnwennich suchtsje omdat der gjin skippen mear komme as se der by lizze as toarre ikkers dêr't it nôt fan 'e matroazen net mear groeit en de ieren fan de mêsten net mear súntsjes wiuwe as myn paleizen op prielgrêven lykje as myn pleinen leech wurden binne as it hert fan in fersmiteling en myn stânbylden wize de stille loft yn as wiene it bestjurre triennen Vorige Volgende