Eltsenien beweger
De Snitser Kweekskoalle, dy't letter de namme De Him krige, wie oars wol in skoalle fan Bewegers. Dêr waard besocht it Frysk in folweardich plak njonken it Hollânsk te jaan. Mar as jo dan oan Tsjêbbe tinke, dy't gewoan syn eigen gong gie, dan wurde jo wat foarsichtich. As it my net mist wol Tsjêbbe krekt nèt as beweger sjoen wurde. De léste tiid in ûnderwerp dêr't guon skriuwers wer mei dwaande binne trochdat Trinus Riemersma by de útrikking fan de Rely Jorritsmapriis dêr yn guon eagen wat bot mei de klompen yn it spul kaam.
Fansels wurdt dy earme Fedde Schurer dan wer fan stâl helle mei syn stikje oer ‘De bining forbritsen’ (1946). Dêroan ûntliene in bulte skriuwers de rjochtfeardiging om har mear of minder ôf te setten tsjin de Fryske Beweging, wat dat dan ek mar wêze mei. Neffens my wie it Schurer net sa sear te dwaan om bewegers en skriuwers tsjin elkoar oer te setten, mar gong it him der mear om dat skriuwers de romte krigen yn in blêd as De Tsjerne, dêr't se, sa as hy it útdrukt, net fuortdrukt wurde troch de yngenieurs mei har saaklike praatsjes.
Foar Fedde Schurer sels is neffens my dy ferbining nea ferbrutsen oars kin ik teminsten syn hâlden en dragen om Kneppelfreed hinne net begripe. Faak wurdt ek tocht dat it Schurer benammen gie om dy earme dichters dy't gjin kansen mear krigen. Mar as hy skriuwt: ‘De skriuwer hat syn tsjinst as wêzentlike bewegingsfaktor dien; de beweging moat har losmeitsje fen har erflike litteraire bining en eigen wegen gean’, dan freegje jo jo ôf oft dat byld wol kloppet. As Schurer it wurd kend hie dan hie hy dat ‘profesjonalisearring’ fan de Beweging neamd.
Wis is wol dat foar de oarloch de bining tusken de dichter en de yngenieur noch folslein wie. Dat wie al sa, neffens Gjalt Zondergeld, fan it Gysbert Japiksfeest ôf op 7 juny 1823 yn dizze stêd dêr't wy hjoed wer ûnder dy ferneamde namme by elkoar binne. Neffens Zondergeld wurdt dy dei faak sjoen as de bertedei fan de Fryske Beweging omdat doe foar it earst yn it iepenbier in Fryske skriuwer eare waard. Tichter kinne beweging en literatuer net by elkoar stean, tinkt my.
Dy hiele diskusje is in aardich stikje frijetiidsbesteging mar dy tsierderij liedt nearne ta. Ik kin min oer it hautêne gejeuzel fan frou Soepboer oer djipfriezen, sa as dat yn it oktobernûmer fan Trotwaer oanhelle waard. Dat komt temear omdat ik eins noch in stapke fierder gean wolle soe as Piter de Groot yn de Ljouwerter Krante [fan 12 oktober]. Hy seit mei Trinus Riemersma dat eltsenien dy't Frysk skriuwt in beweger is. Ik soe eltsenien dy't Frysk brûkt yn hokker foarm dan ek in beweger neame wolle, ek de Frysk prater thús en by de slachter yn 'e winkel. It binne de Frysk sprekkers en skriuwers ommers dy't der foar soargje dat it Frysk yn libben bliuwt.