Trotwaer. Jaargang 33
(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 368]
| |
It ferklanken fan it libben
| |
[pagina 369]
| |
bylden, muorreskilderijen en brânskildere ramen. It leauwen waard ferbylde. Thús waard der mear praten as lêzen: ‘Het was bij ons meer een oraal gebeuren’, sa seit Hettinga yn in ynterview.Ga naar eind1 Yn syn gedichten komt de roomske tradysje werom as hy (yn Fan oer see en Frjemde kusten) sprekt fan alter en katedraal, toga en hosty, it Latyn en miskien ek yn it wurd ‘siel’. Der rint fanâlds in kulturele kleau troch dit lân, krekt op it punt fan de betsjutting fan de skrift. | |
Orale keunstHettinga, de dichter fan de foardracht. Wat hâldt dat yn? Lit him dat ferlykje mei de dichters fan foar de boekdrukkeunst? Hokker techniken betsjinnen dy har dan fan? It Roelandslied en Vabnden vos Reinaerde wiene midsieuske dichtwurken dy't nei de útfining fan de boekdrukkeunst as proaza útjûn binne. De Beowulf fan sa om 900 hinne is in dichtwurk, krekt as it Nibelungenlied of de Edda. Dichtwurken dy't makke binne om foardroegen te wurden, om beharke te wurden, sûnder dat jo weromblêdzje koene. Mar wy kinne noch in stap fierder gean. Der wie in tiid dat it skrift net bestie. Dizze preealfabete kultuer, dizze primêre orale kultuer, leit, sa wol men ha, te'n grûnslach oan de grutte dichtwurken fan Homerus, de Odyssee en de Ilias. Ik neam dat hjir net samar: wat docht de dichter oars as yn Fan oer see en fierder ferwize nei Homerus as er it hat oer ‘in float dy't útgie om in frou’ (s. 9), of ien dy't ‘ree is foar de odyssee fan de dei’ (s. 11)? Homerus, fan wa't sein wurdt dat er blyn wie, moat syn strofen út de holle foardroegen hawwe. Sûnder skrift moast hy se ek ûnthâlde. Hoe wie in dichter as Homerus, of om tichter by hûs te bliuwen, de Fryske dichter Bernlef, ek in man dy't net sjen koe, technysk by steat om al dy hûnderten strofen te ûnthâlden en foar te dragen? Dichtsjen yn dat orale tiidrek wie rjochte op it boeien en binen, it fermeitsjen fan de taharkers, mar tagelyk sa boud en opboud dat de dichter it ferhaal neikomme koe. Dat koe net sûnder technyk, mar wol in oare technyk as de boekdrukkeunst fan Nauta. Unthâld stiet foarop. Der is ommers gjin oare wize om in tekst, in dichtwurk, te bewarjen.Ga naar eind2 Yn't foarste plak is dan ritme en herhelling fan belang. Homerus sprekt yn fersen, sûnder twang fan rym, mar yn in fêst ritme. Herhelling is net sa slim foar de harkers; bern dy't noch net lêze en skriuwe kinne, wolle deselde ferhalen, deselde mearkes hieltyd wer op 'e nij hearre. Ritme en herhelling, dat kin troch refreinen, herhelling fan tekst, troch it rym, de herhelling fan klank, of troch ferbining met in ritmyske herhelling, de kadâns. Nije eleminten yn it ferhaal klinke dan as echo's fan wat earder sein is. ‘It is slim simmer’, begjint ‘De blauwe hauk fan Wales’, en dat komt dernei mei fariaasjes werom. Seefûgels tsjutte by Hettinga op ûnrêst. Se komme hieltyd werom. Yn Frjemde Kusten binne sy ûnderdiel fan herhelling èn feroaring (s. 10):
de gjalpen fan seefûgels, op it wetter
yn 'e slomme, binne oernommen troch fammen
dy't op hichte havenjonges befleane.
Rigels dy't in ein fierder har echo fine yn dizze rigels:
mei de kielen fan kriezjende seefûgels, mei
de grize eagen fan in oerstutsen mem.
Ja, alle havens lykje op elkoar, wit ik,
En, lyksa, de sulverrôvjende froulju.
| |
[pagina 370]
| |
Yn 't twadde plak wurdt de ynhâld makliker te ûnthâlden as it net om abstrakte wurden giet, mar om in konkrete rige fan hannelingen en situaasjes dy't dêr út fuortkomme. Dy abstrakte wurden en begripen, de konseptuele wurdskat, sa wol HavelockGa naar eind3 ha, kin earst ûntstean as it alfabet taal objektivearret en refleksje mooglik makket. It giet by orale poëzij om hannelingen, om wat minsken dogge, om reaksjes dy't se teweechbringe. Soks kin as in film foar it geasteseach fan de foardrager langsskowe. Dizze narrative, ferheljende wurkwize bringt oardering en struktuer en derby wurde sitewaasjes objektyf beskreaun. Ek dat komt by Hettinga werom. Yn Fan oer see en fierder binne ‘der gjin fiellingen fan minder- of mearweardichheid’, ‘it is net subjektyf ynfolle’.Ga naar eind4 As tredde elemint komt de foardracht yn de beneaming: de performance is essinsjeel ûnderdiel foar in memorisearjen fan in tekst. De poëzij kin ferbûn wêze mei dûns en muzyk, by toaniel- en sangstikken troch koaren. En it publyk dat faak wist wat der kaam, koe by gelegenheid meidwaan: it koe meiklappe, sjonge en dûnsje. De orale dichter ferklanke situaasjes, taferelen en hannelingen dy't ritualisearre wiene. Dat jildt foar it dichtwurk, mar ek foar de mienskip dy't taharke. De orale keunst wie dermei in soarte ensyklopedy fan sosjale brûkmen, gewoanten en konvinsjes dy't mei elkoar in beskate kultuertradysje útmakken.Ga naar eind5 En dat is hy noch. Yn de stream fan berjochten oer de islamityske folken yn en om Afganistan wie der in ferhaal oer de Pamirs.Ga naar eind6 De Pamir-talen binne amper op skrift steld, mar de kultuer is fan generaasje op generaasje trochjûn troch doarpssjongers, de hafiz. Doe en no jildt dat it ferhaal fertelde hoe't it wie, hoe't it is en hoe't it wêze soe. Dat jildt net foar Hettinga. Hettinga is in dichter fan no. Hy hat de oanstriid om in foardrachtskeunstner, in orale dichter te wêzen, oanrikt krigen fanút in beskate kulturele tradysje, en syn minne sjen sil dat oanskerpe hawwe. Mar dermei is it ferhaal net út. Wy libje yn in tiid dat der oer klage wurdt dat der net mear lêzen wurdt, dat der in libbene hannel is yn úttrekselboeken op middelbere skoallen en dat de Stichting Lezen alle war dwaan moat it lêzen oan te moedigjen. It stille lêzen fan nei de útfining fan de boekdrukkeunst stiet ûnder druk fan audiofisuele media. De opkomst fan radio en televyzje, grammofoanplaat en cd hawwe nije mooglikheden jûn foar in ferklanken fan ferzen. Hettinga brûkt dy; hy ferbynt de âlde orale technyk mei nije reproduksjetechniken. | |
Mei al syn sintugenHettinga komt oars út as wy fan dichters wend binne. Lolle Nauta wiist op de spanning tusken foarm en ynhâld by Hettinga, tusken de subjektiviteit fan de dichter en de objektive metoade dy't er brûkt. Ik wit net oft dat sa is. Soe Hettinga oars dichtsje kinne as er docht? Leit it net yn de aard fan syn subjektiviteit dat er him fan syn orale, objektive metoade betsjinje kin? Of, om it oars te sizzen, bestiet der in needsaak foar de dichter om him lyrysk te úterjen as it giet om Onderwerpen dy't har konkreet narratyf-ferheljend oantsjinje? Hettinga is in dichter dy't mei al syn sintugen de wrâld om him hinne waarnimt en werjaan wol. Hy mei dan min sjen, mar syn oare sintúgen binne skerp. Yn it fraachpetear mei Het Parool jout er dat ek oan: ‘De natuur past zich aan. Het ene zintuig wordt minder en de andere sterker. Soms gebeurt het dat ik iets ruik en denk: verbeeld ik het me nu, of heb ik het echt gezien? [...] Ik schrijf beeldend, ik schrijf nog steeds beeldend.’ - ‘Unmeilydsume | |
[pagina 371]
| |
skerp it ûnthâld syn fotografy, syn fiske-each, syn telelins’, hjit it yn it gedicht ‘Hotelkeamer’. En dy bylden binne kleurryk. Op de earste side fan Fan oer see en fierder komme wy samar tsjin: in hagelwite flecht snieguozzen, in spegeljende haven, in brûnsgrien hiem, in gielkoperen hurdstee, hege blauwe winen en readferbaarnde earen. En sa't Hettinga seefûgels kriten heart, sa rûkt er it gers en it hea en ‘de stof fan hjerstmis ploege maitiidsgrûn’. Hy heart en sjocht de drippende netten en rûkt en priuwt it sâlt fan de see. Yn it lêste kûplet fan ‘Dûnsje dy de dolken yn myn hûd’ komt dat by elkoar:
En yn in stekkende kramp,
Dy't no defjouwer reade keamers fan myn stjerrend
Ego krimpe lit as kjellens de hûd, bûgje
Myn fiif sinnen harren oer dyn ferheard liif - en ik
Fal, fal op dy as in brêge yn 'e stream fan
Dyn ynnimmendheid.
Sjoch ik it goed, dan dichtet Tsjêbbe Hettinga oer lânskip, libben en leafde. Hy hat dêrby it grutte foardiel dat er opwoeksen is yn in sitewaasje dat de skieding tusken wurkjen en wenjen, sa't de hjoeddeistige romtelike oardering dy foarstiet, noch net bestie. Wurk om hûs, en it measte wurk wie bûten. Bern dy't boartsjenderwize meidiene. Op it hiem wie it libben net yn partsjes ferdield. De skieding tusken natoer en lânbou minder strak as no. It libben is - sa witte jo dan - fergonklik. Jo binne ûnderweis. Dat tema begjint Fan oer see en fierder mei:
Sa wied er útsyld, opdat de see, rjochtsprekkend
Oer in siel dy net in anker ferneare,
Him opnaam [...].
Yn dat sykjen sûnder finen koe de siel him
Wer as in eilân troch eilannen omspield.
Yn it lêste gedicht, ‘De moerbeibeam, klinkt it sa:
Oars net as lokies is it gesichtfan 'e fiskersfrou
Op it blauwe hiem oan 'e baai, datfolspielt mei de see
Syn weemoedich moarnsljocht, seefûgels útgjalp en ôfskie.
Foar har fiskersklinte yn 'e druven, yn de lije
Eastewyn fan 'e ferlieding, dy't him nei spiis en drank
Taaste liet en bline leafde nei har waarme wolkom
Hjirre, hâldt sy syn fingers yn it fuortgean noch eefkes
Beet yn in lêste treuzeling fan sêft en tinteljend
Fleis, foar in reis fan net-witten oer in einleaze see.
De lêste rigels binne:
Yn 'e dôvensfan de djippe fierte, oan 'e ein fan
Diesel's delgong nei de see, fljocht in kloft om lûd en fisk
Sykjende seefûgels in haven dy't him ropt
Mei in swart skip fol skiep yn it iepen rom. En earst no
Stapt de ezel ûnder de moerbeibeam fuort yn it ljocht
Dat neat oars is as lokies foar syn bline passagier.
|
|