Trotwaer. Jaargang 33
(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 361]
| |
Tsjêbbe Hettinga: Gysbert Japicxpriis 2001
| |
[pagina 362]
| |
analysearret en karakterisearret er ek inkelde fan de gedichten út Fan oer see en fierder. Oer it meast opfallende ferskil mei eardere teksten fan Hettinga skriuwt er: ‘De bylden presintearje harsels meast yn minder tichte rigen, se jeie elkoar minder op. De toan wurd “klassiker”, helderder, serener, mylder en besonkener, it ferheljende komt sterker nei foaren.’Ga naar eind1 | |
OdysseusDe kwaliteit fan de bondel Fan oer see en fierder komt net allinne yn de ôfsûnderlike aspekten fan de bondel nei foaren, mar wurdt benammen sichtber yn de bondel as gehiel. Titel en opbou allinne meitsje al dúdlik dat it giet om in wurk dat bewust oansluting siket by ‘de klassiken’. Dêrby giet it yn it foarste plak om Homerus syn Odyssee. Hettinga syn bondel fertelt fan in Fryske Odyssee, in reis dy't yn it earste gedicht begjint mei de lêste faze derfan: de ‘Oankomst’ (s. 9f.). Mar oars as by Homerus, dêr't Odysseus syn oankomst yn Ithaka in thúskomst is, giet it by Hettinga om in thúskommen yn in oar lân as it lân fan komôf. Al folle faker en yn hiel wat lannen en talen ha skriuwers, mar ek oare keunstners, de reis fan Odysseus - nei de nedige feroaringen en oanpassingen oan oare tiden - op 'e nij ferteld. Tink oan James Joyce syn Ulysses, oan Derek Walcott syn Omeros en, om tichter by hûs te bliuwen, oan Simon Vestdijk, dy't it motyf yn bygelyks Meneer Visser's hellevaart weromkomme lit. Wat de sinematografy oanbelanget kin men tinke oan in film lykas Oh Brother, Where Art Thou? fan de bruorren Ethan en Joel Coen, dy't ferline jier útkaam. En dat binne no ek wer net samar wat foarbylden. De ferline jier fierstente ier ferstoarne (East-)Dútske dichter Karl Mickel skreau yn 1965 in fers dat er ‘Odysseus in Ithaka’ neamde.Ga naar eind2 Dêryn beslút Odysseus, nei't er weromkommen is yn Ithaca, wer fuort te farren, krekt as yn Odysseus'laatste tocht fan de Nederlânske auteur F.C. Terborgh.Ga naar eind3 Dêr't Odysseus bij Terborgh lykwols nochris weromgiet nei Ithaca, hat it gedicht fan Mickel in iepen ein en fart de held it ûnwisse temjitte. Mickel syn Odysseus is teloarsteld yn de omfang fan syn ryk, dat nei al dy jierren folle lytser liket as doe't er fuortgyng. Boppedat is dêr Penelope, dy't òf op him wachte hat, en dan fynt Odysseus har te saai om de rest fan syn libben mei har te dielen, òf it mei al dy wachtsjende frijers dien hat, en dan wol er har dêrom net mear ha. Yn it yn 1999 publisearre toanielstik Ithaka. Schauspiel nach den Heimkehr -Gesängen der Odyssee fan de Dútske auteur Botho Strauß is it net sasear Odysseus dy't feroare is mar earder Penelope. It bysûndere fan de tekst fan Strauß is dat Penelope in eigen stim kriget, dy't sy by Homerus net hat en ek by de hjoeddeiske dichters dy't it tema wer-skriuwe, net kriget.Ga naar eind4 Ferlike mei dy lêste foarbylden is Hettinga dus in tradisjoneel dichter, soe men sizze kinne: ek syn Odysseus is in manlike siker dy't yndie oankomt, mar dêrmei is dan ek alles sein. Of leaver: dêrmei is noch neat sein. Want de oankomst yn Fan oer see en fierder is gjin tradisjonele Odysseus-oankomst. Dat begjint al mei de rûte dy'tyn de earste strofe oantsjut wurdt. Homerus syn Odysseus komt fan Troje en fart sadwaande nei alle wierskyn net troch de Strjitte fan Gibraltar. Hettinga syn siler komt dêr wol lâns. Dêrmei wurdt suggerearre dat er út Noard-Europa komt en sa wurdt er dan ta in Fryske Odysseus. Dy suggestje fan de noardlike ôfkomst wurdt troch de taal dêr't de bondel yn skreaun is, it Frysk, noch fersterke. Hettinga slagget der yn, lykas op in oare wize Albertina Soepboer yn De stobbewylch,Ga naar eind5 it Frysk op in folslein natuerlike en Iogyske wize | |
[pagina 363]
| |
te keppeljen oan ‘wrâlden’ dy't fierôf lizze. No is de Odyssee fan Homerus foar Hettinga net de iennichste klassike boarne dêr't oan referearre wurdt. De twadde strofe begjint mei in wite do dy't de moarns oanfleanen kommen wie en no foarút fljocht nei it eilân dat yn sicht is. Dat bibelsk byld wurdt muoiteleas assosjearre mei Odysseus syn reis op in flot dêr't er nei in fûle stoarm mei oankomt by Nausikaa. Net alles yn Hettinga syn teksten is direkt like dúdlik; sa lit er hjir yn it midden oft it giet om in persoanlik oantinken fan de reizger of om in lêsoantinken oan Homerus syn Odyssee. Lykas op oare plakken yn Hettinga syn gedichten kinne tiidlagen troch en oer elkoar hinne rinne. Op dy wize wurdt in inkelde ûnderfining in ûnderfining fan alle tiden, fan alle minsken. It eilân dêr't de reizger yn dit earste gedicht fan de bondel úteinlik oankomt kin sa fan dizze tiid wêze (der binne bygelyks ‘autoljochten’) en yn dat hjoed de spoaren meidrage fan in libbe en lêzen ferline. Beide tiidlagen komme byelkoar yn it lânskip: ‘[...] sa't mei grize wynbrau it strân/ Nocht socht om in float dy't útgie om in frou.’ Derby is it byld fan de ‘grize wynbrau’ dêr't it strân mei omskreaun wurdt al bysûnder orizjineel, dat is lykwols ek de personifikaasje dêr't yn dizze rigels mei beskreaun wurdt, hoe't it strân mar leit te wachtsjen op dy float dy't útfear om Helena út Troje te befrijen en dy't noait weromkaam. De iennichste dy't, lykas by Homerus, weromkomt is Odysseus, yn dit gefal lykwols net de Odysseus - dy't dan neffens de tradysje stiet foar alle minsken dy't sykje - mar in siker, dy't dan ek stiet foar Odysseus. Yn de léste rigels fan dit earste gedicht fynt in opmerklike perspektyfwikseling plak. Earst is de hy-figuer hieltyd de reizger/siker, de man dy't oankomt op it eilân, yn de achtste rigel fan de lêste strofe is de ‘hy’ ynienen in man yn de mantel dy't foar dejinge dy't oankomt in miel iten klearmakke hat; it liket derop dat er it miel ‘alle kearen’ en ‘hieltyd wer’ ree makke hat. Fraach is oft ús reizger al folle earder ferwachte waard en no pas kommen is, of dat it oare iten foar oare reizgers west hat. Yn beide gefallen giet it by de oankomst om in ritueel dat skynber einleas faak herhelle wurde kin. Ek dêrmei wurdt útdrukking jûn oan it tiidsopfetting dy't it no en it ferline by elkoar faget; it momint wurdt ta ivichheid. Yn de einleasheid dy't de man yn de mantel útstrielt, sa't er ‘hieltyd wer de siel yn it fjoer blaasd hie’, hat er wat godliks oer him. Ek de ezels dy't ‘oan de rotsen gnabben’ dogge dat sûnder in besef fan eindichheid, en dêrmei diele sy yn dy godlikheid. It byld dêr't it gedicht mei ôfsletten wurdt docht wer bibelsk oan: de man yn de mantel jout dejinge dy't oankomt ‘syn miel’ en sprekt de wurden fan begroeting út: Kalispera, file, wolkom myn soan. As dy man in heit is, dan is er dat fan alle soannen; as dejinge dy't oankomt in soan is, dan is er dat fan alle heiten. Hy wie net ferlern, mar socht; en it is de fraach oft oan dy syktocht mei de oankomst op it eilân in ein kommen is. It slot fan de bondel, dêr't wy letter noch op yngean sille, jout ús wat dit oanbelanget ek gjin útkomst.
It gedicht ‘Oankomst’ is, lykas de oare yn de bondel, skreaun yn min ofte mear frije ferzen. Der is hjir dúdlik sprake fan ynfloed fan Walt Whitman, waans Salút au Monde troch Hettinga oerset is. Wol foarmet in klassike fersmaat de grûnslach fan dy frijheid. As basis fan it earste gedicht werkent men in jambysk systeem, wylst men yn bygelyks it sânde gedicht út de bondel, ‘Dûnsje dy de dolken yn myn hûd’, earder tinkt oan de tradysje fan Sappho en Alcaeus. It earste gedicht fan de bondel is folslein | |
[pagina 364]
| |
regelmjittich yn it tal lettergrepen de rigel: ôfwikseljend tolve en alve.Ga naar eind6 De oare gedichten út de bondel binne allyksa bysûnder regelmjittich fan opbou, mei soms in lytse ôfwiking,Ga naar eind7 lykas by ‘De kruk’ (ôfwikseljend rigels fan 13 en 14 lettergrepen), it lange ‘De skieppehoeder’ (10 en 11), ‘Under de wrâld’ (15 en 14) en ‘De moerbeibeam’, dat út 26 trijerigelige strofen fan 14 lettergrepen bestiet.Ga naar eind8 Soks yllustrearret hoe trochtocht en konstruearre Hettinga syn gedichten binne. Mar tagelyk meitsje de teksten by it lêzen eigentlik nergens in krampeftige yndruk. Dat sil grif komme troch twa oare eigenskippen fan Hettinga syn poëzij: de muzikaliteit en de sterk byldzjende krêft. It frije omgean mei de klassike fersmaten ûnderstreket yn formeel opsicht nochris de frijheid dy't de dichter tematysk hantearret yn de omgong mei de klassike auteurs. It like ús legitym om foar it earste gedicht in Fan oer see en fierder safolle omtinken te freegjen om't yn dy tekst sawat alle eigenskippen sitte, dy't sa karakteristyk binne foar de bondel as gehiel. De oare acht gedichten foarmje ûnder oaren in ienheid fanwege it tematysk kombinearjen fan eleminten fan de skipsreis en it berikte lân. Mar tagelyk is elk gedicht ek in werjefte fan in wrâld op himsels,Ga naar eind9 fan tema's dy't universeel neamd wurde kinne. Yn dat opsicht stiet it begryp ‘odyssee’ fansels ek foar de sykjende minsklike siel en stiet de reis foar it libben sels. | |
Eilanner wrâldenHettinga giet der net foar omlizzen en jou oan grutte wurden in sljochtweihinne betsjutting. Nei't er yn ‘Oankomst’ sjen litten hat hoe't er syn teksten yn de tradysje fan Homerus pleatst, brûkt er yn it twadde gedicht, ‘It skipssjoernaal’, it begryp ‘odyssee’ foar it deistige libben op it eilân: ‘de odyssee fan 'e dei’. Krekt lykas yn it earste gedicht - en yn alle oare gedichten fan de bondel - wurdt der ryklik gebrûk makke fan kleuren. Dy kleuren meie yn ‘It skipssjoernaal’ yn oerdrachtlike sin hast wol wat ropperich neamd wurde. Mar yn letterlike sin is it eilân ferstille. Der binne ‘sprakeleaze kusten’ en as bewenner is der de ‘dôfstomme dûker Jorgos’. Pas yn it kursyf printe part, fan de tredde strofe ôf, fine wy ferhalen, de ‘seilskuorde flarden fan ferhalen’ út it skipssjoernaal. Dêr ek, yn dy tredde strofe, seit de ferteller: ‘Ik, finzen yn de stim fan nimf en see’. Hy brûkt dit foarnamwurd mar ien kear, wylst dy ik-ferteller fierders mei de (eardere en lettere) ûnpersoanlike fertelynstânsje gearrint. Yn dit kursive part fan it gedicht rinne taspilingen op ferskate mytes (bygelyks om Odysseus en Arion hinne) ek yn elkoar oer, sûnder dat alles direkt apart en dúdlik te identifisearjen is. Ek dy technyk kin sjoen wurde as it al neamde yn elkoar oergean fan tiid- en dêrmei fan betsjuttingslagen.Ga naar eind10 Noch mear betsjuttingslagen binne te finen yn de wize wêrop't er mei lokaasjes omgiet. Yn de earste en de lêste strofe fan it gedicht wurdt in - nochal hjoeddeisk - Gryksk eilân beskreaun (de dôfstomme Jorgos hat in motor, in motor dy't yn de lêste strofe weromkomt). Yn de strofen dêrtuskenyn is lykwols net hieltyd like dúdlik om hokker plak it giet. In mytologisearre Grikelân slút feilleas oan by in mear hjoeddeisk Ierlân. Om en om lykje dy middelste strofen minsklike fergonklikheid te ferwurdzjen troch it oanhâldend ferstriken fan de tiid: ‘[...] en strûp se dy [de fisken], as tiid de minskene, de hûd’; ‘Yn 'e rjochting fan de Elysyske / Fjilden’ en ‘[...] nei it kraaienêst fan 'e tiid’. En op in oare wize wurdt útdrukking jûn oan it stribjen nei in foarm fan thúskomst (‘Fan in man waans skip en mêst yn rûzjende / Bosken stean te widzjen | |
[pagina 365]
| |
Nei Piter Boersma (1998) is Tsjêbbe Hettinga de twadde laureaat dy't nei ôfrinfan de priisútrikking syn hân set op in balke fan it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. (foto Bolswards Nieuwsblad)
en te wachtsjen / Op wrede bile, skomjend wiid en thúskomst’ en ‘oant [...] dolfinen / [...] mei de snút / Probearje him syn ryk wer yn te baljen’.Ga naar eind11 | |
OfskieJabik Veenbaas stiet yn syn artikel hiel even stil by it ôfskie yn it slotfers ‘De moerbeibeam’: ‘Hy, de sykjende siel, sit op in “sieltôgjende” ezel, as wie er in profane, suver wat koddige neisiet fan Kristus, en de ezel stapt nei de see, it ljocht yn 'e mjitte. It ferbliuw op it eilân wie in tydlik sykjen, no giet de siiktocht fierder.’ (s. 121) Mar der hat earder al, yn it gedicht ‘Under de wrâld’, in oar ôfskie plakfûn. Beide ôfskiedsgedichten wurde foar in grut | |
[pagina 366]
| |
part ‘beminske’ mei soartgelikense personaazjes, lykwols yn in folslein oare setting. Yn beide gedichten wurdt ien fan de haadrollen spile troch in man dy'tyn in bepaald opsicht blyn is. Yn ‘Under de wrâld’ is er in ‘tiidbline’ fisker, dy't allinne mar troch syn frou der ta brocht wurde kin om rêd fierder te bouwen oan in boat. Dy boat, sa docht letter bliken, hie in soarte fan ark fan Noach wurde moatten, mar de fisker kriget him net op 'e tiid klear. Wannear't by de ûndergong fan it eilân, fan de wrâld, ‘[...] it wyt bonkerak fan in fiskersboat’ sûnder dy fisker-timmerman omdobberet, ferstiennet de frou, dy't - lykas Lot syn frou - ‘[...] ferwyldere / Omseach nei eat dêr't it eilân west hie’. Yn ‘De moerbeibeam’ is de man net de oare helte fan de fiskersfrou fan wa't er ôfskie nimt: ‘Oars net as lokies is it gesicht fan 'e fiskersfrou’, sa set it lêste gedicht út ein. De man hat in skoft trochbrocht op it eilân, foar in part dreamend - fan Armstrong en Fitzgerald - ûnder de moerbeibeam. As der yndie parallellen besteane tusken de beide lêste teksten, is it ‘jonkje fan sân’ hjir it soantsje fan de man (yn it oare gedicht wie de soan fan de fisker al wei). Oars as Veenbaas tinke wy net dat de ‘hy’, de man oan de ein fan it gedicht by wize fan ôfskie op in ezel de see temjitte rydt. Om dat oannimlik te meitsjen, moatte wy de achtste ennjoggende, nochal riedselachtich formulearre strofen yn syn gehiel sitearje:
En der sit in jonkje fan sân (mar sûnder gewicht) op
De bonkige bleate knibbel yn it dieselgegûns
Fan in âlde pick-up fol ûnmacht, dy't de baai delrydt:
Unmacht om't de wiuwende wyn yn 'e bernehân him
Net sjen litte wol, om't syn siel, oars as hy, plaknaam op
De strakke rêch fan 'e ezel ûnder de moerbeibeam.
Ut dy rigels docht neffens ús bliken dat der in splitsing plakfynt fan man en siel, en dêrmei, tinke wy, fan de hy-figuer en dichter. It eilân dêr't ôfskie fan nommen wurdt, wurdt net allinne foarme troch de frou (stiet sy ek foar de nimf út bygelyks ‘It skipssjoernaal’?), mar ek út eleminten fan in hjoeddeisk en mytysk Grikelân, in Grikelân fan fiskers en in Grikelân fan dichters (Kavafis wurdt by namme neamd). It liket der no op dat yn de foarlêste strofe de hy-figuer as de betochte, dichterlike figuer yn de fertelde odyssee de rop fan de haven folget en fuortgiet De ezel draacht hjir lykwols in oar figuer, de siel as ‘syn bline passazjier’. Earder, yn de sânde strofe waard de ezel al as ‘sieltôgjend’ beskreaun, wat ek betsjutte kin ‘de siel dragend’. It bist stapt ûnder it skaad fan de moerbeibeam wei, it ljocht temjitte. Dat ljocht is foar de passagier krekt likefolle ‘lokies’ as de eagen fan de frou dat wiene foar de hy-figuer. Dy lûkt dêrút de konsekwinsjes en giet fuort. Wannear't de siel de dichter is, dy't him oan de ein fan de bondel losmakket fan syn fiktive hy-figuer, fynt hjir in boartsjen plak mei de lêzer: oan de ein fan de bondel nimt de dichter ôfskie fan syn boek en dêrmei fan dy lezer. Op it nivo fan it fertelde ferhaal is der, krekt lykas yn ‘Under de wrâld’ ek yn dizze tekst sprake fan in stjerrend eilân: ‘[...] dizze moarn, dy't it doarp oan 'e ein / Ferslaan lit. Streek troch de namme. Ferstienne ljippen.’ Op dit plak is de oerienkomst mei de frou dy't yn it foarige gedicht fan sâlt waard, wol bysûnder grut. Op dy wize befetsje de beide lêste gedichten allyksa in poëtikale betsjuttingslaach: beskreaun wurdt ek de monumentalisearring en dus de ûnt-sieling dy't yn it fêsthâlden fan de bylden troch de tekst ta stân komt. It slotbyld fan it lêste gedicht (en fan de bondel) kin dan lêzen wurde as selsirony. Dat ûnder dat selsre- | |
[pagina 367]
| |
ferentsjiële byld fan it ôfskie in twadde betsjuttingslaach beskûl giet dy't ferwiist nei de fergonklikheid fan alle libben en nei de dea as absolute ein (teminsten fan dizze wrâld), dat bringt de titel fan it foarlêste gedicht yn 't sin, dy't jin net foar neat oan de ‘ûnderwrâld’ tinken docht. | |
Ta beslútHettinga is net allinne orizjineel yn de ferwurking fan klassike teksten, ek syn taalgebrûk mei ynnovatyf neamd wurde. De dryste wize wêrop't Hettinga adjektiven mei substantiven ferbynt, liedt ta prachtige kombinaasjes. Neamd waard al de ‘grize wynbrau’, dêr't it strân mei omskreaun wurdt (‘it strân / Noch socht om in float dy't útgie om in frou’), mar ek: ‘de skimer fan it praten’ foar mompeljen. Dan binne der noch de ferbiningen fan klanken troch binnenrym en alliteraasje. De earste beide tuskenrigels nei de earste strofe fan ‘Oankomst’ begjinne sa: ‘Suvere hertstocht huvere’. En it doarp op it eilân wurdt nei de earste waarnimming sa beskreaun: ‘Liet, lyts, autoljochten’. Hjir is dan al direkt gjin plak mear foar weakens of idcalisearring. Prachtich is ek de earste fan de beide lêste tuskenrigels: ‘Yn dat sykjen sûnder finen koe siel him/ Wer’. De alliteraasje ferbynt de siel mei it sykjen sûnder resultaat en op dy wize lit ek dit foarbyld sjen dat al roppe de klanken muzikaliteit op, it dochs gjin boartsjen mei klanken sûnder mear is. Sy stypje datjinge wat der op it nivo fan de ynhâld bart. De muzikaliteit fan it gedicht draacht, mei de bylden dy't net alhiel ûntriedsele wurde kinne, by ta de heimsinnigens fan de poëzij. It effekt derfan wurdt noch wer fersterke troch Hettinga syn wize fan foardragen. Dat muzikale - de rike alliteraasje en de bewuste opienfolging fan bepaalde fokalen - wurdt ryklik wurdearre, ek as de harkers (Nederlânsk-, Dútsk-, Ingelsktaligen) de Fryske taal net yn 'e macht hawwe. Mar sokke harkers binne allinne mar by steat om Hettinga syn gedichten op ien nivo te wurdearjen: it nivo fan de klank. Sy meie der yntuïtyf fan útgean dat sy dêrmei in kaai yn hannen hawwe foar de djippere betsjutting fan de teksten, mar it slot dêr't dy kaai yn past hawwe sy dêrmei noch net. Dêrfoar is wol deeglik in goede behearsking fan de Fryske taal needsaaklik.
(Dit artikel is in bewurkingfan it sjueryrapport, skreaun foar de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2001 oan de dichter Tsjêbbe Hettinga.) |
|