searre wurdt yn kranten en tydskriften.
By de berne- en jongereinliteratuer haw ik soarch dat dy ek yn 'e nederklits bedarre is en noch hieltyd bedarret, trochdat dy net skreaun wurdt út suver literêre oandriuw, mar mei in heal en faaks wol trijefearns each rjochte op it lêzerspublyk. Berne- en jongereinliteratuer moat funksjonearje yn it ûnderwiis, rûmer: yn it proses fan kultueroaneigening. Mar it skaaimerk fan wiere literatuer is, dat dy him net ‘funksjonalisearje’, net ‘tapasbermeitsje’ lit.
Ik hoopje dat Van der Veer lycht, mar hy seit dat Eppie Dam ‘foar de jongere lezers rekken mei wurdkar, taalgebrûk en lingte fan in sin [hâldt]’. As dat wier wêze soe, is Eppie Dam op wei nei de trivialiteit. Earst hâldt men rekken mei it talige fermogen fan in bern, dan mei it feit oft dit boek ornearre is foar de roomse basisskoalle of foar de iepenbiere en dan hâldt men rekken mei it teare bernesieltsje dat men net mei pessimistyske ideeën lestich falle mei.
Rekken hâlde mei it publyk, it publyk nei de bek skriuwe is altiten fout.
Ik wit ek wol dat der foar it ûnderwiis gaadlike lesboekjes nedich binne, mei ynearsten ienliddige wurden en dan sa stadichoan wat dregere wurden. Aardige ferhaaltsjes dy't de bern mei nocht lêze en dêr't se har lêsfeardigens oan oefenje kinne en har taalfoarried mei fergrutsje. Mar sokke boekjes neam ik gjin literatuer. Dat is ‘didaktyske lêsstof’ of sokssawat.
It probleem is no, liket my ta, dat de berneen jongereinboekelju net in kleare ûnderskieding meitsje tusken ‘literatuer’ en ‘didaktyske lêsstof’. Beide tagelyk giet net. As griffermeard man wit Van der Veer wol dat men net God en de Mammon tsjinje kin. As de literatuer foar minsken oant 16 jier ta ‘didaktyske lêsstof’ is, hoege de literatoaren har der net mear om te bekroadzjen en kin dy lesstof yn ûnderwiisblêden op syn didaktysk doel hifke wurde. Mar is dy literatuer as ‘literatuer’ bedoeld, kom dan út dat getto! Wêrom moat berne- en jongereinliteratuer besprutsen wurde troch aparte besprekkers? Wêrom moat dêr in aparte priis foar bestean? Jabik Veenbaas en Sjoerd Bottema kinne de boeken fan Eppie Dam besprekke en Dam hie heel gewoan de Gysbert Japicxpriis krije kinnen.
Van der Veer wol it ferskil tusken jongereinboeken en grutminskeboeken ophingje oan it kritearium fan it hawwen fan mear ‘lagen’ (wat dat dan ek mar wêze mei): yn Dingeman krijt wjukken sitte mear lagen en yn Nei de klap net. Ja, mar dat is in kwestje fan ynterpretaasje en dus in subjektyf elemint. Om sjânres en subsjânres te ûnderskieden haw ik objektyf konstatearbere kritearia noadich. In klear en objektyf kritearium is dat by in jongereinboek de haadpersoan tusken (bygelyks) 13 en 16 jier âld wêze moat en dat it ferhaal út syn belibbing wei ferteld wurdt. Neffens dat kritearium is Nei de klap in jongereinboek. Oft it in goed boek is en oft de bern it graach lêze, docht net ta de saak.
Ik bin it daliks mei elkenien iens dat it frijwat ûnsinnich is om op sa'n manier subsjânres te ûnderskieden, want men kin sa ek wol in skift adolesinsjeliteratuer en jongfolwoeksenenliteratuer kreëarje. Mar dat wie no krekt de essinsje fan myn kollum: der is gjin literatuerteoretyske basis foar de ûnderskieding fan in subsjânre ‘jongereinliteratuer’.
Neffens my is it (keunstmjittige, ûnechte) ferskil tusken jongereinboeken en oare boeken (grutminskeboeken), dat de earsten by foarried skreaun wurde om yn it didaktyske proses funksjonearje te kinnen. En sadwaande binne dy boeken net mear suver literêr mar in lyts bytsje triviaal. By in goed skriuwer as Eppie Dam sil dat bêst tafalle, dat leau ik fuort. Mar it giet my om it prinsipe.
Tr. Riemersma