Meiwurkers
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei, yn febrewaarje 2001 syn trêde, It aai fan Siderius, in ynspekteur Hofstra mystearje.
Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jout lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it O-nivo ôf, d.w.s. oan analfa- en digibeten. Yn septimber 2000 ferskynde fan har Oxzana, ferhaal fan in flechtling.
Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it flmd; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêrhistoaryske stikken.
Johan Gezels (Zottegem 1956) schrijft columns over literaire en artistiek onderwerpen voor De Beiaard (weekblad voor Zuid-Oost Vlaanderen). Heeft als oriëntalist verscheidene artikels voor tijdschriften en bijdragen aan verzamelwerken over de christenen in het Nabije Oosten geschreven.
Hylkje Goïnga (1930-2001) wie sa'n tweintich jier warber as foarljochtster yn 'e ‘jeugdtandzorg’. Hat fan begjin oant ein redaktrise fan De Strikel west. Publisearre trije (lytse) romans en sân ferhalebondels, dy't foar in grut part ek yn it Nederlânsk fertaald binne. Wurke mei oan Frysk en Frij en levere bydragen oan Nederlânske tydskriften en ferhalebondels.
Wieke de Haan (1959) wurket by It Fryske Boek en freelance foar de F-side. Neamt harsels brijsieder, is net by steat om analytysk wurk te leverjen, mar wit wol ferrassende ynfalshoekjes te finen op har eigen wâldpyk-achtige wize.
Eric Hoekstra (1960) studearre Ingelsk en algemiene taalwittenskip. Wurket by de Fryske Akademy. Hat Nietsche syn
Also sprach Zarathustra yn it Frysk oerset. Fan him ferskynden fierder Dat zijn nou typisch Friezen en de debúthondel De floeibere bân. Is redakteur fan Kistwurk.
Hannah Ludwig (1943) is sjoernalist/publisist/toanielresinsint en Steatelid foar de Partij van de Arbeid. Krige om 1970 hinne fiif kear in Rely Jorritsmapriis. Skreau boekjes oer Jugendstil en neo-classicisme foar it Monument van de Maand. Wie yn in griis ferline ein- en haadredakteur fan de Friesland Post. ‘De stoel’ is har proazadebút.
Durk van der Ploeg (1930). Wennet te Feanwâlden. Wurket as skriuwer. Lêste publikaasjes: ‘Fedde Schurer: dichter en dieder’ (essay) yn de bondel Ik bin jim sjonger, It wurk fan 'e duvel (roman) en Under de seespegel (ferhalen).
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder, itensierder en republikein te Frjentsjer.
Piter Terpstra (1919) skreau fjouwer toanielstikken en ien oersetting út it Ingelsk foar Tryater. Syn lêste stik wie Marijke Meu. Hy fersoarge toanielkritiken foar it deiblêd Trouw en foar Omrop Fryslân.
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Publisearre ferskate dichtbondels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij, In útjouwerij fan QuizeQUânsje (1995).
Mirjam Vellinga (1972) studearre Frysk, ôfstudearrjochting literatuer, yn Grins. Is stêfmeiwurkster Stipepunt Frysk by de Afûk. Hat grutte belangstelling foar keunst en kultuer en foar wat de ferskate oerheden der mei dogge. Dêrom set se meikoarten út ein mei in stúdzje kultuerwittenskippen oan 'e lepen Universiteit.
Willem Winters (1946) sosjolooch, publisist en útjouwer (lyts). Publisearre oer de âldereinsoarch, skreau foar De Strikel, de lc, Hjir en Trotwaer oer - koartsein - keunst en kultuer. Skrean in essay oer typearjende aspekten fan de Fryske literatuer: De wite skelk fan Richt (Hjir, desimber 1999).
Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.