Trioel
Lêste rigel
In dichter jout by publikaasje syn fers oer oan de lêzer, dy't der syn eigen dingen mei docht. Dat hat fansels sa syn útfallen. Sa haw ik it bygelyks wat myn fers ‘De Joadebern’ oanbelanget mei in lezer as Wim van der Schaaf net sa bjuster troffen. Syn inkeldfâldige, skriftuerlike útlis fan de lêste rigel fan dat fers tsjûget neffens my fan in tekoart oan ynfielend ynterpretaasjefermogen. Dat muoit my om him en is my yn 'e wei.
Mei dat yn dizze spitige diskusje de lêste rigel wêze?
Freark Dam