Nynke: in echte crowd pleaser
Willem Winters
Nynke. Een liefdesgeschiedenis. Senario en rezjy: Pieter Verhoeff. Kamera: Paul van den Bos. Muzyk: Cees Bijlstra. Mei: Monic Hendrickx, Jeroen Willems, Joke Tjalsma, Peter Tuinman, Rients Gratama, Marijke Veugelers, Porgy Franssen, Onnojens van der Werf en Coby Faber.
It antwurd op de fraach foar wa't Pieter Verhoeff syn nijste film ornearre is, is net muoilik te jaan. Foar it saneamde grutte publyk, tinkt my. No, dat publyk kriget folop syn gerak. Nynke is in wiere crowd pleaser, in oangripend leafdesdrama, mei meislepende frij- en sekssênes, in skieding, leave, begrutlike berntsjes dy't de dupe wurde, prachtige froulju en aaklike kearels. En mei in soad triennen, safolle dat haadpersoan Sjoukje/Nynke sels útropt alhiel sêd te wezen fan alle gejank.
Kearnmominten spylje har ôf yn in park, in bosk en op it strân om dêr panderjend de grutte libbensproblemen te bepraten. (Ik kin der neat oan dwaan dat ik - alhiel bedoarn troch de Sterreklames - by sokke bylden tinke moat oan sjampoo, frouljusferbân en begraffenisfersekeringen.) De Nynke-pikniks op it strân en yn in park befetsje shots fan in ferskuorrende skientme. De njoggentjinde-ieuske Frânske ympresjonisten soene harren tubes stikkenbite as se nochris sjen koene wat der op 't heden mei film - om fan digitale fideo mar te swijen - mooglik is. Dy skilders fan it ljocht moatte it ôflizze tsjin Verhoeff syn kamera- en beljochtingstechnyk. Dei of nacht, moai sinneskyn waar of krekt raar reinderich waar - altiten falt er moai sfearferheegjend ljocht op de akteurs en harren direkte omjouwing.
It meast spektakulêr, magistraal, is de beljochting tidens de earste taspraak dy't Pieter Jelles Troelstra foar arbeiders hâldt yn in âld skuorre. Troch alle naden, gatten en doarren falt in fantastysk ljocht nei binnen, goddelik ljocht is it, as yn in goatyske katedraal.
Feroarsaket it royale gebrûk fan de voice over in sekere ôfstân tusken spiler en publyk, de ynkringjende close ups meitsje dat mear as goed. Men leart elk pûkeltsje en ronfeltsje fan Monic Hendrickx, dy't Nynke spilet, kennen. Se hoecht mar ien spierke yn har antlit in bytsje oan it wurk te setten en se rekket jin streekrjocht yn it hert, as wie it mei in flymskerp mes.
Komponist Cees Bijlstra krige mei de opdracht de muzyk foar Nynke te skriuwen in prachtkâns hielendal út syn dak te gean, alles út 'e kast te heljen om it romantyske gehalte fan de bylden nochris te ûnderstreekjen. Fioelen sette sêft yn, dan crescendo, op it hichtepunt fan in episoade en fan de muzyk ferblikt it byld en lost op. Even is it wite doek wyt. Dan ferskynt in nije sêne, begjint in nije omloop.
Dat wy te meitsjen ha mei in crowd pleaser is ek te merken oan it feit dat oer it sosjalisme fan Piter Jelles en it feminisme fan Nynke yn de film net al te muoilik dien wurdt. Der wurdt net djip dold, it is maklik nei te kommen ek al is men net bot thús yn de sosjale skiednis. Alhiel mei rjocht wurdt yn guon krantestikken - en Pieter Verhoeff docht it sels ek - de film karakterisearre as in kostuumdrama. Neffens de Van Dale is dat in ‘film waarbij de aantrekkelijkheid grotendeels ligt in de aankleding, de (historische) kostuums e.d.’