foar de bewurking fan it ferneamde Ingelske stik Brassed off- der bestiet in film- en in toanielferzje fan -, dat de Fryske titel Utblaasd meikrige. Film en toaniel sjocht men meastal rjocht foar jin, mar yn Jorwert sitte de taskôgers midden yn de hanneling. Dat is fansels faker fertoand, mar it is net earder sa oertsjûgjend op my oerkommen as yn de notaristún.
It dekor foarmet, mei in poadium, trochgongen en dia's dy't heech boppe it publyk projektearre wurde, in karree en sa sit men midden yn it stedsje Grimley (Yorshire) by in koalemyn, dy't mei sluting bedrige wurdt. Dizze driging leit in swiere druk op de bewenners dy't it al net rom hawwe en foar wa't it noch minder wurde sil. Mar se sitte net allinne oer it stoflike yn, ek harren brassband, foar de measten suver it iennichste ljochtpunt yn harren sober bestean, sil wol ferdwine moatte.
Dochs is it krekt dy band dy't dizze produksje sa libben en fleurich makket. De muzikanten komme út alle hoeken wei en slingerje troch de paden en om it toaniel. Harren muzyk klonk prachtich yn myn leke-earen.
De minsken yn it stedsje komme tichter by jin trochdat it wjerfarren fan de famylje Overkamp, ûnderskate mynwurkers, in direkteur en in geologysk ûndersykster yn it stik befrissele wurde. De rol fan dizze lêste, Gloria Muller, dy't in skoftsje út it stedsje wei west hat en har no folslein foar de band ynset en boppedat in solo op har jachthoarn útfiert, wurdt troch Anja Abma treflik spile.
Danny Overkamp is de dirigint. Syn longen binne oantaast troch syn wurkjen yn de myn, dochs set er troch, lykas syn soan Phil, dy't de wjerstân ûnderfynt fan syn frou Sandra. Dy ferwyt him dat er mear foar de band opkomt as foar syn yn earmoede libjende húshâlding. En dan is der noch pakesizzer Tim, in binend elemint tusken de ûnderskate sênes, ferrassend goed spile troch de trettjinjierrige Arjen Zwerver. Regisseur Romke Toering hat fakkundig gebrûk makke fan dit jeugdige talint.
De brassband rêdt it op it lêst net, mar wint al de earste priis op in concours yn de ferneamde Royal Albert Hall. En dat soarget foar spektakulêre slotsênes.
It sukses fan Jorwert is dat fan in hiele ploech spilers mei útelkoar rinnende kwaliteiten. Mooglikheden om rollen út te djipjen binne der net folle, mar wol slagget it benammen Homme Fopma de hieltyd tryster wurdende dirigint Overkamp stâl te jaan.
Jan Schotanus hat de toanielbewurking fan Paul Allan oer de ta ûndergong feroardiele myn yn byldzjende taal, mei sentimint en humor, oerset. Dat men jin de hiele jûn midden yn Grimley suver thúsfielt is mei oan de yn Jorwert debutearjende dekorbouwer Durk Kramer te tankjen.