dêr bekroadzje de jongelju har net om.
Jeugdgedichten? No ja. Mar dêr binne se neat minder om, hear. Miskien sels wol better. Guon fan de gedichten dy't wol hiel dúdlik út it perspektyf fan de jongeren wei skreaun binne, dogge nammentlik wat opfokt oan, ha wat ûnechts: de âldere dy't och sa syn bêst docht om de taal fan de jeugd te praten, bygelyks yn ‘Sweet sweet sa't wy sweve’: ‘You give me power babe / you give me power.’
Sa would be as it foarige gedicht klinkt, sa streekrjocht en sûnder oanstellerij is ‘Fytstas’, mei in moaie tragykomyske pointe: ‘As er wachtsje moat / by it stopljocht / ha ik gelok. / Soms komme ús fytstassen / dan tsjin mekoar oan.’
Wol wat te ferlykjen mei ‘Fytstas’ is ‘Sprakeleas’, in gedicht dat de jeugdige lezer, tink ik, ticht op 'e hûd sit. ‘Fytstas’ is orizjineler, mar ‘Sprakeleas’ omskriuwt in gefoel dat hast elkenien wol herkenne sil: ‘Gewoan sizze / - ik hâld fan dy - / hoe sis ik dat?’
Om in idee te krijen fan wat de jeugd der sels fan fynt, ha ik boppeneamde fersen foarlein oan twa groepkes learlingen út it fuortset ûnderwiis, sân learlingen út in ûnderbougroep (13-14 jier) en seis learlingen út in boppebougroep (17-18 jier), beide út
havo en
vwo. Seis of sân learlingen, dat is te min om te konkludearjen dat harren miening represintatyf is, dat wit ik ek wol en dy pretinsje ha ik dus ek net, it giet hjir om net mear of minder as de miening fan
dizze seis en
dizze sân learlingen. De boppebougroep ha ik ek noch trije fersen foarlein út
Kom mei in koer. Ik wie benijd oft de wurdearring foar dy gedichten wol of net oars útfalle soe as foar de fersen út
Lokaal 13. Ik ha de gedichten sûnder útlis of kommentaar oan de learlingen foarlein en se mochten net meiinoar oerlizze. Der koe keazen wurde út fjouwer
Twa siden út Lokaal 13
beoardielingen: neat oan / giet wol / wol moai / prachtich.