Libbenselikser
Jitske Kingma
Feest
Hy hie my frege wat earder op it feest te kommen. Doe't ik kaam wie er nergens te bekennen. Der hongen allegear ûndúdlike figueren om, dy't my de doar wol út sjen woene.
Ik sei tsjin it selskip: ‘Hallo, ik kom foar Jaco.’ Se seagen my oan as woene se sizze: ‘Wat dochst hjir, it feest is moarn.’
‘En ik moat ek nei it húske.’
‘Dat kin net, ik haw alles krekt skjinmakke,’ sei in jonge fan in jier as achttjin, dûns op 'e boppelippe, smoarch t-shirt oan mei de tekst ‘En een in de oven’ mei in pylk nei ûnderen. Ik wrotte my by de karre mei skjinmakspul lâns dy't er der gau foarskood hie. It ljocht die it net en der wie gjin papier.
Ik besleat, mar ta te pakken. Der moast noch in soad gebeure, seach ik wol. Jaco syn spullen, dêr moast ik my earst mar oer ûntferme. Ik rûn in kear as tweintich de trep op en del om se nei ûnderen ta te bringen. Krekt doe't ik myn noas ûnder de earm stuts om te rûken oft myn parfum echt kompleet ferslein wie, rôp Jaco: ‘Wat fijn datst der bist.’
Hy joech my in pear flechtige tuten, krekt op it smelste stikje fan de trep.
Om my better te fielen naam ik de lieding as ik tocht dat nimmen oars dat die en sette minsken oan it wurk. Jaco seach ik no en dan even foarbyfleanen. Ienkear fong ik in glimp op fan syn prachtige brune trainde liif, doe't er in skjin t-shirt oan die.
Flak foar it begjin kaam er op my ta. ‘Der is nimmen oars dy't ik it freegje kin, móatst my helpe. Wolsto de earste oankundiging dwaan, dan nim ik it dêrnei fan dy oer.’
Ik moast der net oan tinke, mar fansels sei ik ja. Hy glimke, pakte myn kin beet, skodde dy hinne en wer en aaide my eefkes oer de rêch. Ik pakte de mikrofoan, makke allegear flauwe grapkes en krige de seal oan it laitsjen. Midden yn in smartlap en krekt in minút te gau kaam Jaco op in brommerke de seal ynriden, klaaid yn in gek pak. Hy ried streekrjocht nei de winner fan in priisfraach, mar de miskende sjonger makke earst dien.
By de presintaasje fan it sjongfestival knypeage Jaco iderkear nei my. Ynienen stie er njonken my, krûpte my eefkes oan en seach my djip yn 'e eagen. ‘Ik bin sa bliid datst by my bist, oars hie ik it nea úthâlden.’
‘Mar wêrom is dit feest sa wichtich foar dy?’
‘Sjochst dy man dy't dêr stiet? En dy? En dy? Minsken dy't ik nedich haw om by oan te klopjen foar kapitaal. As ik myn frou de doar útwurke haw kostet se my noch mear jild as dêrfoar. As ik de goeie fammen winne lit, dan win ik sels ek.’
Ik sei dat ik fuort moast en krige sa'n aai-knypke dêr't hy it patint op hie. Ienkear bûten woe ik daliks wer omkeare. Hy joech my it gefoel dat er net sûnder my koe. Mar hy wie altyd ûnberikber, oft ik no al of net by him wie.
By it stasjon stie ien fan de ferliezers fan it sjongfestival te wachtsjen op 'e trein.
‘Wy ha pech, hy is krekt fuort.’
‘Wy ha gelok, wy binne krekt op 'e tiid fuort,’ sei ik en, ynienen moedich, makke ik yn myn geast in ein oan myn ban mei dizze man. Ik seach it famke oan. Hy hie net genôch belang by har om har winne te litten. Mar se wie wol de bêste. Fierwei.