ferhaaltsjes oer pratende bisten fan syn (eks) frou lêst. ‘Heimwee’ nei jeugdlân. It begryp ‘jeugdlân’ wurdt beskreaun yn Grootbrengen door kleinhouden (1984) troch Lea Dasberg. Bottema seit it sa: ‘Dat leave lytse wrâldsje dêr't dy bisten yn libje, it is dêr sa smûk en sa oersichtlik.’ (s. 73)
Marten wol it leafste werom nei de koken fan it âldershûs, dêr't syn mem lekkere hapkes foar him makket. Hy hat der muoite mei him oan te passen en rekket syn wurk as learaar kwyt. Hy, dy't neat oandoart, mar mei drank op ta wûnders by steat is, moat no einliks ris learn to fly.
In moai konstruearre karakter, ôfset tsjin dat fan Foppe, dy't eartiids Marten wat oerhearske. Op Foppe syn inisjatyf hawwe se tegearre yn har bernetiid Jelco Hannema gauris te pakken. En dêrom wol de ‘ik’ Jelco yn in episoade fan it boek in helderol spylje litte, om it wat goed te meitsjen.
Al wer moai fûn.
Mar wat oan dit boek it measte respekt ôftwingt is de komposysje. It is in ‘rûn’ ferhaal, it begjint der mei dat it lyk fan Foppe fûn wurdt. Dan giet de skriuwer yn de tiid werom en wurdt bytsje by bytsje út de doeken dien wat der bard is en sa komme jo stadichoan wer yn it no. It is skreaun fan trije ferskillende posysjes út.
Der is in soarte fan alwittend ferteller, dy't ferslach docht fan hoe't de Kamstersylsters oansjogge tsjin wat der op de Salverdapleats bart. Dat is op rabjende wize. De lêzer hat allegeduerigen it gefoel dat er noait oan de weet komt wat him echt ôfspile hat, want de ynterpretaasje fan de doarpslju hoecht net de goede te wezen. In lyts part wurdt ferhelle fanút it perspektyf fan ynspekteur Hofstra, dy't sa wat fan himsels sjen lit. Oars wie de lêzer noait te witten kommen dat by it sjen fan in strakke, sterke keardel him de kul yn de kiel kloppe. Om te begripen hoe't soks fysiologysk yn elkoar stekt, sille jo wol man wêze moatte.
It grutste stik wurdt optekene troch in ikferteller, Marten Siderius. It is mooglik dat hy ek de alwittende ferteller is en dat er ferslach docht fan hoe't de doarpsroddels op him oerkamen, mar dêr fine jo net in bewiis fan en foar de ynhâld docht it der net ta.
Sa'n konstruksje makket dat der dûblueres yn de ynformaasje binne, mar dan wol op in oare wize beljochte en dat makket it ferhaal allinnich mar nijsgjirriger. Alles falt oan de ein moai yn elkoar.
It bart ek wol dat Marten yn de ik-stikken in pear kear itselde fertelt. (bg. Op side 91 as de mem wer fertedere is oer it sitten mei de knibbels omheech, wat yn it begjin fan it boek ek al wiidweidich oandacht hân hie.) De funksje dêrfan is net dúdlik, of it moat al wêze dat nochris sein wurde moat dat dy wize fan sitten faker yn de famylje foarkomt. Faaks past it ek by de styl fan Bottema, dy't hjir en dêr wat wiidweidich is.
It aai fan Siderius is de earste roman fan Sjoerd Bottema en syn tredde boek. De hechte komposysje, de iroanyske ferteltrant, de humor en de wize fan sjen nei it libben op it Fryske plattelân, meitsje dat it in orizjineel, goed boek is.