En dan stiet der gjin punt efter dat ‘dreamen’, want dy dream is mei it ferfallen hûs net ferneatige, mar oppenearret him yn it ûnthâld en wreidet him yn dat ûnthâld út ta de dichterlike ekspresje, dy't wy yn dit debút oantreffe.
Om wat tichter by it wurk te kommen wol ik op in pear gedichten wat neier yngean. Earstens it titelfers ‘Ynwijing’. In fers dat fol jeugdich idealisme begjint. In kloft bern ûntdekt by in ôfbaarnde pleats in dobbe, dy't troch de brânwar leechsûgd is. Se meitsje de frosken, dy't yn it lêste stealtsje wetter efterbleaun binne, op in wreedaardige wize dea. Dan klinkt yn de lêste rigels de beskuldiging troch: ‘doe't letter net in frosk mear libbe / droegen wy de wrâld yn kliemske hannen.’ Hannen dy't har oan de ierde besmoarge hiene, en har dêr net wer fan losmeitsje kinne.
Sa'n omkear komt yn dizze bondel faker foar. Lykas yn ‘Sibbe’, dat it kommen ta it dichterskip útbyldet. De dichter leit as in dreamer oan de wetterkant. Dan komt der in damp opsetten: ‘de wrâld feroare yn / in oar' dy't ik net koe / net kenne woe, in lân / fan roppige geasten’. Yn dy feroare wrâld wiek de damp en oppenearre him it dichterskip yn it byld fan twa swannen.
Yn dizze bondel sjocht de dichter gauris werom op syn libben. Op it jeugdlân dat er efter him litten hat. Yn it fers ‘Sjongpaden yn dreamtiid’ sjogge wy de omslach fan it arkadysk ferline nei de werklikheid fan no. Ik set in pear rigels fan it fers efterinoar, rigels dy't de ynhâld yn 't koart gearfetsje: ‘Wekker waard ik mei in dream / noch yn 'e eagen, // fol myn siel / fan lieten foar de stim. // Oant mei 't ûntweitsjen stadichoan / it byld ferfleach, it ljocht fan in oare / sinne oer my foel // Mar gjin meldij kaam oer de lippen, gjin sjongen klonk yn wat no wie.’
Soms is dy omkear tige subtyl fêstlein yn in byld. Lykas yn ‘Omslach’ dat, út it printsje fan de beskriuwing fan it fredige doarp, syn omslach fynt yn de lêste rigel: ‘Yn 'e sleat driuwt in deade hûn.’ It binne fersen dêr't de dichter troch de tsjinstelling fan doe en no, fan suver en skeind, komt ta oardiel.
De bylden meie gauris huverjend wêze, dochs binne it libbensmoedige fersen. Yn it wat slopankelige fers ‘Rite de passage’ (moat ‘Rites de passage’ wêze) stekt de dichter in ôfgrûn oer om hoeden ta in oare libbenssteat te kommen. Yn it tsjustere ‘Dûnsje oer machtige grêven’ wurdt in deade as in doalende geast ta libben roppen. En wat te tinken fan it tige ierdske fers ‘Gers’. Dêryn wurdt it libben fan de minske, lykas yn psalm 103, fergelike mei gers. Mar oars as yn de psalm, behâldt it gers, nei't it meand en ta hea wurden is, syn spankrêft. De psalmdichter seit oer de minske: ‘Mar strykt de wyn der oerhinne / dan is er al wei, / en op it plak dêr't er stien hat, / kenne se him al net mear.’ De dichter fan dit fers seit: ‘Al sill' se ús yn sweeën lizze om ta hea / te kearen: trêdzje ús, wy sille fearje’ - As dat gjin optimistysk minskbyld is, wit ik it net mear.
Fierder steane der yn de ôfdieling Fjochtgroppe in tal leafdesfersen, oer de leafde ta see en lân, de leafde fan de falske frou yn ‘Nei de weagen’ en de rop fan de ferliedster yn ‘Sirenerop’. It hechte fers ‘Oan 'e toppen fan myn fingers’ jout wer wat leafde yn in duorjende ferhâlding betsjut. Mar ek it byld fan de see dy't kopulearret mei it lân yn ‘Har wiete lea foldien’. See en lân, mar ek it bertedoarp spylje in wichtige rol yn it wurk fan Schoorstra.
Yn it gedicht ‘Sibbe’ stean de twa swannen foar skientme en graasje. En by alle frijheden stribbet Willem Schoorstra dêr ek nei. It liket my ta, hy is in sliper en in bouwer, dy't mei in enjam-