Trotwaer. Jaargang 33(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 338] [p. 338] Eric Hoekstra De urn Ik wie ferstruid op de wyn fan de wrâld. De kop rûn oer en ik motte it sie fan myn tinzen op 'e tegels. Och dy horizontale sarken om my hinne. Mocht ik de bewûndering fan it fleis dat op har bonken libbe mar bewinne. Ik reizge en seach want myn eagen speurden as astronomyske teleskopen yn de lege heelallen fan de gnomen om my hinne, mar ik wie sels it ynsekt mei eagen op stâltsjes, myn ûnaaiber fel it ferfpalet. Myn tinzen pasten net yn de urn fan myn holle. Ik wie ferstruid op de wyn fan de wrâld. [pagina 339] [p. 339] Graffity Is dat it lêste geheim? Ik haatsje Alles. Alles besmet mei it iene firus: ferealens op de alderslimste fijân. Dy moast dy earst miskenne dan ferachtsje. De binten fan it hielal sil' earder boarste as dat dy beide bisten inoar omearmje. Soit. Ik ha in byld foar har boud, yn de heimlikste tún fan myn tinzen. Nachts spuitsje ik har graffity op de lea. Mei obsene wurden en ferachting hâld ik ús beiden yn in wiffe hân. Vorige Volgende