‘Mar it kin dochs op in hiele oare manier skreaun wurde? It hoecht net op dy film te lykjen. Ik ha dy film lykwols noch noait sjoen.’
‘Dat wie dan ek gjin b-film, mar in d-film.’
‘En dêr bisto gek op.’
‘Moatst net klierich wurde.’
‘Do bist klierich, do wolst net iens harkje nei myn ideeën.’
‘Mei jatwurk komme wy der net.’
‘Ik wist ferdomme net iens dat der al sokssawat bestie. Mar ja, it is dan ek gjin klucht. In d-klucht.’
‘Jimme moatte mar wat byprate’, hie er sein. ‘Gean mar nei de Herberch of sa.’ Tankber hie sy de mooglikheid oangrepen om mear as tweintich jier yn te heljen.
‘Lit my earst mar wat fan de stêd sjen’, sei er. Earm yn earm rûnen se troch de strjitsjes. It wie kâld. Sa no en dan wiisde sy in moaie gevel oan.
Hy hie syn oandacht allinne by har.
‘Fertel ris oer dyn houlik’, frege hy. Sy fertelde him yn in nutshell oer alle hichtepunten. Bern, karriêre, in pear humoristyske mâlfiten. Hy wie krekt as eartiids in oandachtige harker.
‘Dat hasto altyd hân, wêrst ek bist, bart der wat, do ropst it oer dy ôf. Hast altyd it middelpunt west.’
‘Ik krij fan dy in ego as in gymnastyklokaal’, lake sy.
‘By my kabbelet it wat.’
‘Rêstich wurd, kabbelje’, sei se.
‘Ja, mar dêr wurdt it net minder ientoanich fan. Hoewol, ik ha besocht om har bern út har earste houlik sa goed mooglik grut te bringen, mar mei de âldste brekt it my by de hannen om't ôf. Dêr wol ik it oars net oer ha. Ik bin hjir foar dy. Kom op, wy gean dy kroech yn. Hoe hyt it pleatslike dranklokaal ek al wer? De Herberch? Dan moatte wy dêr wêze.’
‘Okee, net in klucht, do seist it mar.’
‘No dan, wy hawwe twa minsken dy't hast út 'e lytse bern binne. Se lykje noch hieltyd fereale op mekoar, mar dan treft hy of sy in âlde leafde, dy't sels ek troud is, mar dy't yn al dy jierren syn of har âlde leafde net ferjitte kin.’
‘En dan moetsje se mekoar en fan dat stuit ôf giet it kast yn, kast út, doar yn, doar út.’
‘Wa is hjir no net serieus.’
‘Do mei dyn stoel, moat ik dy wol earnstich nimme en...’
‘Do mei dyn kasten en doarren ek.’
‘Witst wat it mei dy is, do wolst dat stik net mei my skriuwe. Do besikest it net iens. Neffens my hasto hiele oare dingen oan 'e kop.