Oebele Naneur
Wadmania (2)
J.J. Hof syn dichterlike filippika, yn july sitearre yn dit rubrykje, hat yn juny 1947 stien yn it moanneblêd It Heitelân, ûnder haadredaksje fan prof. dr J.H. Brouwer.
Under Hof syn pripper stie in rûfeltsje oare gekoanstekkers, nammentlik de ‘13 kwatrinen by de dea fan de dichter Anne Wadman’ fan de hân fan Geart Jonkman - in dúdlike ferwizing nei de ‘Kwatrinen by myn dea’ yn Wadmans earstlingsbondel Op koart front. Gong it haadredakteur Brouwer dochs wat te stoef? Yn alle gefallen gong der fan redaksjewegen oan de bydragen fan Hof en Jonkman dit kwatryn foarôf:
Mar tink: 't Is soms it minste net
Dêr't bij en bist it skerp op set.
Oer hoe't de jonge master op ien en oar reagearre hat in oare kear mar ris.
Freark Dam