Utpraat
Skriuwen is foar my net wichtich mear, der stiet neat mear op it programma. Dat wie 25 jier lyn hiel oars. Ik woe doe, behalven in rige fan acht boeken oer Dynte/Nier dien meitsje, ek in sabeare Fryske skiednis skriuwe nei it foarbyld fan Sellar en Yeatman har 1066 And All That, mar dan op eigen wize. Ik woe begjinne mei de Slach by Warns en ophâlde mei Kneppelfreed. De titel fan it boek soe 1345 En Dêrnei wurde. Fierders wie ik noch fan doel in komyske grizelman te skriuwen, fan it soart dat de Ingelsen ‘gothic novel’ neame, dy't yn de achttjinde ieu spile. Mar mei Dynte/Nier rûn ik wat fêst, want ik woe fariaasje yn dat stramyn oanbringe. Doe haw ik in needgreep tapast. It idee foar dy kolderskiednis is ynpast yn de besteande rige en sa is as fiifde diel Hertenfrou en Skoppenboer ûntstien, dat oer de Slach by Warns en oer Dynte en Nier giet. De grizelroman soe dan it sânde diel wurde, mar der is neat fan op 'e hispel kaam.
In pear jier letter hie 'k al yn 'e gaten dat it him net wurde soe. Ik hie der inkeld wat oantekeningen foar makke. Yn 1986 ferskynde it seisde diel, Frouljusgambyt en dêrnei hie ik gjin nocht mear om de rige ôf te sluten. Mar yn 2000, nei it trochwurkjen fan Komme dy kepers? en Boef fan Rys, krige ik dochs wer oanstriid om de rige ôf te breidzjen. Ik hie fan earder noch wat losse notysjes en mei in bytsje plundering fan de oantekeningen foar de grizelroman haw ik doe it sânde en lêste diel Kâld keunstje skreaun.
Kâld keunstje, it is definityf it lêste diel fan de rige. It stie my fyftjin jier lyn al sa'n bytsje foar eagen. De alliteraasje fan de letter
k yn de titel komt ek yn de titel fan it earste diel foar. Mei-inoar foarmje de dielen eins ien gehiel fan seis sabeare misdiedboeken, mei in tuskenspul fan ien sabeare histoaryske roman. Myn foarstelling
Portret skildere troch Sjoerd de Vries (1989). (Syb Braaksma/argyf flmd)
is ôfrûn. Ik haw foar en mei de lêzer in spul spile. Wat ik wolris witte wolle soe is hokker spul it lêzerspublyk it aardichst fûn hat en hokker it ferfelendste en yn folchoarder wat dêrtusken leit. Gjin hitlist fan ferkeapsifers en gjin ferantwurding foar de kar derby.
Literêr bin ik mei neat mear dwaande. Allinnich sil ik foar mysels It moaiste famke fan Antarctica noch redigearje. Dat hie ek in wat pitertuerlike typografy dy't der by it printsjen net útkommen is. En wat feroaringen yn 'e tekst dy't likemin yn it boek oanbrocht binne. Dy wol ik, no't de rige kompleet is, dochs even