Altyd wat!
Tr. Riemersma
Baafjes
Dyn en ik hawwe de helte fan it Pieterpaad rûn, fan Maastricht oant Vorden. Tige ûntspannend, moat ik sizze, jo hele boeltsje op 'e bealich, in lunchpakket en in fleske wetter mei en gjin oare noeden as de blierren.
Ik hie hope, miskien as ik my losmeitsje fan 'e KU en fan it bûtenomfervjen en mar domwei troch de natoer rin, miskien waait my wol wat literêrs oan. In idee foar in boek, want ik ha yn in jier net skreaun.
Mar ik bin yndied domwei 250 km achter Dineke har kont oansjoud en ik haw ek gjin oare gedachten hân as dy kont. No ja, in mins moat himsels akseptearje: ‘It libben fan 'e geast wjukt my te heech.’
Dochs wat literêrs. Yn Swolgen, dêr't wy oernachten yn in wat te saaklik opsette bêd en brochje-bedoening, stie op it papier mei ynstruksjes ek fermeld dat de dichter B. Aafjes hjir begroeven lei. ‘Baafjes’ neamden wy him op 'e kweek te Dokkum. Ik wie de moarns ier en betiid wekker en ik strúnde nei it tsjerkhôf. Ik fûn it grêf yn in wat leger lizzend part fan it tsjerkhôf, lyk tsjin 'e muorre oan. Syn frou lei dêr ek, Tine, leau 'k. Der stie in leaf, neatsizzend sonnet op 'e stien. By de breatafel haw ik frege oft Aafjes miskien yn ‘ûnwijde grûn’ begroeven wie, om't er in foet leger lei. Nee, nee, dat wie in lettere útwreiding fan it tsjerkhôf. Dat hie 'k al ornearre.
Letter, wer achter Dineke har khaki-kont, tocht ik: wa wie dy oare roomse kwibus ek al wer? It hat my oeren koste, doe wist ik it: Anton van Duinkerken, pseudonym fan Prof. Dr. W.J. M.A. Asselbergs, ‘een berg die helemaal niet bestaat’, hat W.F. Hermans ea skreaun, en dat is in treflike opmerking, want dy Asselbergs hat op literêr mêd neat prestearre dat de muoite wurdich is. ‘De poëzie van Van Duinkerken is meer merkwaardig dan belangrijk’, skriuwt Prof. Dr. C.G.N. de Vooys yn dat ferskriklike boek fan him dat wy foar de literatuerlessen brûkten, de Historische Schets van de Nederlandse Letterkunde, 23e pr., 1955. In pakhús fan feiten mei in yndeling dy't mear mei it leauwe as mei de literatuer noadich hat: ‘Andere katholieke auteurs’, ‘Andere Protestantse auteurs’, ‘Andere socialistische schrijvers’. Wêrom moasten wy yn fredesnamme leare fan dy Asselbergs en fan Baafjes (Lambertus Jacobus Johannes Aafjes), dy't lykas Asselbergs in skoft op it seminaarje omtoarke hie en sa noadich wat yn 'e literatuer bepiele moast? De man is nei Rome rûn en hat dêr in fers oer skreaun. So what? Mei in pear goeie skuon en trije pear wollen sokken kin ik dat ek wol.
Ik tink, se hawwe ús dêr yn Dokkum behoedzje wollen foar de ferdjerlike ynfloed fan Slauerhoff en Marsman, dy't - mar dat haw ik net by De Vooys weromfine kinnen - oantsjut waarden as de ‘jonge paganisten’. Dat noait, op in griffermearde kweek, dan leaver sloppe roomse flut.
Gelokkich hat it gjin bliuwend kwea dien. Yn J.P. Janzen syn boek En gjin ein lies ik dat hy opbrocht is mei Jacqueline E. van der Waals: ‘Ik keek in de gouden heerlijkheid van een najaarslaan.’ Gekke tutte, wa docht soks no? Mar sa te sjen hat Jan Pieter dêr neat fan oerholden, likemin as wy fan 'e griffermearde kweek. Twa optimistyske konkluzjes: 1. Opfieding hellet net safolle út. 2. De minsklike geast hat in grut selsreinigjend fermogen.