Oebele Naneur
Juffer K
Doe't wy jierren herwaarts by de útjouwerij Laverman de kopij fan Tiny Mulder har bondel Juffer Kuorkebier oanbean krigen stuite de foarnommen útjefte op ien beswier. De titel soe nammentlik Juffer Kirkenier wêze en fansels droech it moaie titelfers dy namme ek. Wy by Laverman, altyd wat hoeden en wat mijen, realisearren ús dat der yn Beetstersweach deunby in risnabele famylje mei in allyksa risnabele Juffer fan dy namme wenne dy't wy net op it sear komme woenen. Tiny Mulder hie begryp foar ús betinken. Royaal en ynvintyf as altyd soarge hja op slach foar in brûkber alternatyf. En sa is it dus Juffer Kuorkebier wurden. En sa is dat suksesboekje doe de wrâld yngien.
Doe't ik yn de hjerst fan 1957 foar ús útjouwerij de wenstige oanbiedingsreis oangean soe by de Fryske boekhannels lâns, riisde der noch in oar beswier. Dy Juffer Kuorkebier, troch Meinte Walta sa treflik-karikaturaal op it omslach ôfbylde, like op dat printsje wol as twa drippen wetter op ien fan ús klanten, in alderaardichst minske dy't earne yn Noardeastlik Fryslân in boekwinkeltsje dreau dêr't ik elke hjerst steefêst persoanlik saken mei besocht te dwaan. Ik haw it dus net oandoarst, har op dy reis mei ‘har’ portret op it omslach fan Juffer Kuorkebier te konfrontearjen en haw it presintaasje-eksimplaar yn 'e tas hâlden...
Freark Dam